Kjeld is in Fryske blackmetalband út de Fryske Wâlden. De metalband hellet har teksten út de Fryske skiednis, rituelen en mytes.

Kjeld waard oprjochte yn 2003 en nei in EP yn 2010 ferskynde harren debútalbum Skym yn 2015. Kjeld wie yn 2018 winner fan de Bernlefpriis. Deputearre Sietske Poepjes neamde by de bekendmakking yn popsintrum Neushoorn de muzyk in bysûnder eksportprodykt foar de Fryske taal. Kjeld sjongt Fryske nûmers as De tiid hâldt gjin skoft (2010) en Ivich libben en hat ek bûten de provinsje in soad súkses. De band wie net by de útrikking fan de Bernlefpriis troch in optreden yn Eindhoven.<ref>[https://www.lc.nl/friesland/Friese-metalband-Kjeld-wint-Bernlefprijs-2018-maar-moet-uitreiking-missen-23954584.htmlFriese metalband Kjeld wint Bernlefprijs 2018 (maar moet uitreiking missen), Ljouwerter Krante, 15 desimber 2018]</ref> Yn maart 2022 makke de band op harren facebookside bekind dat gitarist Bile nei seis jier de band persoanlike redenen ferlitten hat. Bile sil yn earsten by optredens ferfongen wurde troch Jouter fan Grafjammer oant Kjeld in nije gitarist fûn had, op 20 april 2022 makke Kjeld op syn facebookside bekend dat Jouter fan no ôf ûnder de namme Fjoer'' de nije gitarist fan de band is.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Skym 2 maart, 2015 Hammerheart Ôfstân 5 maart, 2021 Heidens Hart

Split-albums Album Utbrocht op Label Tegearre mei Unified In Ceremonial Worship 5 april, 2015 Heidens Hart Cirith Gorgor Wederganger/Kjeld 16 desimber, 2016 Ván Records Wederganger EP De tiid hâldt gjin skoft - (Febrewaris, 2010) - Frisia Magna Banier fan Frisia - (11 oktober, 2018) - Heidens Hart

Kategory:Fryske metalband Kategory:Band oprjochte yn 2003