Valor's Trial is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwster Tanya Huff. De titel betsjut: "De Beproeving fan Moed". It boek fertelt it ferhaal fan sersjant Torin Kerr, dy't op 'e nij op in drege missy har mariniers yn libben sjen moat te hâlden. Valor's Trial is it fjirde diel fan 'e fiifdielige Valor-searje, dy't sels wer ûnderdiel útmakket fan 'e gruttere Confederation-searje. De roman waard yn 2008 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Paul Youll. Neitiid folge in werútjefte by de Britske útjouwerij Titan Books (ûnder de oanpaste titel Valour's Trial). __TOC__ Eftergrûn De Confederation-searje spilet yn in takomst wêryn't de minskheid him oansletten hat by de Konfederaasje, in ûnbidich grut steatsferbân mei tsientallen bûtenierdske rassen. De stifters fan 'e Konfederaasje binne de saneamde Aldere Rassen, dy't in nivo fan beskaving berikt hawwe dêr't geweld, om lykfol hokker reden, as ûntalitber beskôge wurdt. Sterker noch, hja grize fan geweld en kinne harsels der net iens mear ta bringe om geweld te begean. Nei de oprjochting waarden by de tiid lâns stadichoan oare rassen ta de Konfederaasje talitten sadree't dy itselde nivo fan beskaving berikt hiene. Dy letter talitten rassen binne de saneamde Middelrassen.

Doe't de Konfederaasje lykwols fiifhûndert jier lyn oanfallen waard troch in oar grut steatsferbân, de Primasy, sieten de Aldere Rassen en de Middelrassen mei de hannen yn 't hier om't de pasifistyske Konfederaasje net oer in leger of in float beskikte. Harren oplossing wie om 'e minder beskaafde Minsken, Taykan en Krai (de saneamde Jongere Rassen) yn 'e Konfederaasje op te nimmen, dy't gjin swierrichheden hiene om har oan te passen fan planetêre ta ynterstellêre oarlochfiering.

Ynhâld Sersjant Torin Kerr fan it marinierskorps fan 'e Konfederaasje hat de ôfrûne tiid oanhâldend grutte aventoeren belibbe. Earst makke se suver eigenhandich de reptyleftige Silviss lid fan 'e Konfederaasje (sjoch: Valor's Choice). Dêrnei ferkende se it reuseftige, gielkleurige, ferlittene romteskip 'Grut-en-Giel', dat letter bliek te bestean út selsbewuste polynûmerike molekulêre polyhydrokside alkoholiden (oftewol in soarte fan hyperyntelligint, fan foarm feroarjend, bûtenierdsk plestik) (sjoch: The Better Part of Valor). En dêrnei trochstie se op 'e treningsplaneet Crucible mei in peloton rekruten in beproeving dy't by wize fan eksperimint opset wie troch datselde bûtenierdske plestik (sjoch: The Heart of Valor). As Valor's Trial iepenet, is Torin einlings en te'n lêsten werom by har eigen âlde Sh'quo Kompanjy. Dy ienheid wurdt yn 'e oangeande oarloch mei de Primasy ynset by in offinsyf op 'e ûnbewenne planeet Estee, dêr't de fijân lykwols in eksperiminteel nij wapen ynset dat it hiele mariniersrezjimint yn ien klap ferneatiget.

Torin har frijer Craig Ryder, in berger fan 'e wrakken fan ferrinnewearre romteskippen, kriget it nijs fan har dea te hearren, mar hy kin it net leauwe. Op Ventris Station, it haadkertier fan it marinierskorps, moetet er foar de earste kear Torin har heit, John Kerr, dy't der ek fan oertsjûge is dat syn dochter noch libbet. Neitiid hellet Craig it him yn 'e holle dat er it plak sjen moat dêr't Torin stoarn wêze soe. Om't de planeet Estee oan it front is, en dêrom net tagonklik foar boargers, nimt er kontakt op mei de Katrien-ferslachjouster Presit a Dur turValintrisy, dy't as lid fan 'e media wol tagong ta it front hat. Craig hat alris earder as har kameraman fungearre, en hy stelt foar dat no wer te dwaan. Presit sjocht earst gjin brea yn in besyk oan Estee, mar Craig hâldt oan as kâld wetter, en úteinlik jout hja belies en reizgje se tegearre nei it front. Op Estee oankommen fine se inkeld in grutte skiif fan glês, dy't 30 km² beslacht, en dêr't alles dat oanwêzich wie op it planeetoerflak oant op in sub-atomysk nivo ferneatige is.

