Chesty Puller (wiere namme: Lewis Burwell Puller; West Point (Firginia), 26 juny 1898 – Hampton (Firginia), 11 oktober 1971) wie in Amerikaansk marinier dy't focht yn 'e Banane-oarloggen (yn Sintraal-Amearika en op Hispanjoala), yn 'e Twadde Wrâldoarloch en yn 'e Koreaanske Oarloch. Hy wie de meast ûnderskate militêr yn 'e skiednis fan it Amerikaanske Marinierskorps, dy't û.m. fiif kear it Navy Cross wûn, trije kear de Air Medal en sawol in Distinguished Service Cross as in Purple Heart.

Begjin 1920-er jierren naam Puller diel oan 'e Amerikaanske besetting fan Haïty, en ein jierren tweintich, begjin jierren tritich oan 'e Amerikaanske besetting fan Nikaragûa. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch focht Puller yn 'e Stille Súdsee tsjin 'e Japanners, wêrby't er lange tiid behelle wie yn 'e Slach om Guadalcanal, yn 'e Salomonseilannen. Letter joech er lieding oan 'e Amerikaanske ferovering fan Peleliu, in eilân yn 'e arsjipel fan 'e Karolinen, wat ien fan 'e bloedichste slaggen wie dêr't it Amerikaanske Marinierskorps ea by belutsen west hat. Yn 'e Koreaanske Oarloch naam Puller û.m. diel oan 'e riskante lâningsoperaasje by Inchon. Hy swaaide yn 1955 ôf mei de rang fan luitenant-generaal.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Puller waard yn 1898 berne yn West Point, yn 'e Amerikaanske steat Firginia, as de soan Matthew Puller, in winkelman, en dy syn frou Martha. Syn heit kaam te ferstjerren doe't er tsien jier wie. Puller waard grutbrocht mei de ferhalen dy't âlde feteranen út 'e Amerikaanske Boargeroarloch yn 'e winkel fan syn âldelju fertelden oer de oarlochshelden fan 'e Konfederaasje, lykas Stonewall Jackson en Robert E. Lee. Dat late derta dat in jonge Chesty Puller yn 1916 besocht om tsjinst te nimmen yn it Amerikaanske Leger, sadat er meifjochtsje koe yn 'e Grinsoarloch mei Meksiko. Hy wie doe lykwols noch net mearderjierrich en hie sadwaande ferlet fan 'e tastimming fan syn mem, en dy woe dêr neat fan witte.

Nei't er achttjin jier wurden wie, skreau Puller him yn oan it Militêr Ynstitút fan Firginia, mar yn augustus 1918 briek er syn oplieding dêr ôf. De Earste Wrâldoarloch rûn op 'e ein, en hy wie bang dat it fjochtsjen dien wêze soe ear't er ôfstudearre wie. Ynspirearre troch de ferhalen oer wat it Amerikaanske 5e Mariniersrezjimint yn 'e Slach by de Belleaubosk út 'e wei set hie, melde er himsels as rekrút oan by it Amerikaanske Marinierskorps. Hy waard oannommen as sljochtwei marinier en folge in algemiene oplieding yn it Rekrutedepot fan Marinierskorps Parris Island, yn Súd-Karolina. Dat duorre likegoed noch 'te lang', sadat Puller nea ynset waard yn 'e Earste Wrâldoarloch. Ynstee died er oanslutend in oplieding foar ûnderofsier, wêrnei't er oan 'e Ofsier-Kandidateskoalle (OCS) yn Quantico trochlearde foar ofsier. Dêr studearre er yn juny 1919 ôf, wêrnei't er mei de rang fan twadde luitenant oan 'e militêre reserve tafoege waard.

Militêre karriêre Ynterbellum Tsjin 'e tiid dat Puller foar de ofsiersoplieding slagge, wie de Earste Wrâldoarloch foargoed foarby. Fan gefolgen moast it Amerikaanske Marinierskorps ynkrimpe, en sadwaande rekke Puller syn ofsiersrang kwyt. Earst krige er tsien dagen lang in non-aktive status, en dêrnei waard er yn rang weromset nei korporaal. Koarte tiid letter waard er oersee stjoerd nei Haïty, in lân dat fan 1915 oant 1934 ûnder in Amerikaanske besetting suchte yn it ramt fan 'e Amerikaanske Banane-oarloggen yn Sintraal-Amearika en op Kuba en Hispanjoala. Puller waard dêr mei de tydlike rang fan luitenant tafoege oan 'e Sjendarmery fan Haïty. Yn dy hoedanichheid naam er tusken 1919 en 1924 diel oan mear as fjirtich militêre operaasjes tsjin 'e Caco-rebellen. Yn dyselde tiid besocht er twaris om 'e noch om syn ofsiersrang yn it marinierskorps werom te krijen. Yn 1922 tsjinne er in skoft as adjudant fan majoar Alexander Vandegrift, dy't letter kommandant fan it Amerikaanske Marinierskorps wurde soe.

