It Pigeon Lake Reservaat 138A (Ingelsk: Pigeon Lake 138A Reserve) is in mienskiplik Yndianereservaat fan ferskate stammen yn it sintrale part fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta. It waard yn july 1896 stifte sadat de Kry (Cree) út 'e omkriten fan Maskwacis (doe noch Hobbema neamd) in plak hawwe soene dêr't se op eigen gerjochtichheid fiskje koene. It reservaat wurdt dield troch: de Ermineskin Kry Naasje de Louis Bull Earste Naasje de Montana Earste Naasje de Samson Kry Naasje
Geografy It Pigeon Lake Reservaat 138A is sitewearre yn it sintrale diel fan Alberta, 39 km bewesten it plak Wetaskiwin, oan 'e igge fan 'e mar Pigeon Lake. It leit op in hichte fan 860 m boppe seenivo en beslacht in oerflak fan 19,21 km².
Demografy It wie oarspronklik net de bedoeling dat it Pigeon Lake Reservaat 138A permaninte bewenners krije soe, mar dat is meitiid dochs bard. Neffens ynformaasje fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie it reservaat doe 483 permaninte bewenners. Dat wiene hast allegear leden fan 'e Samson Kry Naasje, dat fierwei de grutste fan 'e fjouwer stammen is dy't it gebrûksrjocht fan it reservaat hawwe. De befolkingstichtens fan it Pigeon Lake Reservaat 138A bedroech dêrmei 25,2 minsken de km². De bewenners fan it reservaat binne allegearre etnyske Kry (Cree), in Algonkwynsktalich folk dat de talrykste Yndiaanske groep fan Kanada foarmet.
Kategory:Kry-reservaat Kategory:Yndianereservaat yn Alberta Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1896