Underwilens wurdt Torin wekker yn in ûndergrûnsk tunnelstelsel, dêr't se kontakt makket mei Kyster, in jonge Krai-rekrút fan it marinierskorps. Dyselde fertelt har dat se yn in kriichsfinzenekamp belâne is. De bochtige tunnels jouwe tagong ta in sintraal punt dêr't út de soudering in grutte piip omleech stiket. Trijeris deis komt dêr iten út. Ek is der in lieding dêr't drinkwetter út komt. Der wurde yn dizze ûndergrûnske finzenis likernôch hûndert mariniers fan 'e Konfederaasje fêstholden. De sipiers fertoane harrensels nea en gripe nea yn. Nije finzenen wurde wekker yn 'e lytse sydgrotten fan 'e trochgeande tunnels, mar hoe't se dêr komme, is in riedsel. Foar Torin giet it bestean fan in kriichsfinzenekamp fan 'e Primasy yn tsjin alles dat se tocht te witten, want ynsafier't yn 'e Konfederaasje bekend is, nimt de Primasy nea kriichsfinzenen.

Mar Kyster hat har noch mear te fertellen. De macht yn 'e finzenis is yn 'e hannen fan kolonel Harnett, dy't op it sintrale punt by de piip en de wetterlieding mei in groep fan fyftjin trewanten regearret as in diktator, en it iten en drinken brûkt om oan 'e macht te bliuwen. De rest fan 'e finzenen is troch ûnderfieding sa ferswakke dat se it net tsjin him yn 'e kant doare te setten, en nije finzenen wurde mishannele en krije pas (te min) iten as se safierhinne ferswakke binne dat se gjin gefaar mear foarmje foar Harnett syn bewâld. Kyster sels, dy't troch in ferwûning oan 'e foet oer de side giet, krige fan Harnett syn trewanten te hearren dat it sûnde fan it iten wie om him te fuorjen. Sûnt hat er in fearnsjier of noch langer oerlibbe yn 'e tunnels, dêr't har yn 'e grotten soms plaskes wetter foarmje. Om net dea te gean fan 'e honger, hat er de liken fan deade mariniers opiten. It iten fan 'e deaden is wizânsje foar de Krai (hoewol't it marinierskorps ornaris it near leit op it iten fan oare mariniers), en geregeldwei doeken yn 'e grotten swierferwûne mariniers op, dy't koart nei harren oankomst stoaren. It selskip fan Kyster, dy't harren yn har deastriid selskip hold en pas nei de natuerlike dea oan it miel gie, hiene de ferwûne mariniers sûnder mis in stik leaver as de oandacht fan Harnett syn trewanten, dy't harren inkeld berôven fan har útrissing en har ek noch deasleine as se har dêrtsjin fersetten.

Kyster syn ferhaal bringt Torin ta razernij, en hja set daliks ôf nei it sintrale punt. As sy en Kyster ûnderweis op trije fan Harnett syn trewanten stjitte dy't krekt in ferwûne marinier ombrocht hawwe foar syn útrissing, slacht se harren alle trije dea. Yn it sintrale punt by de piip oankommen, lit se har by de neat fermoedzjende Harnett bringe, dy't eins gjin kolonel mar in sersjant blykt te wêzen. Dat makket it foar Torin, sels ommers ek ûnderofsier, noch persoanliker, en by in koarte ekploazje fan geweld deadet se Harnett en noch fjouwer fan syn trewanten. Dêrnei draacht se de autoriteit oer it kriichsfinzenekamp oer oan 'e útmergele majoar di'Ree Kenoton, dat de heechste wiere ofsier is. Der wurdt daliks begûn mei it útdielen fan it iten dat Harnett opsparre hie, en de folgjende dagen is Torin as de sterke earm fan 'e ferswakke majoar Kenoton drok mei it regeljen fan alderhanne dingen en it ûnder de tomme hâlden fan 'e trewanten fan Harnett dy't harren oerjûn hawwe. Ien oangename ferrassing is de oanwêzigens yn it kamp fan korporaal Werst, in Krai dy't by Torin wie ûnder de ekspedysje op Grut-en-Giel, en dy't tagelyk mei har fan Estee oerbrocht is nei dit kriichsfinzenekamp. Sûnder de warskôgings fan Kyster koe hy troch Harnett syn trewanten maklik oermastere wurde.