Begjin 1924 waard Puller weromroppen nei de Feriene Steaten, dêr't er op 6 maart fan dat jier einlings en te'n lêsten wer de rang fan twadde luitenant weromkrige. Neitiid waard er efterinoar stasjonearre op 'e mariniersbasis yn Norfolk (Firginia), oan The Basic School yn Quantico (Firginia), en by it Amerikaanske 10de Mariniersrezjimint, ek yn Quantico. Yn july 1926 waard er oerpleatst nei it Marinestasjon Pearl Harbor, yn Hawaï, en yn 1928 waard er jitris oerpleatst, diskear nei de mariniersbasis yn San Diego, yn súdlik Kalifornje.

Yn desimber 1928 waard Puller, op 'e nij yn it ramt fan 'e Banane-oarloggen, útstjoerd nei Nikaragûa, yn Midden-Amearika, dat fan 1912 oant 1933 krekt as Haïty beset holden waard troch de Feriene Steaten. Hy waard dêr tafoege oan in ôfdieling fan 'e Nikaragûaanske Nasjonale Garde. Tusken 16 febrewaris en 19 augustus 1930 fierde Puller syn manskippen oan yn fiif oanfallen efterinoar, eltse kear tsjin in oermacht fan wapene banditen. Dêrfoar waard him neitiid syn earste Navy Cross takend. Yn july 1931 kearde er werom nei de Feriene Steaten, dêr't er yn Fort Benning (Georgia) de ienjierrige ferfolchoplieding foar ofsieren folge. Nei't er dy mei goed gefolch ôfrûne hie, tsjinne Puller fan 20 septimber 1932 oant 1 oktober 1933 op 'e nij yn Nikaragûa. Dêr hied er de lieding oer de Amerikaanske mariniers en Nikaragûaanske nasjonale gardisten yn it lêste grutte treffen fan 'e Sandinistyske Rebûlje: de Slach by El Sauce, op 26 desimber 1932. Foar syn rol dêre ûntfong Puller neitiid in twadde Navy Cross.

Nei't er op 'e nij weromkeard wie yn 'e Feriene Steaten, waard er útstjoerd nei Sina, dêr't er it befel krige oer it mariniersdetasjemint dat taheakke wie oan 'e Amerikaanske legaasje te Peking. Letter tsjinne er ek oan board fan 'e USS Augusta, in kruser fan 'e Amerikaanske Aziatyske Float, mei as kaptein de lettere admiraal Chester W. Nimitz. Yn juny 1936 kaam Puller werom yn 'e Feriene Steaten, dêr't er oansteld waard as ynstrukteur oan The Basic School yn Philadelphia. Yn maaie 1939 gied er mei de rang fan majoar werom as kommandant fan it mariniersdetasjemint oan board fan 'e USS Augusta. Nei't er in skoftke yn dy hoedanichheid tsjinne hie, waard er nei Sina stjoerd, dêr't er fan maaie 1940 oant augustus 1941 yn Sjanghai tsjinne as befelhawwer oer it 2e Bataljon fan it Amerikaanske 4e Mariniersrezjimint (2/4). Nei in perioade fan ferlof krige Puller doe, koart foar't de Feriene Steaten troch de Japanske oanfal op Pearl Harbor belutsen rekken by de Twadde Wrâldoarloch, it befel oer it 1e Bataljon fan it 7e Mariniersrezjimint (1/7), in ûnderdiel fan 'e Amerikaanske 1e Mariniersdifyzje, dy't legere wie op it Loftstasjon fan it Marinierskorps New River, yn Noard-Karolina (letter omneamd ta Camp Lejeune).

Twadde Wrâldoarloch Yn it foarjier fan 1942 waard it 7e Mariniersrezjimint, dêr't Puller syn bataljon ta hearde, by de nije 3e Mariniersbrigade foege. Dy waard útstjoerd om West-Samoä, in Nijseelânske koloanje, te ferdigenjen tsjin in mooglik Japanske oanfal. De brigade arivearre dêr op 8 maaie. Letter waard it 7e Mariniersrezjimint wer fan 'e 3e Mariniersbrigade losmakke, en op 18 septimber 1942 waard it rezjimint oerpleatst nei it eilân Guadalcanal, yn 'e Salomonseilannen, in Britske koloanje yn 'e Stille Súdsee. Op Guadalcanal waard it rezjimint wer opnommen yn 'e 1e Mariniersdifyzje. Op it strategysk leine eilân fûn fan augustus 1942 oant febrewaris 1943 de bloedige Slach om Guadalcanal plak tusken de Amerikaanske mariniers en Japanske troepen.

