Prayagraj (útspr.: [pɾəjaːɡɾaːdʒ], likernôch "pruh-jaa-graadzj"), foarhinne (en noch altyd better bekend as) Allahabad, soms ek wol Prayag of Illahabad neamd, is in stêd yn it súdlike part fan 'e Yndiaaske steat Uttar Pradesh. It leit binnen dy steat yn 'e difyzje Prayagraj en is it haadplak fan it distrikt Prayagraj. Yn Prayagraj is it heechgerjochtshôf fan Uttar Pradesh fêstige. De stêd, dy't datearret út 'e Aldheid, leit oan 'e gearfloeiïng fan 'e rivieren de Ganges en de Yamuna, en is ien fan 'e hillichste plakken fan it hindoeïsme, dêr't eltse tolve jier tsientallen miljoenen pylgers gearkomme foar it Kumbh Mela-festival. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie Prayagraj doe in befolking fan goed 1,1 miljoen minsken, wêrmei't it de op seis nei grutste stêd fan Uttar Pradesh is en de op 37 nei grutste stêd fan Yndia. As stêdekloft, dus alle foarstêden ynbegrepen, hie Prayagraj yn 2011 sa'n 1,2 miljoen ynwenners.

Namme De oarspronklike namme fan Prayagraj wie Prayag (útspr. likernôch.: "prajak") of Prayagraj (útspr. likernôch "prajakrazj"). Dy namme is in gearstalling fan 'e Sanskrityske wurden प्र:, pra ("earste") en यज्ञ, yajña ("ferearing" of "offer"). Yn dy letterlike, religieuze, betsjutting wurdt nei de stêd ferwiisd yn 'e Veda's, de âlde hillige geskriften fan it hindoeïsme. Prayag kin lykwols ek "gearfloeiïng fan rivieren" betsjutte (wêrby't de iene rivier himsels ommers 'offeret' oan 'e oare). Yn it gefal fan Prayagraj giet it dêrby om 'e rivieren de Ganges en de Yamuna.

Nei't yn 'e sechstjinde iuw it Mogol-ryk yn noardlik Yndia fêstige wie, soe keizer Akbar de Grutte yn 1575 in besyk oan Prayagraj brocht hawwe, wêrby't er neffens it ferhaal sa ûnder de yndruk wie fan 'e strategyske lizzing fan 'e stêd, dat er der in fêsting bouwe liet. Tsjin 1584 liet er de stêd sels omneame ta Ilahabas, dat "Wente fan God" betsjut. Letter kaam de stêd ûnder Akbar syn pakesizzer Sjah Djahaan Allahabad te hjitten, hoewol't de Britske keunstner James Forbes oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw in pleatslike leginde optekene dy't hawwe woe dat Akbar syn soan Djahangir de stêd Allahabad neamde nei't er om 'e nocht besocht hie om 'e Akshayavat-beam te ferneatigjen.

Tsjintwurdich sprekt men yn 'e stêd sels in protte fan Allahabad, wylst dêrnjonken de foarm Illahabad wol brûkt wurdt, dy't "Wente fan 'e Goaden" betsjut (ynstee fan "Wente fan God"). Fromme hindoes hâlde fêst oan 'e namme fan foar de islamityske ynfallen: Prayagraj. De fûnemintalistyske hindoeïstyske politike partij BJP besocht fan 1992 ôf om fan 'Prayagraj' de offisjele namme fan 'e stêd te meitsjen. Yn 1992 en 2001 mislearre dat, mar yn oktober 2018 wist men de feroaring der einlings trochhinne te drukken. Bûten Yndia wurdt lykwols noch almeast de namme 'Allahabad' brûkt.

Geografy Prayagraj leit yn it súdlike part fan 'e Noardyndiaaske steat Uttar Pradesh, op sa'n 90 m boppe seenivo. De stêd leit oan 'e râne fan 'e Doab-krite, en grinzget oan 'e regio's Bundelkhand yn it súdwesten, Baghelkhand yn it easten en súdeasten, en Awadh (âlde stavering: Oudh) yn it noarden en noardeasten. Yn of fuortby de stêd komme trije rivieren gear: de Ganges, de hillige rivier fan it hindoeïsme, en de Yamuna, mei dêropta de ûnsichtbere Sarasvati, dy't neffens hindoeïstyske leginden opwelje soe út 'e grûn. Behalven troch de rivier de Yamuna wurdt Prayagraj ek midstwa spjalten troch in spoarline dy't yn east-westrjochting troch de stêd rint.

