Dit is in list fan hearskers yn Fryslân:
Iere lieders
Maloriks en Ferritus om-ende-by 50-60 Folkwalda, de heit fan Finn, sa. 375-400 Finn Folkwalding of Finn om-ende-by 400
Fryske keningen
Audulf om-ende-by 600-630, (oerwinner fan de Franken, nei alle gedachten kening Teudebert II). Adgillis I of Eadgils om-ende-by 650-680, Redbad I of Redbad (680-719), Poppo, Hrodbad, Rodbad, Eadgils II, Bubo of Bobba (719-734),
Yn 734 wurdt it Fryske Ryk foar fêst oermastere troch de Franken.
Fryske Greven
Alfbad, greve fan Eastergoa, om-ende-by 745-760 Durk, greve fan Rjustringen, om-ende-by 780-793 Gerhart, greve fan Westergoa, 822-842 Hemming, greve fan Rjustringen, 841 Gerolf, greve fan Kinmerlân, 850-890 Albdag, greve fan Eastergoa, om-ende-by 870-880
Wytsingen Hearskers
Rorik, greve fan Fryslân, 850-880 Godfried, greve fan Fryslân, 880-885
Greven fan Mid-Fryslân
Liudolf, -1038 Bruno, 1038-1057 Egbert I, 1057-1068 Egbert II, 1068-1088 Hindrik de Fette, 1101
De Potestaten (troch it folk keazen)
Sicko Sjaerdema (1237), dy't de oanbieding fan greve Willem II, om him de hearskippij oer Fryslân te besoargjen, grutsk ôfwiisde Reinier Camminga († 1306), dy't yn de striid tsjin de Noarmannen sneuvele Hessel Martena († 1313), dy't Fryslân tsjin de oanfallen fan 'e greven fan Hollân beskerme Juw Juwinga († 29 augustus 1396), yn de slach by Skoattersyl tsjin Albrecht III fan Saksen sneuvele Sytse Dekama Gale Hania Odo Botnia (1399) Sjoerd Wiarda, allinnich foar Eastergoa, by de Skieringers Haring Haringsma (1404), allinnich foar Westergoa, by de Fetkeapers Juw Dekama (1494), de Skieringer Julius Dekama fan Baard koe syn gesach net hanthavenje troch de tanimmende ferbittering fan de striid tusken de Skieringers en Fetkeapers, en droech de macht oer oan de Hartoch fan Saksen.
Erfpotestaat
Albrecht III fan Saksen (1498-1500) Hindrik V fan Saksen, (1500-1504) George fan Saksen (1504-1515), Stelde in gerjochtshof en in munt yn. Karel fan Eastenryk - hartoch fan Boergonje, greve fan Hollân, hear fan Fryslân, berne yn Gint yn 1500, gewoanwei Keizer Karel neamd.
Steedhâlders
Floaris fan Egmond, greve fan Buren (1515-1518) Willem fan Roggendorf, (1518-1521) Georg Schenk fan Toutenburch, (1521-1540) Maksimiliaan fan Egmond, greve fan Buren (1540-1548) Jan fan Ligne, greve fan Arenberg (1549-1568) Karel fan Brimeu, greve fan Megen (1568-1572) Gillis fan Berlaymont, hear fan Hierges (1572-1574) Caspar de Robles, hear fan Billy (1574-1576) (neffens guon boarnen 1572-1576) George fan Lalaing, greve fan Rennenberg (1576-1581), (fan 1580 ôf yn tsjinst fan Filips II) Francisco Verdugo (1581-1594) (yn tsjinst fan Filips II) Willem I fan Oranje-Nassau, (1580-1584) Willem Loadewyk fan Nassau, (1584-1620) Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz, (1620-1632) Hindrik Kasimir I fan Nassau-Dietz, (1632-1640) Willem Freark fan Nassau-Dietz, (1640-1664) Hindrik Kasimir II fan Nassau-Dietz (1664-1696), regintesse: Albertine Agnes fan Oranje-Nassau, (1664-1673) Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz (1696-1711), regintesse: Henriette Amalia fan Anhalt, (1696-1707) Willem IV fan Oranje-Nassau (1729-1751), regintesse: Maria Louise fan Hessen-Kassel, 1711-1729 Willem V fan Oranje-Nassau, (1751-1795)
Sjoch ek List fan legindaryske hearskers yn Fryslân
Kategory:Skiednis fan Fryslân 2