As it runnen fan it kriichsfinzenekamp nei in stikmannich dagen troch de oansterkjende majoar Kenoton en legere ofsieren oernommen wurde kin, kriget Torin der einlings it frij ta om ûndersyk te dwaan nei in ferhaal dat se fan Kyster heard hat. Dy hie nammentlik sjoen hoe't korporaal Edwards en twa oare trewanten fan Harnett slûksturtsjend nei harren kamp weromkearden nei't se in wan bruien krigen hiene. Ut ûnderfreging fan 'e oerlibjende trewanten fan Harnett docht bliken dat ien fan 'e tunnels twaris sa lang trochrint as de oaren, en dat oan 'e ein dêrfan in twadde kriichsfinzenekamp fêstige is. Torin set ôf op ferkenningstocht, en ûntdekt dat der wier in twadde kamp bestiet, krekt as it earste op in sintraal plak om in piip hinne. Dêr fiert in kolonel Mariner it befel. Hoewol't dit in 'echte' kolonel is, giet it om in stêfofsier, dy't kriichsfinzen nommen is doe't er in parlemintêre missy nei it front begelate. Mei hast gjin middels is it him slagge en set dochs in hiele burokrasy op, dy't sa surreälistysk is dat it sjoen wurde moat ear't men it leaut.

Yn it kamp fan Mariner sjocht Torin soldaat Binti Mashona werom, dy't mei har op Silsvah wie, de planeet fan 'e Silsviss. Sy en sersjant Mike Gucciard, dy't Torin net kin, binne beide ek by de Slach op Estee kriichsfinzen nommen. Torin merkt dat de kriichsfinzenen dy't al langere tiid fêstsitte, der net mear oan tinke om te ûntsnappen, en it hiele idee fan in útbraak sels bespotlik begjinne te finen. Yn it kamp fan Kenoton koe sok tinken mooglik feroarsake wêze troch ûnderfieding en algehiele ferswakking, mar yn it kamp fan Mariner spilet dat gjin rol. Torin begjint te fermoedzjen dat der wat yn it iten sit dat foar berêsting yn 'e sitewaasje soarget, temear om't Kyster, dy't al folle langer fêstsit mar nea finzenisiten krigen hat, der (noch) gjin lêst fan hat. It sterket Torin yn 'e oertsjûging dat se sjen moat dat se sa gau mooglik út de finzenis ûntsnapt.

Oare kant it kamp fan Mariner is op 'e nij in tunnel dy't twa kear sa lang is as de oaren, en tagong jout ta in trêde kriichsfinzenekamp dêr't luitenant-kolonel Braudy de lieding hat. Tusken Mariner en Braudy bestiet al langere tiid kontakt, en op befel fan Mariner komt Braudy nei syn kamp ta om Torin har ferhaal oan te hearren oer it skrikbewâld fan 'kolonel' Harnett en hoe't sy dêrmei ôfweefd hat. Braudy bringt korporaal Ressk mei, dy't ek mei Torin op Silsvah wie, en soldaat Miransha Kichar, dy't mei har op Crucible wie. Beide binne ek op Estee finzen nommen. Neitiid wit Torin Mariner en Braudy te oertsjûgjen om har in útbraak prebearje te litten, ek al sjogge se dêr net folle heil yn. Dêrta nimt Torin Mashona, Ressk, Kichar en sersjant Gucciard mei werom nei it kriichsfinzenekamp fan majoar Kenoton.

Foar de lange tunnel oer dy't nei it kamp fan kolonel Mariner liedt, is dêr nammentlik noch in lange tunnel, dy't healwei ynstoarten is. Torin wol witte wat der oan 'e oare kant fan 'e ynstoarting sit. Behalven Mashona, Ressk, Kichar en sersjant Gucciard nimt se ek Werst en Kyster mei, en trije Taykan (Watura, Darlys en Jiyuu) folgje har om't Darlys har famyljelid di'Merk Mysho mei Torin op Silsvah wie, en har neitiid ta stammem (der heen sa verniticna sa vey) ferklearre hat, wat yn 'e Taykan-kultuer op fergoading delkomt. Nei't se har mei de hân in wei groeven hawwe troch de ynstoarting, folgje se de lange tunnel nei in fjirde kriichsfinzenekamp, dat lykwols ferwuostge is troch in ierdbeving wêrby't giftige gassen frijkommen binne; alle hûndert kriichsfinzen mariniers wurde dea oantroffen. De ramp hat teminsten ferskate wiken earder plakfûn, dat tsjin 'e tiid dat Torin-en-dy der arrivearje, binne de gassen al fuortlutsen. By de ierdbeving is ek de piip heal loskommen dy't iten oanfiert, en troch by de piip op te klimmen witte Torin-en-dy troch in gat yn 'e soudering in ferdjipping heger te kommen, dêr't se itselde soarte tunnels oantreffe.