In Sineeske namme is de namme fan persoanen yn 'e Folksrepublyk Sina, Hongkong, Makau en Taiwan en fan lju fan etnysk Sineesk komôf om utens. Fanwegen de histoaryske dominânsje fan Sina yn 'e kultuer fan East-Aazje en Súdeast-Aazje binne in soad Koreaanske nammen en Fjetnameeske nammen eins adaptaasjes fan Sineeske nammen, of binne alteast histoarysk woartele yn 'e Sineeske taal. Foarhinne hiene Sinezen in soad ferskillende nammen, lykas de tatenamme, skoalnamme, hoflikheidsnamme en postume namme. Dat hong foar in part gear mei taboes oangeande wa't wa yn 'e tradisjonele Sineeske kultuer by namme neame mocht, sels as de neamde persoan net oanwêzich wie. Tsjintwurdich is de Sineeske namme allinne noch opmakke út in famyljenamme, almeast besteande út ien wurdlid, en in foarnamme, almeast besteande út twa wurdlidden, wêrby't de famyljenamme foàr de foarnamme pleatst wurdt. Yn in bekende namme as Mao Zedong is dus 'Mao' de famyljenamme, en 'Zedong' de foarnamme.

Iere skiednis Yn 'e earste helte fan it lêste milennium f.Kr., ûnder it regear fan 'e Zhou-dynasty, koene leden fan 'e Sineeske adel wol fjouwer ferskillende nammen hawwe: in foarnamme (名, míng), in klannamme (姓, xìng), in geslachtsnamme (氏, shì) en in hoflikheidsnamme of stylnamme (字, zì). Dêropta hiene se dan ek noch twa titels: in standerttitel (爵, jué) en in postume titel (諡, shì, of 諡號, shìhào). Sljochtwei folk hie mar ien namme, de 'foarnamme' (míng), mar it konsept fan foar- en efternammen bestie doe noch hielendal net, ek net mank de adel. Pas fan likernôch 500 f.Kr. ôf, yn it saneamde Tiidrek fan Maityd en Hjerst, begûnen de âlde geslachts- en klannammen har te ûntjaan ta famyljenammen yn 'e moderne betsjutting fan dat wurd. Dat proses duorre lykwols ferskate iuwen en pas oan 'e ein fan 'e Han-dynasty, yn 'e earste iuw f.Kr., hiene alle Sinezen famyljenammen oannommen.

Sineeske famyljenammen De Sineeske famyljenamme (oftewol efternamme) stiet foàr de foarnamme. Utsein dyjingen dy't bûten Sina, Taiwan en Súdeast-Aazje wenje of lju dy't faak of lang om utens reizgje, passe Sinezen harren nammefolchoarder frijwol nea oan 'e Westerske wizânsje oan (earst foarnamme, dan famyljenamme). En Westerske publikaasjes behâlde by it werjaan fan Sineeske nammen frijwol altyd de Sineeske nammefolchoarder (earst famyljenamme, dan foarnamme). Dêrmei ferskille Sinezen fan Japanners, want hoewol't yn it Japansk ek de famyljenamme foàr de foarnamme stiet, is it wenst dat Japanners yn it bûtenlân (of yn kommunikaasje mei it bûtenlân) dy folchoarder omdraaie. Ek yn Westerske publikaasjes wurde Japanske nammen frijwol altyd werjûn mei de foarnamme foàr de famyljenamme.

Hoewol't der tsjintwurdich yn Sina mear as 4.000 ûnderskate Sineeske famyljenammen (姓, xìng) yn gebrûk binne, dielt 85% fan 'e oardel miljard ynwenners fan it lân 100 famyljenammen. De top 3 allinnich al, Wang (王), Li (李) en Zhang (張), beslacht mear as 20% fan 'e befolking. Dy homogeniteit komt fuort út it feit dat de grutte mearderheid fan 'e Sineeske famyljenammen út mar ien inkeld karakter (en dus út ien inkeld wurdlid) bestiet, wylst famyljenammen fan mear as ien wurdlid oer it algemien foarbeholden binne oan 'e ferskate etnyske minderheden yn Sina, lykas de Mongoalen, de Tibetanen en de Oeigoeren. Dat hat yn 'e skiednis fan Sina net altyd sa west: tusken de earste en de fyfde iuw nei Kristus waarden troch in wet tsjin foarnammen dy't út mear as ien wurdlid bestiene, foar in perioade fan in pear iuwen mearwurdliddige famyljenammen populêr. Ferskate foaroansteande persoanen út dy snuorje, lykas Zhuge Liang en Sima Qian, hiene dan ek in famyljenamme dy't út twa wurdlidden en in foarnamme dy't út ien wurdlid bestie, persiis it tsjinstelde fan 'e hjoeddeiske sitewaasje.

