Roald Dahl (Ingelske útspr.: ['roʊ.əld 'dɑ:l], likernôch "roo-uld daal"; Noarske útspr.: ['ru:ɑl 'dɑ:l], likernôch: "rûû-al daal"; Cardiff, 13 septimber 1916 – Oxford, 23 novimber 1990) wie in Britsk skriuwer fan etnysk Noarsk komôf. Hy tsjinne ûnder de Twadde Wrâldoarloch earst as piloat by de Royal Air Force (RAF) en letter as ofsier by de militêre ynljochtingetsjinst. Al yn syn tsjinsttiid sette Dahl útein mei in wurkpaad as auteur. Hy waard ferneamd mei berneboeken, mar skreau ek in prote koarte ferhalen en inkele romans foar folwoeksenen, en fierders gedichten, toanielstikken, autobiografyen, in itensiedersboek en senario's foar films en tillefyzje. Postúm waarden ek syn deiboeken útjûn. Dahl wie ien fan 'e populêrste berneboekeskriuwers fan syn tiid, en stie bekend om syn bizarre en makabere, mar altyd fermaaklike ferhalen, dêr't gauris dûnkere humor yn besletten lei en dy't net selden in ûnferwachte ein hiene. Guon fan syn wurken binne wiere klassikers wurden, lykas James and the Giant Peach, Charlie and the Chocolate Factory, The BFG en Matilda. Fan Dahl syn wurken binne wrâldwiid mear as 250 miljoen eksimplaren ferkocht, en der binne boeken fan him oerset yn teminsten 60 ferskillende talen, wêrûnder it Frysk.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Dahl waard yn 1916 berne yn 'e Villa Marie oan Fairwater Road yn 'e wyk Llandaff fan 'e Welske haadstêd Cardiff. Hy wie de soan fan Harald Dahl, in Noar út Sarpsborg, dy't yn 'e 1880-er jierren nei it Feriene Keninkryk emigrearre wie, en dy syn frou Sofie Magdalene Hesselberg, dy't yn 1911 oerkommen wie út Noarwegen om mei him te trouwen. Roald Dahl wie sadwaande fan Noarsk etnysk komôf en syn memmetaal wie Noarsk, dat er yn 'e hûs spriek mei syn âlden en syn trije susters Astri, Alfhild en Else. Hy waard ferneamd nei de Noarske poalreizger Roald Amundsen en waard doopt yn 'e Noarske Tsjerke yn Cardiff, dêr't syn lutherske âlden tsjerken.
Yn 1920, doe't Dahl trije jier wie, kaam syn sânjierrige suster Astri te ferstjerren oan blinetermûntstekking. In pear wiken letter stoar syn heit mei 57 jier oan longûntstekking. Dahl syn mem naam doe yn omtinken om werom te gean nei Noarwegen, dêr't se by famylje ynwenje koe, mar om't sy en har man besletten hiene en stjoer de bern nei Ingelske skoallen, dy't se as de bêste skoallen fan 'e wrâld beskôgen, besleat se úteinlik yn Wales te bliuwen. Yn Llandaff folge Dahl leger ûnderwiis oan 'e Katedraalsskoalle. Fanwegen it beslút om 'e bern nei Ingelske skoallen te stjoeren, waard er mei in jier as tsien oerpleatst nei de kostskoalle St. Peter's yn Weston-super-Mare, dy't fan alle Ingelske skoallen it neiste wie fanwegen de fearferbining oer it Kanaal fan Bristol. Op St. Peter's hie Dahl in ûnoangename tiid, mei't er tige ûnwennich wie. Hy skreau syn mem eltse wike in brief, mar hold syn ûngelokkigens foar har ferburgen. Dy brieven waarden troch syn mem allegear bewarre en Dahl fûn se nei har dea yn 1967 keurich byinoar bûn werom. Yn 2016, sechstjin jier nei syn eigen dea, waarden se yn in ynkoarte ferzje útstjoerd yn it BBC-radioprogramma Book of the Week.
Yn 1929, doe't er trettjin jier wie, gie Dahl nei de middelbere skoalle oan in oar jongesynternaat dat folle fierder fan hûs wie: de Repton School yn Derbyshire. Dêr makke er in freeslike tiid troch. Yn in fermidden fan ûntgrienings, rituële wreedheid en klassedominânsje hearske dêr it rjocht fan 'e sterkste: de jongere jonges waarden twongen om as liiffeinten fan 'e âldere jonges te tsjinjen en waarden geregeldwei ûnderwurpen oan in skriklik wan bruien. De skoallieding wie foar in grut part op 'e hichte fan dy gong fan saken, mar beskôge it as tradysje en griep net yn. Krektoarsom, de learkrêften dielden sels ek om it hoartsje liifstraffen út troch de learlingen op 'e hûd te jaan mei in Spaansk reid. Mei't in soad fan dy learkrêften anglikaanske geastliken wiene, joech Dahl letter oan dat syn jierren oan 'e Repton School him twifelje litten hiene oan religy en sels oan it bestean fan God.