Skiednis Aldheid oant de Renêssânse Yn it ierste tiidrek fan syn bestean waard Prayagraj Prayāga neamd (letter ferkoarte ta Prayag). Ut argeologyske opgravings is oan it ljocht kommen dat op it plak fan 'e hjoeddeiske stêd al yn 'e sânde iuw f.Kr. in delsetting bestie. Letter fêstige de Kuru-dynasty dy't regearre yn Hastinapur (yn 'e neite fan Delly), it stedsje Kaushambi deunby Prayagraj. Wer letter makken se Kaushambi ta harren haadstêd, nei't Hastinapur ferwuostge wie troch oerstreamings. Doe't it ryk fan 'e Kurus omtrint 525 f.Kr. ûnder strûpt wie, waard de Doab-krite, dêr't Prayagraj ta heart, behearske troch it iene ryk nei it oare. Sa makke it fan 'e fjirde oant en mei de twadde iuw f.Kr. diel út fan it Maurya-ryk en fan 'e trêde oant en mei de sechsde iuw (n.Kr.) fan it Gupta-ryk. Oer de pleatslike skiednis fan Prayagraj is lykwols net in protte bekend oant it regear fan 'e Mogol-keizer Akbar de Grutte yn 'e twadde helte fan 'e sechstjinde iuw. Wol is witten dat der oant yn 'e Midsiuwen en mooglik oant yn 'e Renêssânse in beam yn Prayagraj stie, de Akshayavat-beam, dy't in wichtige rol hie yn it hindoeïsme, en troch in diel fan 'e pylgers brûkt waard om ritueel selsmoard te dwaan troch deryn te klimmen en dan tepletter te springen.

Under de grut-mogols Yn novimber 1583 brocht Akbar de Grutte in besyk oan Prayagraj, dêr't er, fanwegen de strategyske lizzing, in grutte fêsting bouwe liet. Ek soed er neffens de kronykskriuwers fan 'e Mogol-keizers de fûneminten lizze litten hawwe foar de bou fan in grutte stêd, mar dêrby sil it earder om in útwreiding fan 'e besteande stêd gien wêze, mei't Prayagraj doe al lang bestie. Akbar wie nei't it skynt wol ferantwurdlik foar it omneamen fan 'e stêd ta Ilahabas, dat tsjin 1584 syn beslach krigen hawwe moat. Under syn pakesizzer Sjah Djahaan waard de namme feroare yn Allahabad. Fierders reorganisearre Akbar syn ryk yn 1580 yn tolve provinsjes, saneamde subah; dêrby foege er de eardere provinsjes Jaunpur, Kara-Manikpur en de krite Bandhogarh gear ta de subah fan Allahabad.

Yn 1602 fêstige Akbar syn opstannige soan prins Salim (letter bekend as Djahangir) him yn Allahabad, dêr't er himsels ta in frijwol ûnôfhinklik hearsker makke. Sa liet er syn eigen namme neame yn it islamityske freedsgebed yn 'e moskeeën en ek liet er syn eigen muntjild slaan. Ek nei't er him koarte tiid letter mei syn heit fermoedsoene hie, bleau Salim noch oant 1604 yn Allahabad te wenjen. Yn 1624 oardere Sjah Djahaan de belegering fan Allahabad nei't er earder Jaunpur ferovere hie, mar de stêd waard ûntset doe't Parviz Mirza en Mahabat Khan it garnizoen te help kamen. Under de Súksesjeoarloch yn it Mogol-ryk wie Allahabad earst trou oan kroanprins Sjah Sjûdja, mar doe't bliken die dat dy de boargeroarloch ferlieze soe fan syn jongere broer Aurangzeb wist de kommandant fan it garnizoen de stêd op 12 jannewaris 1659 freedsum oan fertsjintwurdigers fan Aurangzeb oer te jaan.

De Britske Eastyndyske Kompanjy longere op 'e fêsting fan Allahabad om deselde redens as dat Akbar dy dêr boud hie. Yn 'e Slach by Buxar, yn oktober 1764 en yn 'e Slach by Kora yn maaie fan it jier dêrop waarden de legers fan 'e Mogol-keizer Sjah Alam II, de nawab fan Oudh Sjûdja-ûd-Daula, en de nawab fan Bingalen Mir Kasim ferslein troch de troepen fan 'e Kompanjy. Neitiid waarden as útfloeisel fan it dêrop sletten Ferdrach fan Allahabad yn 1765 foar it earst Britske soldaten yn Allahabad legere. Sjah Alam II moast him nei de nederlagen oerjaan oan 'e Britten en libbe doe seis jier ûnder Britsk tafersjoch yn 'e stêd, as in soarte fan kriichsfinzene of gizelder.

Yn 1771 sette er úteinlik ôf, werom nei syn haadstêd Delly, dy't koart dêrfoar yn Maratyske hannen fallen wie. Sjah Alam II liet de Maraten ferdriuwe troch syn generaal Mirza Nadjaf Khan, mar ûnder Tukoji Rao Holkar en Visaji Krushna Biniwale marsjearre yn 1772 in nij Maratysk leger nei it noarden, dat de troepen fan it Mogol-ryk fersloech by Delly. Sjah Alam II wie doe twongen om 'e Maraten ôf te keapjen troch harren (op papier) it besit fan Kora en Allahabad te jaan. Dêrop ferleine de Maraten harren oandacht nei it nawabskip fan Oudh, dat dy beide gebieten fysyk yn besit hold. Sjûdja-ûd-Daula, dy't yn namme in lienman Sjah Alam II wie, wie lykwols net ree om syn lân op te jaan en frege dêrom de Britten om help. Dy fersloegen de Maraten yn 'e Slach by Ramghat. Neitiid droech Warren Hastings by in ferdrach dat yn augustus en septimber 1773 sletten waard, Kora en Allahabad wer oer oan 'e nawab fan Oudh, foar de priis fan fiif miljoen rupees.