De Sineeske famyljenamme komt fuort út twa ûnderskate prehistoaryske tradysjes: de klannamme (姓, xìng) en de geslachtsnamme (氏, shì). De oarspronklike dragers fan in klannamme wiene ferskate famyljes mei keizerlik bloed oan it hof fan 'e Shang-dynasty, fan wa't de namme fanwegen harren ôfstamming yn 'e froulike line fan it keizershûs altyd de 'frou'-radikaal (女) omfieme. De oarspronklike dragers fan in geslachtsnamme wiene gjin famyljes, mar de opienfolgjende hearskers oer beskate lienen en de opienfolgjende dragers fan beskate aadlike titels dy't troch it hof fan 'e Shang-dynasty útrikt waarden. Mei útsûndering fan Jiang (姜) en Yao (姚) binne de oarspronklike klannammen neitiid alhiel ferdwûn. Iroanyskernôch hawwe de oantsjuttings xìng en shì fan betsjutting wiksele, mei't xìng no brûkt wurdt om famyljenammen oan te tsjutten dy't foar it meastepart fuortkomme út 'e oarspronklike geslachtsnammen, wylst shì yn 'e moderne kontekts ferwiist nei de famyljenammen fan troude froulju.

De ûnbidich grutte moderne nammeklans diele soms ien inkele tanghao of 'foarâlderlike seal', mar besteane eins út in ferskaat oan ferskillende famyljes dy't deselde namme brûke mar net genetysk besibbe binne. De famyljenamme Ma (馬), bygelyks, omfettet de neiteam fan 'e hege amtner Zhao She, út it Tiidrek fan de Oarlogjende Steaten (476-221 f.Kr.), de ôfstammelingen fan dy syn ûnderdienen yn it lien Mafu, etnyske Koreänen út 'e net besibbe Mahan-konfederaasje en moslims út hiel westlik Sina fan wa't de foarâlden de namme Ma oannamen om 'e profeet Mohammed te earjen. Mar hoe fiersocht oft de bannen tusken sokke lyknammige famyljes soms ek binne, it bliuwt yn Sina min ofte mear taboe om mei immen te trouwen dy't deselde efternamme hat.

Famkesnammen fan troude froulju Tradisjoneel hâldt in Sineeske frou by har trouwen har eigen famyljenamme, sûnder tafoegings of oanpassings. Ek nimt se net de famyljenamme fan har man as bykommende famyljenamme oan. Fan in ûnderskie tusken famyljenammen en de famkesnammen fan troude froulju, sa dat yn 'e Westerske wrâld bestiet, is yn Sina dus eins gjin sprake. Bern dy't út in houlik berne wurde, krije de famyljenamme fan 'e heit. Dizze sitewaasje is tsjintwurdich noch altyd wizânsje yn 'e Folksrepublyk Sina, hoewol't yn 'e moderne wetjouwing omtrint it famyljerjocht eksplisyt fêstlein is dat in bern ek de famyljenamme fan 'e mem drage mei. Dêrnjonken is it ek mooglik (mar komt it mar selden foar) dat in bern de famyljenammen fan beide âlden kombinearret. Fanwegen Westerske ynfloed is it yn Hongkong en Makau, regio's dy't lange tiid koloanjes fan it Feriene Keninkryk, resp. Portegal west hawwe, wol wenst wurden dat troude froulju de famyljenamme fan harren man oannimme, dy't dan foàr de eigen famyljenamme set wurdt.

Sineeske foarnammen Sineeske foarnammen (名, míng, of 名字, míngzi) beslane in folle grutter ferskaat as Sineeske famyljenammen, ek al binne se frijwol allegear beheind ta twa wurdlidden. Farianten ynbegrepen binne der teminsten 106.000 ferskillende Sineeske karakters, mar anno 2006 koene dêrfan yn 'e Folksrepublyk Sina mar 32.000 digitaal ynfierd wurde. It oandiel fan karakters dy't gongber binne (d.w.s. geregeldwei troch in oansjenlik diel fan 'e befolking brûkt wurde), is sels noch behindiger. Sineeske foarnammen wurde keazen op grûn fan in stikmannich faktoaren, lykas it hawwen fan in oangename klank en toan (it Sineesk is in tonale taal), it hawwen fan positive assosjaasjes of it skreaun wurden mei in karakter mei in elegante foarm. It komt rûnom foar dat de beide wurdlidden op dy kritearia folslein los faninoar keazen wurde, mar dochs is de op dy wize ûntstiene foarnamme altyd in ienheid wêrfan't de beide wurdlidden net los faninoar bestean kinne, ek al hawwe se yn 'e ûntstiene kombinaasje gjin betsjutting mear. (Dizze sitewaasje is ferlykber mei Fryske nammen: 'Wil-' en '-lem' foarmje ien namme, 'Willem', ek al binne it twa wurdlidden.)

