It Samson Reservaat 137A (Ingelsk: Samson 137A Reserve) is in reservaat fan 'e Samson Kry Naasje (Samson Cree Nation), in erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta. It waard yn 1885 stifte as útfloeisel fan it Ferdrach Nû. 6, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Kanadeeske autoriteiten.

Geografy It Samson Reservaat 137A is sitewearre yn it sintrale diel fan Alberta, likernôch 70 km súdlik fan 'e provinsjale haadstêd Edmonton, yn 'e neite fan it stedsje Maskwacis. It beslacht in oerflak fan 134,4 ha, en is dêrmei fierwei it lytste fan 'e beide reservaten fan 'e Samson Kry Naasje (it oare is it Samson Reservaat 137).

Demografy Neffens ynformaasje fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie it reservaat doe 38 permaninte bewenners. De befolkingstichtens bedroech dêrmei 28,3 minsken de km². De bewenners fan it reservaat binne allegearre leden fan 'e Samson Kry Naasje. Hja binne etnyske Kry (Cree), in Algonkwynsktalich folk dat de talrykste Yndiaanske groep fan Kanada foarmet.

Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Samson Kry Naasje

Kategory:Kry-reservaat Kategory:Yndianereservaat yn Alberta Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1885