Pinyin, formeel Hànyǔ pīnyīn (ferienfâldige Sineesk: 汉语拼音; tradisjoneel Sineesk: 漢語拼音; útspr.: [xân.ỳ pʰín.ín], likernôch: "channú p'hynyn" of, minder gebrûklik: [xân.ỳ pʰín.jín], likernôch: "channú p'hynjyn"), is in transliteraasjesysteem dat bedoeld is om Sineesktalige nammen, wurden of hiele teksten om te letterjen fan Sineeske karakters (Hanzi) nei it Latynske alfabet. Sûnt 1958 is dit yn 'e Folksrepublyk Sina it standertsysteem foar transliteraasje, en yn 2009 waard it ek as sadanich ynfierd yn Taiwan. Pinyin waard boppedat yn 1982 troch de Ynternasjonale Organisaasje foar Standerdisaasje (ISO) fêststeld as de ynternasjonale standert foar de transliteraasje fan Sineeske karakters nei it Latynske alfabet. Sadwaande is it ynternasjonaal yn gebrûk foar ûnderwiis yn it Mandarynsk, de wichtichste fan 'e Sinityske talen. Dêrnjonken wurdt pinyin brûkt as standert foar in protte inputmetoaden om op 'e kompjûter yn Sineeske karakters te skriuwen (men typt de tekst dan yn pinyin, en it kompjûterprogramma jout dat op it byldskerm wer yn karakters). Pinyin omfiemet ek fjouwer opsjonele diakrityske tekens dy't op 'e fokalen pleatst wurde kinne om 'e toan oan te jaan (Sineesk is in tonale taal), mar yn 'e measte teksten wurde dy toantekens út 'e transliteraasje weilitten. De namme 'Hànyǔ pīnyīn' betsjut "stavere lûden" (pīnyīn) fan "de sprutsen taal fan 'e Han-(Sinezen)" (Hànyǔ).

Skiednis It Pinyin-systeem waard yn 'e 1950-er jierren gearstald troch ferskate taalkundigen út 'e Folksrepublyk Sina, yn opdracht en ûnder tafersjoch fan it regear fan dat lân. Dejinge dy't fan alle belutsenen de grutste ynfloed hie, wie Zhou Youguang, dy't gauris oantsjut wurdt as "de heit fan pinyin". Zhou wurke as bankier yn New York, mar doe't yn 1949, oan 'e ein fan 'e Sineeske Boargeroarloch, de Folksrepublyk útroppen waard, kearde er werom nei hûs om mei te helpen by de weropbou fan syn heitelân. Yn Sina klom er op ta perfester yn 'e ekonomy oan 'e universiteit fan Sjanghai. Doe't fanút it Ministearje fan Underwiis yn 1955 in Komitee foar de Herfoarming fan 'e Sineeske Skreaune Taal oprjochte waard, parte premier Zhou Enlai oan Zhou Youguang de taak ta om in nij transliteraasjesysteem foar omstavering nei it Latynske alfabet te betinken, ek al wied er gjin taalkundige.

Zhou en syn meiwurkers giene út fan 'e grûnslach dy't lein wie troch ferskate eardere transliteraasjesystemen, lykas Gwoyeu Romatzyh út 1928 en Latinxua Sin Wenz út 1931. Dêrby waarden guon eleminten (benammen de diakrityske tekens) foege út it zhuyin-systeem (ek bekend as bopomofo), dat in spesjaal fonetysk skrift is dat yn 1918 yn Sina ynfierd waard. Zhou sei dêr letter sels oer: "Ik bin net de heit fan pinyin; ik bin de soan fan pinyin. It is [it resultaat fan] in lange tradysje fan 'e ein fan 'e Qing-dynasty ôf oan hjoed de dei ta. Mar we hawwe it fraachstik op 'e nij besjoen en op 'e nij ûndersocht en [de oplossing] perfeksjonearre." Op 12 febrewaris 1956 waard de earste kladferzje fan pinyin publisearre, en op 11 febrewaris 1958 waard it yn 'e tuskentiid fierder útwurke systeem goedkard en oannommen troch it 1e Nasjonale Folkskongres.

Neitiid waard it transliteraasjesysteem daliks yntrodusearre op 'e legere skoallen yn 'e Folksrepublyk, as in metoade om 'e útspraak fan it Standertmandarynsk oan te learen yn gebieten dêr't de lju in oare Sinityske taal of in minderheidstaal sprieken. Ek waard it brûkt as middel om analfabetisme te bestriden, mei't it Latynske alfabet folle makliker en flugger oanleard wurde kin as Sineeske karakters. Pinyin ferfong yn it Sineeske ûnderwiis âldere transliteraasjesystemen, lykas zhuyin. Nei de yntroduksje waard it pinyin-systeem noch ferskate kearen op 'e nij besjoen, wêrby't der lytse oanpassings yn oanbrocht waarden.