Yn syn tinerjierren beoefene Dahl ferskate sporten, wêrûnder cricket, fuotbal, golf en squash. Hy wie ek in hertstochtlik leafhawwer fan literatuer, hoewol't syn dosinten doe fan syn eigen skriuwwurk net bepaald ûnder de yndruk wiene. Sa skreau ien fan leararen Ingelsk yn syn skoalrapport: "Ik haw noch nea earder immen meimakke dy't sa oanhâldend wurden skriuwt dy't persiis it tsjinstelde betsjutte fan wat bedoeld wurdt." Behalven literatuer hie Dahl ek in foarleafde foar fotografy. De simmerfakânsjes brocht er almeast troch by de famylje fan syn mem yn Noarwegen. Nei't er yn 1934 slagge wie foar syn eksamens en de Repton School sûnder rouwigens efter him litte koe, reizge er dy simmers nei Noard-Amearika, dêr't er dielnaam oan in organisearre kuiertocht troch Nijfûnlân.
Ier wurk As folwoeksene wie Dahl tige oan 'e lingte: 1.98 m. Yn 1934 fûn er wurk by de Shell Petroleum Company. Nei't er twa jier trening yn it Feriene Keninkryk trochrûn hie, waard er foar dy ierdoaljemaatskippij útstjoerd nei Mombasa yn 'e Keniakoloanje, en letter nei Dar-es-Salaam, yn it mandaatgebiet Tanganjika. Dêr wied er mar ien fan trije Shell-wurknimmers yn 'e hiele koloanje en libbe er yn lúkse mei in kok en oar tsjinstfolk yn it Shell House fuort bûten de stêd.
Militêre tsjinst Doe't yn augustus 1939 de Twadde Wrâldoarloch op kommendeweis wie, makken de Britske autoriteiten yn Tanganjika (it eardere Dútsk-East-Afrika) plannen om 'e dêr wenjende Dútsers te ynternearjen. Dahl waard in ofsiersoanstelling jûn as luitenant by it rezjimint fan 'e King's African Rifles, dêr't er it befel krige oer in peloton askarys (ynlânske troepen dy't yn it Britske Leger tsjinnen). Yn novimber 1939 melde Dahl him oan by de Royal Air Force (RAF) om piloat te wurden. Hy waard nei Nairobi ta stjoerd, yn 'e Keniakoloanje, dêr't er mei sechstjin oaren yn trening nommen waard (fan dy groep soene inkeld Dahl en trije oaren de oarloch oerlibje). Mei mar sân oeren en fjirtich minuten flechttiid yn in De Havilland Tiger Moth mocht Dahl al allinnich fleane, hoewol't er neitiid op in loftmachtbasis by Bagdad, yn Irak, noch fierdere trening krige. Op 24 augustus 1940 waard er oansteld as folleard piloat-ofsier en koed er yndield wurde by in squadron om aktyf diel te nimmen oan 'e striid.
Dahl waard oan it No. 80 Squadron RAF tawiisd, dat yn âlderwetske Gloster Gladiators fleach, de lêste twadekkers dy't noch by de RAF yn gebrûk wiene. Hy wie ferheard doe't er ûntdiek dat er gjin inkeld ûnderrjocht yn loftgefjochten krige, noch yn hoe't er in twadekkerfleanmasine fleane moast. Op 19 septimber 1940 krige Dahl de opdracht om syn Gladiator yn etappes fan in fleanfjild by Ismailija, yn Egypte, nei in fleanfjild 48 km besuden Marsa Matruh, yn Lybje, te fleanen. By de lêste etappe koed er syn bestimming net fine, en om't syn brânstof suver op wie en de nacht ynfoel, wied er twongen en prebearje in lâning yn 'e woastyn. Dêrby heakke syn lâningsgestel efter in rotsblok en fleach de Gladiator oer de kop.
Dahl rûn in plassefraktuer en in brutsen noas op. Hy rekke tydlik syn gesichtsfermogen kwyt, mar wist himsels op it gefoel en gehoar by it brânende tastel wei te slepen ear't er it bewustwêzen ferlear. Hy waard aldergeloks op 'e tiid fûn en nei it fjildhospitaal yn Marsa Matruh brocht, dêr't er syn bewustwêzen weromkrige, mar syn gesichtsfermogen noch net. Letter waard er oerbrocht nei in sikehûs fan 'e Royal Navy yn Aleksandrië, dêr't er stadichoan opbettere en ûnderwilens fereale rekke op in ferpleechster, Mary Welland. In ûndersyk fan 'e RAF kaam ta de konklúzje dat it gjin wûnder wie dat Dahl syn bestimming net fine kinnen hie, mei't er by fersin nei in dwersferkearde lokaasje ta stjoerd wie, yn it nimmenslân tusken de linys fan 'e Alliëarden en de Italjanen.
