Watze Julius Justus Dominicus thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (Hitsum, 4 desimber 1822 - Velp, 12 maaie 1895) wie in grytman en lettere boargemaster. Hy wie de soan fan Jan Sicco Tjalling Camstra thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1769-1829) en Anna Adriana Lewe fan Aduard (1780-1827). Watze syn heit stoar dus al doe't hy sân jier âld wie.

Yn 1848 folge Watze Julius Burmania van Andringa de Kempenaer op as grytman fan Doanjawerstâl. Yn 1851, by de ynfiering fan de gemeentewet, waard er boargemaster fan dyselde gemeente. Watze troude op 57-jierrige leeftyd op 1 july 1880 yn Ryptsjerk mei Gerardina Georgina Horn (Rijswijk, 4 april 1838 - Velp, 29 novimber 1917).

Sjoch ek List fan grytmannen fan Doanjewerstâl Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg

Kategory:Fryske adel Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Doanjewerstâl Kategory:Boargemaster fan Doanjewerstâl Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1822 Kategory:Persoan berne yn Hitsum Kategory:Persoan stoarn yn 1895