Fan 'e earste helte fan 'e 1980-er jierren ôf begûnen publikaasjes út 'e Westerske wrâld dy't oer it fêstelân fan Sina giene, it pinyin-systeem te brûken. It kaam dêrby yn it plak fan âldere transliteraasjestelsels, lykas Wade-Giles (yntrodusearre troch Thomas Wade yn 1859 en yngeand oanpast troch Herbert Giles yn 1892). Dat systeem wie oant 1979 tige populêr yn Ingelsktalige publikaasjes dy't bûten Sina ferskynden. De oerstap op pinyin folge op 'e normalisearring fan 'e diplomatike relaasjes tusken de Feriene Steaten en de Folksrepublyk Sina yn 1979. De Ynternasjonale Organisaasje foar Standerdisaasje (ISO) fierde pinyin yn 1982 yn as de ynternasjonale standert foar de transliteraasje fan Sineeske karakters nei it Latynske alfabet, en de Feriene Naasjes diene itselde yn 1986.

Neitiid waard pinyin ek offisjeel akseptearre troch ferskate oare ynternasjonale organisaasjes en troch it regear fan Singapoer, dêr't de mearderheid fan 'e befolking út etnyske Sinezen bestiet en it Sineesk ien fan 'e fjouwer offisjele talen is. Yn 2009 waard pinyin ek yn Taiwan ynfierd, mar guon stêden, bedriuwen en organisaasjes, benammen yn it suden fan it lân, wiene it dêr net mei iens en wegeren om pinyin te brûken. Sadwaande is it op Taiwan noch altyd ien fan ferskate transliteraasjesystemen dy't yn gebrûk binne.

Tsjintwurdich is it oer it algemien wenst om Sineeske toponimen en persoansnammen, fral as dy fan it Sineeske fêstelân komme, yn it Latynske skrift te staverjen neffens de transliteraasje fan it pinyin-systeem. In foarbyld is de feroaring fan 'e stavering fan 'e bekende kommunistyske foaroanman en oprjochter fan 'e Folksrepublyk, dy't foarhinne Mao Tse-tung hiet (neffens it Wade-Giles-systeem), mar tsjintwurdich oer it algemien oantsjut wurdt as Mao Zedong (neffens it pinyin-systeem). Yn 'e Folksrepublyk is pinyin no ek fierwei de meast brûkte inputmetoade om op 'e kompjûter yn Sineeske karakters te skriuwen (men typt de tekst dan yn pinyin, en it kompjûterprogramma jout dat op it byldskerm wer yn karakters). Op Taiwan wurdt dêrfoar noch it meast zhuyin (bopomofo) brûkt.

Utspraak Oersjoch Pinyin is in staveringssysteem dat eigen fonetyske wearden takent oan 'e ûnderskate letters fan it Latynske alfabet, krekt sa't talen dat dogge dy't allinnich mar yn dat alfabet skreaun wurde. Ek tusken sokke Westerske talen besteane dêrtroch by deselde letter ferskillen yn útspraak. Sa wurdt de letter z yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk útsprutsen as de fonetyske [z] fan "raze", wylst dyselde letter yn it Dútsk en Italjaansk stiet foar de [ʦ] fan "tsiis". As men Sineesk lêst dat werjûn is yn pinyin, moat men der dus net fan útgean dat de letters dy't brûkt wurde, deselde fonetyske wearde hawwe as yn it Frysk. Fral de letters c, q, x en z hawwe yn pinyin in foar Friezen ûngebrûklike fonetyske wearde, en kinne jin dêrom flink ferrifelje.

