It eardere Gemeentehûs fan Haskerlân is in ryksmonumint oan de Midstrjitte 19 op De Jouwer.
It gebou krige by de ynrjochting ta gemeentehûs yn 1858 in (net skildere) neo-klassisistysk oansjen.Monumenten in Nederland. Fryslân(2000), troch: Sabine Broekhoven, Saskia van Ginkel-Meester, Chris Kolman, Yme Kuiper, Ronald Stenvert De foargevel is sân traveeën breed, trije dêrfan foarmje in midden risalyt, dat bekroand wurdt troch in mânsk tympaan. It balkon wurdt droegen troch Ioanyske pylders. Om alle finsters sitte listen. De ûnderste finsters binne healrûn sleatten, de boppeste binne rjochthoekich en hawwe acht ruten. De kroanlist hat triglyfen. Op it flau deldragende skylddak steane hoekskoarstiens mei boerden.
It gebou waard nei de opheffing fan de gemeente Haskerlân yn 1954 brûkt as ferpleechhûs de Flecke. De âlde gevel bleau doe stean. It nije gemeentehûs (fan Skarsterlân) krige ûnderdak yn it ferboude Heremastate. thumb|left| thumb|left|It gemeentehûs eartiids Sjoch ek List fan ryksmonuminten op De Jouwer
Kategory:Haskerlân Kategory:Ryksmonumint yn Skarsterlân Kategory:Ryksmonumint yn De Fryske Marren Kategory:Earder gemeentehûs yn Fryslân Kategory:Bouwurk op De Jouwer Kategory:Bouwurk út 1858