It Grutte Easten (Frânsk: Grand Est) is in bestjoerlike regio yn it noardeasten fan Frankryk dy't op 1 jannewaris 2016 ûntstie nei de gearfoeging fan 'e eardere regio's Elzas, Loataringen en Sjampanje-Ardinnen yn it ramt fan 'e weryndieling fan de bestjoerlike regio's yn Frankryk.
Namme De wetstekst joech de foarriedige wurknammen foar de measte gearfoege regio's dêr't de nammen fan de eardere regio's skaat mei keppelstreekjes byïnoar foege waarden. Foar dizze regio waard de namme dus ynearsten Elzas-Sjampanje-Ardinnen-Loataringen (Frânsk: Alsace-Champagne-Ardenne-Lorraine). By in stimming fia it ynternet, dêr't keazen wurde koe tusken Acalie, Grand Est, Nouvelle-Austrasie en Rhin-Champagne, krige Grand Est (Grutte Easten) 75% fan de 277.000 útbrochte stimmen. Dy kar waard op 29 april 2016 befêstige troch de Regionale Rie en op 28 septimber fan dat jier fêststeld troch in feroardering fan de Rie fan Steat en op 30 septimber offisjeel.
Departeminten fan de regio Regio's fan foar 2016 Departeminten Sitten AlsaceElzas 67 Bas-Rhin, Underryn 35 68 Haut-Rhin, Bopperyn 25 Champagne-ArdenneSjampanje-Ardinnen 08 Ardennes, Ardinnen 11 10 Aube 11 51 Marne 19 52 Haute-Marne, Boppemarne 8 LorraineLoataringen 54 Meurthe-et-Moselle, Meurthe en Mûzel 24 55 Meuse, Maas 8 57 Moselle, Mûzel 34 88 Vosges, Fogezen 14 Totale tal sitten yn de Regionale Rie: 169
Histoaryske provinsjes thumb|left|500px|Kaart fan de nije regio mei syn tsien departeminten mei de kleuren fan de Frânske provinsjes fan 1790.
Kategory:Regio fan Frankryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2016