Hjoed oan 'e dei meitsje foarnammen dy't út twa karakters en dus wurdlidden besteane mear as 80% út fan alle Sineeske foarnammen. Dat is lykwols in sitewaasje dy't pas sûnt de Ming-dynasty (1368-1644) sa is. Under de iere Han-dynasty (206 f.Kr.-9 n.Kr.) bestie 70% fan alle foarnammen út mar ien karakter. Under de Xin-dynasty (9-23) gie dat persintaazje omheech oant 98%, nei't keizer Wang Mang alle twawurdliddige foarnammen ferbea. Hoewol't de Xin-dynasty mar fjirtjin jier duorre, bleau dy wet mear as fjouwer iuwen fan krêft, oant troch ynvaazjes út it noarden en de winsk fan 'e hegerein foar it stiftsjen fan geslachten de belangstelling foar sokke langere foarnammen wer tanaam. Pas ûnder de Tang-dynasty (618-907) en de Song-dynasty (960-1279) krige it meastepart fan 'e Sineeske befolking in foarnamme dy't út twa karakters bestie, mar de Liao-dynasty (907-1125) en de etnysk Mongoalske Yuan-dynasty (1271-1368) joegen wer sterk de foarkar oan foarnammen fan ien karakter. De restauraasje fan 'e etnysk Sineeske dominânsje ûnder de Ming-dynasty (1368-1644) en de promoasje fan 'e etnysk Sineeske kultuer ûnder de etnysk Mantsjoeske Qing-dynasty (1636-1911) soargen neitiid yn 'e mande mei de opkomst fan generaasjenammen foar de fêstiging fan 'e hjoeddeistige tradysjes.

Sineeske foarnammen wurde faak jûn op basis fan 'e manlike of froulike kwaliteiten dy't men der yn trochklinken heart, wêrby't manlju ferbûn wurde mei krêft en strangheid en froulju mei skientme en blommen. It is gongberder om in ferlytsingsfoarm ta te foegjen oan famkesnammen as oan jongesnammen. Sokke ferlytsingsfoarmen binne bgl. it wurd xiǎo, dat "lyts" of "jong" betsjut of in ferdûbeling fan 'e karakters, lykas yn nammen as Mingming of Meimei. Der besteane lykwols ek foarbylden fan bekende manlju dy't sa'n soarte namme hawwe, lykas de kommunistyske foaroanman Deng Xiaoping en de keunstner en dissidint Ai Weiwei. Lju fan it plattelân hiene foarhinne gauris nammen dêr't it plattelânslibben yn trochklonk, lykas Daniu (大牛, "grutte okse") of Dazhu (大柱, "grutte peal"), mar sokke nammen begjinne tsjintwurdich ûngewoan te wurden.

Fierders wurdt it yn Sina, oars as yn it Westen, beskôge as wat dat net heart om in bern nei in bekend persoan te ferneamen. Dat nimt net wei dat tsientûzenen lju in tige gongbere namme as dy fan horderinner Liu Xiang diele kinne, salang't se mar net spesifyk nei him ferneamd binne. It is yn Sina ek tige ûngewoan om in bern te ferneamen nei in famyljelid, wat te krijen hat mei tradisjonele nammetaboes. As men in bern nei bgl. syn pake ferneamt, sille ommers oare jongere leden fan 'e famylje altyd de namme fan 'e pake brûke moatte om dat bern oan te sprekken, en it wurdt yn Sina beskôge as hiel ûnfatsoenlik as jongere famyljeleden de foarnamme fan in âlder famyljelid útsprekke, ek as dy der sels net by binne. Foarâlden kinne wol op in oare wize ynfloed útoefenje op 'e nammejouwing fan Sineeske bern, ntl. troch de saneamde generaasjenamme. Dêrby dielt elts bern út ien generaasje fan in famylje ien fan 'e beide karakters fan 'e foarnamme. Sechstjin, tweintich, twaentritich of noch mear generaasjenammen waarden dan yn 't foar fêstlein, sadat dy mei-inoar in gedicht foarmen. It gedicht dat yn 1737 foar tweintich neikommende generaasjes fan 'e famylje fan Mao Zedong fêstlein waard, gie bgl. sa: 立显荣朝士,"Wês grutsk en lit dat sûnder te skromjen oan 'e hearen sjen," 文方运际祥。"En stúdzje en tapassing sille de grinzen fan ús fortún úttynje litte." 祖恩贻泽远,"Ut foarâlderlike geunsten komt troch de tiid hinne freonlikheid fuort," 世代永承昌。"Neikommelingen dy't foar ivich yn 'e skuld steane foar harren woltier." Dat gedicht wie mei Mao sels yn 'e fjirtjinde generaasje oanbelâne, doe't er dermei briek en syn soannen ynstee de generaasjenamme An (岸, "grutsk") joech. In selde wizânsje bestie foarhinne oangeande de artystenammen fan 'e sjongers fan 'e Sineeske opera: alle studinten dy't yn itselde jier oan 'e trening oan in ynstitút begûnen, namen dan itselde earste karakter oan foar harren nije foarnammen. Ofhinklik fan 'e regio en de tradysjes fan 'e oangeande famylje waarden dochters faak net yn 'e famyljeregisters opnommen en dielden dêrom net de generaasjenamme fan 'e soannen, hoewol't it skoan mooglik wie dat se in eigen generaasjenamme hiene.