Yn 1798 sleat Saadat Ali Khan II, nei't er troch John Shore op 'e troan fan Oudh holpen wie, in nij ferdrach mei de Britske Eastyndyske Kompanjy, wêrby't er de fêsting fan Allahabad oan 'e Britten oerdroech. Trije jier letter kaam der wer in nij ferdrach tusken Oudh en de Kompanjy ta stân nei't Richard Wellesley drige hie om hiele Oudh mar te anneksearjen. It leger fan Oudh waard doe opheft en ferfongen troch troepen yn 'e tsjinst fan 'e Kompanjy, wylst Rohilkhand, Gorakhpur en Doab (dêr't ek Allahabad ta hearde) troch Oudh ôfstien waarden oan 'e Kompanjy.

Under de Britten Under it bewâld fan 'e Britske Eastyndyske Kompanjy groeide Allahabad út ta in wichtich ekonomysk sintrum foar de hiele regio fan 'e Gangetyske Flakte. Yn 1833 waard it de haadstêd fan 'e Ofstiene en Ferovere Provinsjes, foar't yn 1835 Agra dy funksje oernaam. Doe't yn 1857 de Yndyske Opstân útbriek, joech ek Allahabad him dêrby. De opstannelingen yn 'e stêd stiene ûnder lieding fan Maulvi Liaquat Ali, waans oanhingers de Jeropeeske soldaten yn Allahabad ôfslachten.

Nei't de opstân bloedich ûnderdrukt wie, waard it bestjoer oer Britsk-Ynje de Kompanjy ûntnommen. De koloanje kaam doe ûnder it bewâld fan 'e Britske oerheid te stean. De proklamaasje fan keninginne Fiktoaria dêr't dy feroaring syn beslach yn krige, waard begjin 1858 troch Lord Canning yn it Minto Park yn Allahabad bekendmakke en foarlêzen. Canning, dy't de earste ûnderkening fan Britsk-Ynje wie, rjochte yn Allahabad in heechgerjochtshôf op en fêstige der ek in regionaal plysjehaadkertier. Nei in bestjoerlike herfoarming waard Allahabad yn 1858 de haadstêd fan 'e Noardwestlike Provinsjes, in funksje dy't de stêd behold oant 1877. Teffens wie Allahabad yn 1858 ien dei lang de haadstêd fan hiel Britsk-Ynje. Yn 1877 waarden de provinsjes Agra en Oudh gearfoege ta de Feriene Provinsjes, dêr't Allahabad fan 1902 oant 1920 de haadstêd fan wie.

Allahabad wie ek fan it begjin ôf oan in wichtich plak foar de Yndiaaske ûnôfhinklikheidsbeweging. Yn 1888 waard der al in gearkomste holden fan it Yndysk Nasjonaal Kongres, en tsjin 'e iuwwiksel wie de stêd útgroeid ta in sintrum fan revolúsjonêre aktiviteit. Dat bleau sa yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw, doe't yn 'e wenten fan 'e Nehru-famylje, Anand Bhavan en Swaraj Bhavan, de takomst fan in ûnôfhinklik Yndia útstippele waard, wylst ferskate militante ûnôfhinklikheidsaktivisten yn 'e stêd terroristyske oanslaggen diene op Britske doelen. Ek de ierste siedsjes foar de ûnôfhinklikheid fan Pakistan waarden yn Allahabad plante, te witten op 29 desimber 1930, doe't Allama Muhammad Iqbal yn in taspraak foar in gearkomste fan 'e Al-Yndyske Moslimliga de oprjochting fan in aparte steat bepleite dy't bestean moast út 'e regio's fan Britsk-Ynje dêr't moslims de mearderheid fan 'e befolking útmakken.

Sûnt de ûnôfhinklikheid Prayagraj stiet bekend as de "Stêd fan 'e Premiers", mei't 7 fan 'e 15 premiers fan it ûnôfhinklike Yndia konneksjes mei de stêd hiene (Jawaharlal Nehru, Lal Bahadur Shastri, Indira Gandhi, Rajiv Gandhi, Gulzarilal Nanda, V.P. Singh en Chandra Shekhar). Dyselden waarden òf berne yn Prayagraj, òf studearren der, òf waarden yn it Yndiaaske parlemint keazen foar it kiesdistrikt fan Prayagraj.

Yn 2016 makke de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) yn syn Global Urban Ambient Air Pollution Database bekend dat Prayagraj de op twa nei heechste foarm fan luchtfersmoarging (<2.5 μm diameter) hie fan alle 2.972 stêden dy't yn dat ûndersyk meinommen wiene. De iennichste stêden dêr't it noch minder steld wie mei de lucht, wiene Zabol yn Iraan en Gwalior yn Yndia.

Prayagraj hjoed de dei