thumb|Kaart fan it gebiet mei de stammen dy't de Franken foarmen oan 'e Nedergermaanske limes De Franken (Latyn: Franci of gens Francorum) wiene in federaasje fan Germaanske stammen dat safier bekend healwei de 3e iuw yn it tsjintwurdige Dútslân en Nederlân libben. Hja wiene ynearsten in stammeferbûn dat ûntstie yn it gebiet tusken de Weser en de Ryn dêr't in protte lytse stammen wennen. Troch de bekende Romeinske skiedskriuwer Tasitus út de 1e iuw wurde de Franken lykwols noch net neamd. Yn 291 wurde se foar it earst neamd yn in taspraak fan keizer Diokletianus. Om 360 berjochte de Romeinske skiedskriuwer Aurelius Fiktor dat de Francorum gentes (folk fan de Franken) sûnt 250 Galje ferwoastge hiene.
Harren kultuer, taal (it saneamde Aldfrankysk) en eigenheden wienen dy fan oare Germaanske folken net wanlyk. Guon tinke dat de Franken fan oarsprong ûntstien binne as in ferbûn tusken ferskate Germaanske stammen lykas de Bruktearen, Tubanten, Gamaven en oaren. Hjoed-de-dei wurdt der ek wol fanút gien dat in grutte kloft Frisii en Sjauken harren taheakke hawwe oan boppesteande stammen. Hja fêstigen har oan de ouwers fan de Ryn by de limes fan it Romeinske Ryk. Der ûntstiene twa groepen: de Salyske en Ripuaryske Franken. Yn de 4e iuw stieken de Salyske Franken de Ryn oer en fêstigen se har yn 'e Romeinske provinsje Germania Inferior en letter wreiden se har wengebiet út ta Gallia Belgica dêr't se harren machtssintrum opbouden.
Etymology It is net alhiel dúdlik wat de oarspronklike betsjutting fan de namme is, mar der wurdt algemien oannommen dat it in Germaanske oarsprong hat. It wurd wurdt fanâlds yn ferbân brocht mie it Aldfrânske franc dat weromkomt op it wurd "frij" of "dapper". Dy term is ôflaat fan it wurd Frank sels, nei harren frije status. Ek wol wurdt it wurd yn ferbân brocht mei it Germaanske wurd foar "spear", itjinge werom te finen is yn it Aldingelske franca of it Aldnoarske frakka, mar mooglik komt dy ek fan de Franken sels ôf, as de namme fan in Frankysk wapen. Dêr soe de namme fan it Ferbûn fan de Spearen, in ferwizing nei in teory oer it ûntstean fan it ferbûn fan de Frankyske stammen, dus weikomme kinne.
In populêre teory om de úteinlike oarsprong fan al dy termen te ferklearjen, is dat it wurd "woast" betsjutte. Neffens ien fariant fan dy teory is de namme besibbe oan in rekonstruearre Proto-Germaansk wurd *frekaz, dat habsuchtich bestjutte, mar ek wol sokssawat as "brutaal" betsjutte. It hat ôfstammelings lykas it Fryske frak (geil, wielderich, flaaikjend), it Dútske frech (brutaal, skamteleas), it Midnederlânske vrec (gjirrich), it Aldingelske frǣc (habsuchtich, moedich) en it Aldnoarske frekr (brutaal, habsuchtich, ynklausk).
It idee dat de namme fan de Franken ôflaat wie fan "woast", is fan in part ôflaat fan klassike ferwizings nei harren woastgens en ûnbetrouberens as skaaimerkende egenskippen.
Franken en Romeinen De Nedergermaanske limes foarme yn de Romeinske tiid de grins tusken de Romeinske provinsje Germania Inferior oan de lofterouwer, en de net troch de Romeinen kontrolearre Germania Magna oan de rjochterouwer fan de Ryn. Dat part fan de limes begûn likernôch by it hjoeddeistige Bad Breisig en einige by de mûning fan de Alde Ryn yn de Noardsee. De grins foarme benammen de rin fan de rivier sels, en minder troch wâlen en muorren. By de rivier del stiene Romeinske forten en fêstingwurken fan Katwyk oer Leien, Utert, Nimwegen, Xanten, Neuss, Keulen oant Bonn, dêr't justjes de stream op de Oergermaanske limes begûn. Yn dy beskermingssône wiene yn it efterlân oan de lofterouwer fan de Ryn in grut tal Romeinsk lânguod (villae rusticae) en delsettings (vici) ûntstien. De keizerstêd Trier tsjinne as in wichtich teken fan Romeinske macht yn it Galloromeinsk en Germaanske grinsgebiet.
