Roel Willem Dijkstra (Padang, 21 april 1942 - 20 april 2025https://www.online-begraafplaatsen.nl/zerken.asp?command=showgraf&bgp=448&grafid=2239387&char=D) wie in Nederlânsk earder politikus fan de ARP en letter it CDA.
Hy waard berne op Sumatra yn it doetiidske Nederlânsk-Ynje dat doe troch Japan beset wie. Hy wie ûnder dy besetting mei syn âlden ynternearre yn in jappekamp. Mids 1946 kamen se yn Nederlân oan. Hy die it gymnasium yn Rotterdam en ferfolde dêrnei syn tsjinstplicht. Yn 1964 sette er útein mei de stúdzje rjochten oan de Ryksuniversiteit Leien dêr't er yn 1969 ôfstudearre. Yn dat jier gie er oan 't wurk as algemien sekretaris fan de Drintske Provinsjale Planologyske Tsjinst en ein 1971 waard er adjunkt-sekretaris fan it doetiidske stedsgewest Nijmegen. Yn septimber 1973 waard Dijkstra de boargemaster fan Eastdongeradiel en yn maart 1980 folge syn beneaming as boargemaster fan Hardinxveld-Giessendam. Yn augustus 1984 stapte er oer nei de sûnenssoarch doe't er algemien direkteur waard fan de stichtingen Het Hooge Land en Hullenoord yn Beekbergen. Dêrnei gie er oan 'e gong by PUM Netherlands Senior Experts (Programma Utstjoering Managers) dêr't er ûnder oare in projekt yn Kameroen foar dien hat.
Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Boargemaster fan East-Dongeradiel Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:ARP-politikus Kategory:CDA-politikus Kategory:Oerlibbene fan de jappekampen Kategory:Nederlânsk persoan berne yn Nederlânsk-Ynje Kategory:Persoan berne yn 1942 Kategory:Persoan stoarn yn 2025