Yn febrewaris 1941 waard Dahl einlings út it sikehûs ûntslein en achte de RAF him wer fit genôch om te fleanen. No. 80 Squadron wie tsjin dy tiid oerbrocht nei Grikelân, dêr't se fanôf in fleanfjild by Eleusina, yn neite fan Atene, dielnamen oan 'e Slach om Grikelân. De Gloster Gladiators wiene ûnderwilens ek ôftanke en it squadron fleach no yn Hawker Hurricanes. Nei sân oeren flechttiid yn in Hurricane fleach Dahl yn april 1941 sa'n fleantúch oer de Middellânske See fan Egypte nei Grikelân. Dêr sieten se om him te springen, want de Dútske opmars gie sa fluch dat de RAF tsjin dy tiid noch mar achttjin fleanweardige tastellen yn Grikelân hie: fjirtjin Hurricanes-jachtfleanmasines en fjouwer lichte bommesmiters fan it type Bristol Blenheim.
Nei syn oankomst waard Dahl dan ek daliks ynset, en op 15 april belibbe er syn earste loftgejocht, doe't er seis Junkers Ju-88s oanfoel dy't yn 'e haven fan Chalcis skippen oan it bombardearjen wiene. Hy skeat ien fan 'e Junkers' del, en de folgjende dei rekke er op 'e nij yn gefjocht en skeat er noch in Ju-88 del. Op 20 april naam Dahl diel oan 'e Slach om Atene mei oare Britske piloaten, wêrûnder syn freon David Coke en Pat Pattle. Fan 'e tolve Hurricanes waarden fiif troch de Dútsers delsketten, wêrby't fjouwer piloaten omkamen, ynklusyf Pattle. Fan 'e Dútsers waarden lykwols 22 tastellen delsketten, hoewol't troch de grimelgrammel fan yninoar omfleanende fleantugen net ien sizze koe wa't hokker tastel delhelle hie.
Yn maaie, doe't dúdlik waard dat de striid om Grikelân ferlern wie, waard No. 80 Squadron dêrwei evakuëarre. It squadron waard yn Haifa, yn Palestina, wer opboud. Dêrwei fleach Dahl fjouwer wiken lang eltse dei út. Op 8 juny skeat er in Vichy-Frânske Potez 63 út Syrje del, en op 15 juny noch in Ju-88. Hy krige lykwols hieltyd mear lêst fan pineholle, dy't te witen wie oan syn ûngelok út 1940. Doe't de pineholle op in stuit sa slim waard dat er der lytse skoftkes fan út 'e tiid rekke, waard er as oarlochsynfalide nei it Feriene Keninkryk ta stjoerd. Dêr waard er legere op in treningsfleanfjild fan 'e RAF by Uxbridge, dêr't er besocht om genôch op te betterjen om teminsten as fleanynstrukteur oan it wurk te kinnen.
Yn dy snuorje mette Dahl yn maart 1942 yn Londen yn in heareklub de Britske ûndersteatssekretaris foar de loftmacht, majoar Harold Balfour (de lettere Lord Balfour). Dy wie sa fan Dahl syn steat fan tsjinst ûnder de yndruk dat er him in oanstelling oanbea as assistint-attasjee foar de loftmacht op 'e Britske ambassade yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. Dat liek Dahl earst wol nei fleanen, mar Balfour wist him te bepraten, en begjin april weage Dahl de nuodlike oerstek oer de Atlantyske Oseaan oan board fan 'e SS Batori, dy't útfear út Glasgow en op 14 april arrivearre yn Halifax, yn Kanadeeske provinsje Nij-Skotlân. Dêrwei naam er de nachttrein nei Montreal, wêrnei't er noch krapoan in wike nedich wie om Washington te berikken.
Kommend út it troch oarlochskrapte troffen Ingelân liek Dahl de oerfloed oan iten en guod yn 'e Feriene Steaten suver dekadint ta. Hy dielde in hûs mei in oare Britske attasjee yn 'e wyk Georgetown en krige al rillegau in hekel oan syn nije wurk. Hy hie it gefoel dat er mar wat omhong wylst yn Jeropa syn maten omkamen yn 'e striid. It wie de bedoeling dat Dahl de helpende hân biede soe by it neutralisearjen fan it tradisjonele Amerikaanske isolasjonisme, mei't de Feriene Steaten pas fjouwer moannen earder, yn desimber 1941, troch de Japanske oanfal op Pearl Harbor oan it hier de Twadde Wrâldoarloch ynskuord wiene. Hoe't er dat krekt oprêde moast, wie him net dúdlik, oant er de Britske skriuwer C.S. Forester mette, dy't deselde put taskood wie.