Philip (Philippus) Hugo Vegelin fan Claerbergen (Ljouwert, 1 septimber 1669 - dêre, 9 juny 1705) wie fan 1687 - 1689 gritenijsekretaris fan Haskerlân.
Philip wie de twadde soan fan Philip Ernst Vegelin fan Claerbergen (1613-1693) en Josina Ruisch van der Eng (± 1630-1700).Genealogy Syn âldere broer wie Frederik Vegelin fan Claerbergen (1667-1713).
Philip troude op 1 jannewaris 1702 yn Britsum mei Rinske Hindriks fan Wyckel (1678-1727). Harren soan wie Philip Ernst Vegelin fan Claerbergen. Philips stoar trije jier nei de berte fan syn soan, op de leeftyd fan 35 jier.
Sjoch ek List fan Gritenijsekretarissen fan Haskerlân Oer it laach Vegelin fan Claerbergen
Kategory:Fryske adel Kategory:Gritenijsekretaris Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Vegelin van Claerbergen Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1669 Kategory:Persoan stoarn yn 1705