Teake (Taco) Doekes fan Burmania (doopt yn Koarnjum op 9 oktober 1653 - Furdgum, 3 april 1705) wie in legerkaptein en grytman.

Teake fan Burmania wie de soan fan Doecke Martena fan Burmania (1627-1697) en Edwert Luts Gerroltsdochter (Eduarda) Juckema. By testamint fan syn heit urf hy yn 1691 Furdgum ien stim, yn 1698 waard hy eigener. Yn it testamint skreau Doeke ek: Voorts onse zoon Jr. Taco, Captain van een Compagnie te voet, sal tot syn willekeur hebben onse zathe ende state tot Firdgum, mede in syn erfportie.

Fan 1688 oant syn dea yn 1705 wie hy grytman fan Doanjewerstâl. Op 1 maaie 1689 waard hy kommitearre by de Provinsjale Rekkenkeamer fan Fryslân foar Sânwâlden, en waard op 27 april 1699 nochris beneamd. Fan 6 juny 1695 oant 18 maart 1699 wie hy foar Sânwâlden kommitearre by de Admiraliteit fan Fryslân. Fan 12 maaie 1701 oant 9 maaie 1704 wie hy foar Sânwâlden en Doanjewerstâl lid fan Deputearre Steaten.

Teake fan Burmania ferstoar yn 1705 sûnder bern. Sjoch ek List fan grytmannen fan Doanjewerstâl

Kategory:Fryske adel Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Doanjewerstâl Kategory:Frysk deputearre Kategory:Persoan berne yn 1653 Kategory:Persoan stoarn yn 1705 Kategory:Persoan berne yn Koarnjum Kategory:Persoan stoarn yn Furdgum