Yn it grutte gebiet tusken de Ryn en de Ardinnen wiene der lykwols ek Germaanske doarpen en delsettings dy't yn in ôfhinklike relaasje ta de Romeinske ynstellings stiene. De Germanen dy't har oan alletwa ouwers fan de Ryn fêstigen, wiene oer it algemien betroud mei de Romeinske kultuer, beskaving en militêre technyk. Germanen wiene dêr yn mear of mindere mjitte yn tsjinst fan de Romeinen, gauris as troepen fan militêre bûnsmaten. De stamme fan de Ubjers waard om 15 f.Kr. troch de Romeinen yn it hjoeddeistige Keulen fêstige en stadichoan romanisearre. Dat gou ek foar de Bataven yn de Betuwe. Letter wiene der hieltyd mear rôftochten fan Germaanske groepen tsjin Romeinske ynstellings, dat ta gruttere konflikten late koene.
De ynterne problemen yn Rome mei meikeizers en tsjinkeizers yn de 3e iuw hiene ek in destabilisearjend effekt op de tastân yn Galje en Germaanje. Dêr kamen de ûnrêst fan it begjin fan it folkeferfarren en de konflikten fan de Romeinen mei de Goaten en oare Germaanske stammen by. Yn dat tiidrek foarmen Germaanske groepen en stammen yn Germania Magna, oan de rjochterouwer fan de Ryn ta aksjemienskippen. Dy woeksen út ta stammefederaasjes en úteinlik ta nije folken. Dat proses gou foar de Franken, mar ek foar de Saksen, Alemannen, Bajuwaren, Tueringers en Boergonden.
Benammen yn de 4e iuw is der sprake fan in libbene ekonomyske en sosjale útwikseling mei it Romeinske Ryk. Yn plakken oan de rjochterouwer fan de Ryn waarden wol likefolle Romeinske munten fûn as yn plakken yn it ryk. Ek makken Frankyske eallju sûnt Konstantyn de Grutte karriêre yn it Romeinsk leger. In ier foarbyld is Bonitus, dy't faaks út in famylje fan de yn it ryk fêstige Frankyske laeti ôfkomstich wie. Under Konstantius II is der in yn it leger en oan it keizerlik hôf ynfloedrike Frankyske militêren om tsjinkeizer Silvanus hinne. Mei Richomer, Bauto en Arbogast wiene Frankyske legerlieders (magistri militum) har oan 'e ein fan de 4e iuw sels op skeakelpunten fan de macht, benammen yn it westen fan it ryk. Mei dy groep makke Mallobaudes karriêre, dy't ynearsten as comes yn it Romeinske leger tsjinne en dêrnei as lytskening fan de Franken nei syn heitelân weromkearde. Dêrtroch waard de grins suver mear dizenich ûnder oaren troch beynfloeding fan wjerskanten fan it Romeinske Ryk oan ien kant en de Germanen oan oare kant.
Iere Franken thumb|It Tabel Peutingeriana mei "Francia" (it lân fan de Franken) oan 'e bopperâne oanjûn De Proto-Frankyske stammen of bûnsgenoatskippen fêstigen harren ynearsten oan de rjochterouwer fan de Ryn, ferpleatsten har wengebiet faak en lytsen gauris it Galloromaanske gebiet yn om plondertochten te ûndernimmen. Hoewol't it ôfbeakenjen fan de stammen ûnderinoar en neffens oare Germaanske stammen net alhiel wis is, lykje de Frankyske stammen foar de Romeinen in taalkundige en etnyske ienheid te foarmjen dy't fierder as de stamnamme rikte.
De "ynterne persepsje" fan de stammen ûnderinoar wie ynearsten lykwols mear nuansearre. Hja foarmen yn it begjin allinnich mar losse alliânsjes, lykas dy't gaadlik foar rôftochten of ferdigeningsmaatregels wiene. Ut dy "stammeswaarm" ûntstie yn 'e rin fan de tiid in stammeferbûn en lang om let in folk. Yn resinter ûndersyk wurdt dêrby hieltyd faker oannommen dat de ferieniging fan de Franken ynearsten troch de Romeinen befoardere waard, dy't op dy manear it foarlân fan de limes ûnder kontrôle bringe woene.
Doe't it Romeinske Ryk by de krisis fan de 3e iuw in tiid fan ferswakking trochgie, makken de Franken, Alemannen en Saksen dêr lykwols gebrûk fan om plondertochten te ûndernimmen. De earste bekende Frankyske ynfallen op Romeinsk grûngebiet wiene yn 257/259 en namen yn de dêopfolgjende perioade hieltyd fierder ta. Dy earste Frankyske ynfallen waarden lykwols net earder neamd as yn de let-antike boarne fan Aurelius Fiktor om 360 hinne. De earste kear dat de Franken neamd waarden is yn in kontemporêre boarne en is te finen yn in panegyrikus út 291. Doe't it Romeinske Ryk him wer stabilisearre hie, tsjinnen in soad Franken yn it Romeinsk leger en klommen guon sels op ta hege posysjes. De ekspânsje fan de Franken út it noardwesten en easten oer de Ryn hinne hie in suvere oanlûkingskrêft op de opkringende Germaanske stammen, lykas de Friezen, Saksen en Tueringers, itjinge late ta kontakten en fjochteraasjes, mar ek ta lytse alliânsjes tusken de stammen.
