Drs. Sipke Bartele (Sipke) Swierstra (Ljouwert, 11 augustus 1951 is in Nederlânske politikus fan Frysk komôf. Hy is fan de VVD. Fan 1 novimber 2013 oant 15 novimber 2021 wie er waarnimmend boargemaster fan Feandam.https://www.burgemeesters.nl/node/3898
Libbensrin Swierstra is hikke en tein yn Ljouwert. Hy gie nei it Steds Gymnasium Ljouwert, wêrnei't er oan de Ryksuniversiteit Grins syn doktoraal helle foar de stúdzje bestjoerswittenskippen. Swierstra wie fan 1991 oant 2007 deputearre yn de provinsje Drinte. Yn 2010 waard er foar in jier wer weromfrege as deputearre. Op 1 novimber 2013 waard er beneamd ta waarnimmend boargemaster yn de gemeente Feandam. Njonken syn politike wurkpaad wie er ek warber as algemien siktaris fan de Feankoloniale Boerebûn yn Feandam.https://www.burgemeesters.nl/node/3898
Kategory:Nederlânsk bestjoerskundige Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk gemeenteriedslid Kategory:VVD-politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk liberaal Kategory:Frysk bestjoerskundige Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk liberaal Kategory:Deputearre fan Drinte Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1951