Puller, ûnderwilens befoardere ta luitenant-kolonel, late koart nei syn oankomst op Guadalcanal syn bataljon yn in ferbiten gefjocht oan 'e Manatikau. Yn dy striid rêde Puller troch fluch tinkwurk trije fan syn kompanjyen fan 'e ferneatiging doe't dy besingele rekken troch in gruttere Japanske legermacht. Puller draafde nei de kust ta, seinde de Amerikaanske torpedoboatjager USS Ballard om help en liet doe syn besingele troepen yn lâningsfartugen evakuëarje wylst de kanonnen fan 'e torpedoboatjager dekkingsfjoer ôfjoegen.

Letter yn 'e Slach om Guadalcanal wie Puller syn 1e Bataljon fan it 7e Mariniersrezjimint ien fan twa Amerikaanske ienheden dy't yn 'e saneamde Slach om Henderson Field yn 'e nacht fan 24 op 25 oktober 1942 it fleanfjild Henderson Field ferdigenen tsjin in hiel Japansk rezjimint. (De oare Amerikaanske ienheid wie it 3e Bataljon fan it Amerikaanske 164e Ynfanteryrezjimint fan it Amerikaanske Leger.) De fjildslach duorre likernôch trije oeren, wêryn't oan Amerikaanske kant 70 man útskeakele waarden, wylst fan 'e Japanners 1.400 man sneuvelen. De Amerikanen beholden boppedat it besit fan it fleanfjild. Foar syn optreden yn 'e Slach om Henderson Field, krige Puller neitiid syn trêde Navy Cross.

Op 9 novimber rekke Puller licht ferwûne by in skermutseling. Koarte tiid letter waard er befelfierder fan it hiele Amerikaanske 7e Mariniersrezjimint. Yn dy hoedanichheid naam er fan 26 desimber 1942 oant en mei 19 jannewaris 1943 diel oan 'e Slach by Cape Gloucester, dêr't er syn fjirde Navy Cross foar wûn. Yn dy fjildslach, doe't de bataljonskommandanten fan it 3e Bataljon fan it 7e Mariniersrezjimint en dy fan it 3e Bataljon fan it 5e Mariniersrezjimint swier ûnder fjoer kamen te lizzen, late Puller eigenhandich in súksesfolle oanfal op in swier fortifisearre Japanske posysje.

Op 1 febrewaris 1944 waard Puller befoarder ta kolonel, en oan 'e ein fan dy moanne wied er beneamd ta kommandant fan it Amerikaanske 1e Mariniersrezjimint. Yn septimber en oktober fan 1944 hie Puller de lieding oer de Amerikaanske troepen yn 'e Slach om Peleliu, wêrby't besocht waard om it eilân Peleliu, yn 'e arsjipel fan 'e Karolinen (no ûnderdiel fan Palau), op 'e Japanners te feroverjen. Troch brekme oan tiid en munysje hiene de besjittings fan it eilân troch de Amerikaanske Marine net folle úthelle, dat doe't de mariniers oan lân giene, waarden se opwachte troch 10.000 swierbewapene en goed tariste Japanske soldaten, dy't har yn it ûne-hjitte klimaat mank steile koraalkliffen en amper begeanbere mangrovemoerassen yngroeven hiene. Nei de slachting dy't de Japanners op it strân ûnder de mariniers oanrjochten, oardere Puller in rige frontale oanfallen op 'e kliffen en dêrnei op in skerptoppige heuvelrêch dy't de Amerikanen de namme Bloody Nose Ridge joegen. It 1e Mariniersrezjimint ferlear dêrby 1.749 man fan likernôch 3.000, mar Puller joech net op, en úteinlik moast er troch de kommandant fan 'e 1e Mariniersdifyzje oardere wurde om syn tehavene rezjimint út 'e striid werom te lûken.

Puller ûntfong neitiid foar syn oandiel yn 'e Slach om Peleliu in ûnderskieding mei it Legion of Merit. Neffens in anekdoate dy't optekene waard yn it boek A Fellowship of Valor: The Battle History of the United States Marine Corps, fan kol. Joseph H. Alexander, USMC (b. tsj.), kaam der op in stuit ûnder de seisdeiske oanfal op 'e heuvels yn panyk in jonge ofsier by Puller, dy't him fertelde dat der sokke swiere ferliezen west hiene dat se no "neat betters as sersjants" mear hiene om lieding te jaan oan 'e pelotons. "Lit my dy wat útlizze, jonge," sei Puller dêrop kalm. "Yn it marinierskorps bestiet der neat betters as in sersjant."Kol. , USMC (b. tsj.), A Fellowship of Valor: The Battle History of the United States Marine Corps, 1997 (Lou Reda Productions).

Yn novimber 1944 kearde Puller werom nei de Feriene Steaten, dêr't er earst it befel krige oer de ynfanterytraining yn 'e mariniersbasis Camp Lejeune yn Noard-Karolina, en twa wiken letter kommandant fan 'e hiele basis waard. Nei de oarloch waard er oansteld as direkteur fan it 8e Reservedistrikt yn New Orleans, yn Louisiana, en letter hied er it befel oer de mariniers dy't legere wiene yn it Marinestasjon Pearl Harbor, yn Hawaï.

Koreaanske Oarloch en neitiid