Regnerus (Reinder) Lycklama à Nijeholt (Beetstersweach, 1 jannewaris 1703 - Ljouwert, 19 maart 1756) wie in grytman. Regnerus wie de soan fan Augustinus (Auke) Lycklama a Nijeholt (1670-1744) en Detsje fan Andringa.

Militêr Op 3 maaie 1709 waard hy skriuwer yn de kompanjy fan Saksen-Eisenach. Neidat hy op 7 jannewaris 1722 faandrich yn de kompanjy fan Du Moulin wurden wie waard hy yn 1725 kaptein. Fan 12 desimber 1735 ôf waard hy ritmaster yn it rezjimint Nassau-Fryslân.

Politikus Op 3 jannewris 1741 waard hy oansteld as grytman fan Lemsterlân. Hy ferruile dy gritenij op 12 janewaris mei Utingeradiel. Yn 1748 wie hy lid fan de Steaten. Hy stoar, net-troud, op 19 maart 1756 yn Ljouwert en waard begroeven yn de tsjerke fan Aldeboarn.Van der Aa en oaren, Biographisch Woordenboek der Nederlanden diel 11 (1865)

Sjoch ek List fan grytmannen fan Utingeradiel List fan grytmannen fan Lemsterlân

Kategory:Frysk ofsier Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Utingeradiel Kategory:Grytman fan Lemsterlân Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Persoan berne yn Beetstersweach Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1703 Kategory:Persoan stoarn yn 1756