Bernhard Munniks (Ankum (Nedersaksen), 8 jannewaris 1696 - De Jouwer, 15 augustus 1776) wie fan 1739 - 1776 gritenijsekretaris fan de gritenij Haskerlân.

Bernhard Munniks waard berne yn it Dútske Ankum, as soan fan Caspar Monnick (1663-1729). Bernhard Munniks troude op 3 july 1729 yn De Haach mei Magdalena Leffringh (De Jouwer, 9 novimber 1709 - dêre, 31 july 1770).Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek (NNBW) diel 4genealogy fan it laach MunniksNeffens in oare boarne troude B.M. 24-7-1729 en ferstoar op 4-10-1776 en soe M.L. berne wêze op 29-3-1705 Se krigen sân bern, harren seisde bern wie de gelearde Wynoldus Munniks. Bernhard waard op 10 maart 1736 beëdige as earste klerk en kastlein fan it gemeentehûs yn Ljouwert.

Sjoch ek List fan Gritenijsekretarissen fan Haskerlân

Kategory:Gritenijsekretaris Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan stoarn op De Jouwer Kategory:Persoan berne yn 1696 Kategory:Persoan stoarn yn 1776