Flynn Morrison (Los Angeles, 17 maart 2005)Biografyske gegevens fan Flynn Morrison. is in Amerikaansk akteur. Hy waard benammen bekend mei syn rol yn 'e komeedzjesearje Last Man Standing.
Libben en karriêre Morrison waard yn 2005 berne yn Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Dêr groeide er ek op. As jong bern wurke er mei oan ferskate reklamespotsjes foar op 'e tillefyzje. Yn 2012, doe't sân jier wie, hied er in gastrol as Malcolm Cutler yn 'e ôflevering Single Fright Female fan 'e tillefyzjesearje Pretty Little Liars.
Datselde jiers krige Morrison in fêste rol yn 'e populêre komeedzjesearje Last Man Standing. Hy spile yn dy rige Boyd Baxter, de pakesizzer fan haadrolspiler Mike Baxter (in rol fan Tim Allen), en de soan fan servearster Kristin Baxter (spile troch Amanda Fuller) en har Kanadeeske freon Ryan Vogelson (spile troch Jordan Masterson). Morrison wurke yn Last Man Standing fierders gear mei Nancy Travis, Molly Ephraim, Kaitlyn Dever, Héctor Elizondo en Christoph Sanders. Hy spile de rol fan Boyd Baxter fan seizoen 2 oant en mei 6; yn seizoen 7 waard deselde rol oernommen troch Jet Jurgensmeyer.
Keppelings om utens Folsleine filmografy fan Flynn Morrison yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Persoan berne yn 2005