It Halûndersk, ynlânske namme Halunder, is it Noard-Fryske dialekt fan it eilân Helgolân.
Helgolân wie fierût it earste eilân dat yn de tiid fan de Fryske ekspânsje yn de Midsiuwen kolonisearre waard - it tsjintwurdige Noard-Fryslân kaam earst letter. It dialekt fan Helgolân stiet, netstjinsteande it grutte isolemint wêryn de eilanners ferkeare, relatyf ticht by de dialekten fan Föhr, Amrum en Sylt - it Fering, Öömrang resp. Söl'ring - dy't meiïnoar it Eilân-Noard-Frysk foarmje. Opfallend yn ferhâlding mei de oare Noard-Fryske dialekten is it behâld fan de ûtgangen -e en -en.
It Halûndersk wurdt noch troch 500 fan de 1500 bewenners sprutsen.http://www.helgoland.de/helgoland/hochseeinsel.html Hja kinne oan de pleatslike folkshegeskoalle kursussen Halûndersk folgje. Bûtendat wurdt it op skoalle oan de bern jûn.
Halûnderske wurden Telle (ien oant en mei tolve)
iaan tau tree schtjuur fiu sös seeben ach neägen tain elben twallow
Dagen fan de wike mundai taisdai medderweeken tünnersdai fraidai senin sendai
Hjoed, juster, moarn dollung (hjoed) mollung (fannemoarn) illung (jûn)
jüster (juster)
mooin (moarn) oawermooin (oaremorn)
Kleuren bli (blau) road (read) giil (giel) witt (wyt) swaart (swart) gri (griis) green (grien)
Famylje ool'n (âlden) voor (heit/fader) mem (mem) bapi (heity) memi (memmy) oot (beppe) groovoor (pake) oti (beppe) gogo (pake)
Persoanlike foarnamwurden ik, mi (ik, my) di, di (do, dy) hi, hem (hy, him) dji, her (sy, har) deät (it)
wi, is (wy, ús) djüm (jimme) dja (sy)
Keppeling om utens Oersetmasine Dútsk-Halûndersk
Kategory:Noardfrysk dialekt Kategory:Helgolân Kategory:Taal yn Noard-Fryslân