In lytser ferskil is dat it Standertmandarynsk, de foarm fan Sineesk dy't ornaris mei pinyin werjûn wurdt, net oer de klanken [b] (fan "bêd"), [d] (fan "dak") en [ɡ] (fan "goed") beskikt, wylst pinyin wol de letters b, d en g brûkt. Dy binne krekt as yn bgl. it Frysk yn pearen plofklanken keppele oan 'e p, t en k. Yn it Frysk en de measte oare Westerske talen is it ferskil dat de b, d en g stimhawwende plofklanken werjouwe, wylst p, t en k steane foar de stimleaze farianten fan dyselde plofklanken. Yn pinyin wurde letters fan 'e trije pearen net faninoar ûnderskaat troch stimhawwendheid en stimleazens, mar troch it al of net hawwen fan aspiraasje. Dat is it útsprekken mei in lichte h derefteroan, lykas Grinslanners faak dogge yn it bekende "Marthinithoren". Yn pinyin steane de b, d, g sadwaande foar de fonetyske [p] (fan "pet"), [t] (fan "tosk") en [k] (fan "kat"), wylst de p, t en k de aspirearre foarm fan dy fonemen werjouwe: [pʰ], [tʰ] en [kʰ]. (Dat ferskil yn útspraak komt ek yn bygelyks it Ingelsk foar, hoewol't it Ingelsk, krekt as it Frysk, dêropta ek pearen faninoar ûnderskaat op grûn fan stimhawwendheid en stimleazens.)

De letters z en c foarmje yn pinyin krekt sa'n selde pear, en wurde útsprutsen as [ʦ] (ts fan "tsiis") en [ʦʰ] (de aspirearre foarm fan ts). De z hat dêrmei yn pinyin dus deselde fonetyske wearde as yn it Dútsk en Italjaansk, en de fonetyske wearde fan 'e c hat wol wat wei fan hoe't dy letter útsprutsen wurdt yn 'e Slavyske talen dy't it Latynske alfabet brûke, lykas it Poalsk, Tsjechysk, Slowaaksk, Sloveensk en Kroätysk. Oare pearen fan ûnaspirearre en aspirearre klanken binne yn pinyin j en q, en zh en ch, dy't allegearre (alteast foar it Fryske ear) min ofte mear útsprutsen wurde as de tsj fan "tsjerke". De letters x en sh wurde min ofte mear útsprutsen as de sj fan "sjippe", wylst de h stiet foar de fonetyske [x] (ch fan "leech"), de w foar de [w] (w fan "skowe") en de y foar de [j] (j fan "jaan"). De r hat yn pinyin in wearde dy't wol wat liket op 'e Ingelske r. It liket miskien frjemd om 'e q út te sprekken as tsj en de x as sj, mar it komt wol mear foar: de q hat yn pinyin min ofte mear deselde útspraak as yn it Albaneesk, wylst de x yn pinyin min ofte mear deselde útspraak hat as yn it Portegeesk, Galisysk, Katalaansk, Baskysk en Malteesk.

Begjinklanken en einklanken Oars as by Westerske talen it gefal is, foarmje yn it Sineesk (en dêrom dus ek yn pinyin) net konsonanten en fokalen de grûneleminten fan 'e útspraak, mar de saneamde begjinklanken (inisjalen) en einklanken (finalen). Begjinklanken binne de konsonanten oan it begjin fan wurdlidden, wylst einklanken alle mooglike kombinaasjes binne fan letters dy't dêrop folgje. Einklanken kinne sadwaande bestean út in middenklank (mediaal) oftewol in healfokaal dy't foar de fokaal komt; in fokaal dy't de kearn fan it wurdlid foarmet; en in koda yn 'e foarm fan in ekstra fokaal of in konsonant oan 'e ein fan it wurdlid. Om in foarbyld te jaan: yn it twadde wurdlid fan 'pinyin' is y- de middenklank, -i- de kearn en -n de koda.

Begjinklanken besteane yn it Sineesk altyd út persiis ien konsonant; konsonantklusters dy't yn it Frysk hiel gewoan binne (bgl. "sprekke", "slak" of "strjitte" komme dus net foar. De einklanken einigje yn it Sineesk altyd op in fokaal of op ien fan 'e konsonanten [n] (n fan "net") of [ŋ] (ng fan "lang"). Utsûnderings op dy lêste regel binne it bysûndere oanslutende wurdlid -er en gefallen wêrby't de koda út in -r bestiet. Dat lêste is frij gewoan yn beskate Sineeske dialekten, mar komt yn it Standertmandarynsk mar komselden foar. In bekend foarbyld is de namme fan 'e stêd Harbin (ferienfâldige Sineesk: 哈尔滨; tradisjoneel Sineesk: 哈爾濱), dy't fan oarsprong net Sineesk is, mar ûntliend is oan 'e Mantsjoe-taal.

Klankynventaris Begjinklanken Yn 'e tabel hjirûnder wurdt de folchoarder oanholden dy't pinyin oernommen hat fan it eardere zhuyin-systeem: b, p, m, f, d, t, n, l, g, k, h, j, q, x, zh, ch, sh, r, z, c, s.