Spanner wie in Fryske rockband, dy't aktyf wie tusken 2001 en 2006 mei as sjonger Syb van der Ploeg. Van der Ploeg wie oant en mei 2002 sjonger fan de Fryske band De Kast. Nei it útienfallen fan dizze band rjochte hy tegearre mei drummer Nico Outhuijse de Ingelsktalige band Spanner op.
Spanner hat twa studio-albums útbrocht. It aardich stevige 'Wonderful World' út 2003 en it wat ôfwikseljendere 'Solid Ground' út 2005. Fan dizze albums binne in tal singles útbrocht, mar allinich de single 'Wonderful World' behelle in notering yn de Nederlânske hitlisten. 'Wonderful World' skopte it ta nûmer 65 in de Nationale Single Top 100.
De bandleden fan Spanner binne ek aktyf as koverband ûnder de namme Syb & Band.
Bandleden Syb van der Ploeg - Sjonge Nico Outhuijse - Drums Johan Hofman - Basgitaar, sjonge Jeff Zwart - Gitaar Paul Bergman - Keyboards
Albums Juny 2003 - Wonderful World Juny 2005 - Solid Ground
Singles Maart 2003 - Run Maaie 2003 - Wonderful World Maart 2004 - Dragonfly April 2004 - Find A Way (mei Tasha's World) April 2005 - Invisible Juny 2005 - Whatever You Say (promo) Oktober 2005 - Falling Maart 2006 - Dancing With Tears In My Eyes
Kategory:Fryske rockband Kategory:Band oprjochte yn 2001 Kategory:Band opheft yn 2006