Op in Romeinske dikekaart út 'e mid-4e iuw, de Tabula Peutingeriana, stie Francia (it lân fan de Franken) oan de rjochterouwer fan de Ryn al goed en dúdlik oanjûn.
It is lykwols suver in ûnderwerp fan diskusje as der yndie fan Frankyske stammen sprutsen wurde kin. Guon wittenskippers beskôgje de groepearings earder as hierlingetroepen. De Frankyske etnogenese wie yn alle gefallen in proses dat him oer in langere tiidrek ûntjoech. Wannear't dat miene folksgefoel foltôge wie, is histoarysk net fêst te stellen. Yn 'e snuorje fan de skate aksjes fan de Salyske en Ripuaryske Franken wiene der lykwols altyd kontakten tusken de groepen en mienskiplike aksjes tsjin mienskiplike fijannen. Foar de Merovingyske kening Klovis I wie it dêrom yn 509 ienfâldich om him, nei it útskeakeljen fan de Ripuaryske oanfierder Sigebert fan Keulen, ek as haad fan de Ripuaarjers te pleatsen, omreden dy him, lykas harsels, as "Franken" beskôgen.
Dielstammen fan de Franken thumb|Ekspânsje fan de Salyske en Ripuaryske Franken oant de 5e iuw By de iere Franken gie it nei alle gedachten benammen om krigers út de stammen fan de groep fan de Istvaeoanen. Yn 'e oprjochtingsfaze fan de bûn fan de Franken yn de 3e iuw hiene de groepen dy't har yn it noardwesten en oan de Nederryn fêstige hiene, har feriene út de groepen dy't har fan de ûnderrin fan de Nederryn oant Sallân oan de Isel fêstige hiene. Dêr ûntstie de bûn fan de Salyske Franken of Westfranken. De groepen dy't as foederati fêstige wiene yn it gebiet om Keulen hinne, oer de Midryn en súdlik dêrfan, giene lang om let oer yn de Ripuaryske Franken of Rynfranken en yn de fan harren ôfstamjende Mûzelfranken. De Salyske Franken waarden dejingen dy't de Frankyske ekspânsje benammen fuortsetten en fan harren kaam it hearskershûs fan de Merovingen fuort.
It meast oannimlik is dat de groepen dy't har fan de mûning fan de Alde Ryn oant de Nederryn fêstigen harren by de Salyske Franken oansleaten, wylst groepen út 'e omkriten fan Keulen oant de delling fan de Lahn opgiene yn de Ryn- en Mûzelfranken. Hjirûnder is in list fan stammen dy't yn de rûsde folchoarder fan harren delsettingsgebieten fan de mûning fan de Ryn de stream op oant de Lahn oanjûn steane:
Chassuarii: wiene fêstige oan de bopperin fan de Lek. Guon groepen krongen fier troch yn Galje. Gamaven: fêstigen har ynearsten noardlik fan de Lippe en lutsen yn d e4e iuw troch nei de Maas. Tubanten mei de subgroep Tuihanten: fêstigen har yn Twinte en yn de oanswettende gebieten. Sugambren (ek wol Sigambren): mei de subgroep fan de Kugernen oan de lofterouwer fan de Ryn yn it gebiet fan Xanten oant Krefeld. Troch skriuwers út de Aldheid waard de namme "Sugambren" wolris brûkt ynstee fan "Franken". Noch by de doop fan Klovis I (497-499) spriek biskop Remigius fan Reims de wurde: "Bûgje no, grutske Sigamber, jo holle en ûnderwerp it oan it sêfte jok fan Kristus! Oanbid wat jo oant no ta ferbaarnd hawwe, en ferbaarn wat jo oant no oanbidden ha!"" Bruktearen: al troch Tasitus neamd, ynearsten fêstige oan de Iems en de Lippe, wiene belutsen by de oermasterings fan Keulen en Trier en fêstigen har dêr. Tenktearen: oarspronklik eastlik fan de Ryn, letter trochkrongen oant de Sieg. Usipeten: gauris yn ferbân mei de Tenktearen brocht, fêstigen har yn de delling fan de Lahn.
Ek groepen fan de Ingvaeones sleaten har by de Franken oan, lykas:
Ampsivaren: troch Tasitus neamd as súdlike buorren fan de Friezen, ferdreaun troch de Sjauken út harren oarspronklik wengebiet oan e Iems, lutsen se nei de Nederryn. Sjauken: Hja fêstigen har as buorren fan de Saksen, dêr't it it grutste part fan harren yn opgie. In part sleat him nei alle gedachten oan by de Franken.
Groepen dy't mar in bytsje belutsen wiene by it ûntstean fan de Franken wiene: