Manfred Marcel de Graaf, sûnt 2003 Manfred Marcel Derman (Amsterdam, 8 jannewaris 1939 - Warmond, 27 novimber 2018NOS Nieuws, 28 novimber 2018) wie in Nederlânsk akteur.

Wurkpaad Manfred de Graaf makke yn 1954 doe't er 15 jier wie syn toanieldebút by it Rotterdamsk Toaniel yn De merkwaardige meneer Pennypacker fan Liam O'Brien. Om 1960 hinne stapte er oer nei de Haagse Comedie, dêr't er oant 1974 by spylje soe. Dêrneist en dêrnei wie er te sjen yn spylfilms en telefyzjerigen. De Graaf waard yn de jierren tachtich foaral bekend as dokter Hans Lansberg yn de VARA-telefyzjesearje Zeg 'ns Aaa (njonken û.o. Sjoukje Hooymaayer en Carry Tefsen), dy't fan 1981 oant 1993 rûn. Hy die yn 2003-2004 ek mei oan de toernee troch Nederlân fan de teäterferzje fan Zeg 'ns Aaa.

De Graaf wie ek direkteur fan de kommersjele telefyzje-omrop Tele8 yn Twinte en late om 1990 it ta stân kommen fan de Rijswijkske Skouboarch.

Persoanlik libben Op 15 jannewaris 2003 waard by Keninklik beslút syn achternamme feroare yn Derman, de achternamme fan syn yn 1943 troch de nazy's fermoarde heit, in Roemeensk diplomaat.Ynterview mei Manfred de Graaf/Derman yn 2003

Filmografy Unfolslein: Een zomer lang (telefyzjefilm, 1959) - Rol ûnbekend Het huis van mijn ouders (tf-film) - Rol ûnbekend Makkers, staakt uw wild geraas (1960) - Rol ûnbekend De dans van de reiger (1966) - Matroas The Little Ark (1972) - Fotograaf Turks fruit (1973) - Henny Ieder zijn deel (tf-searje) - Hubert (1977-1978) Dokter Vlimmen (1977) - Dokter Treeborg Tussen wal en schip (telefyzjesearje) - Jürgen Glas (1977) Boeing Boeing, (Klucht, 1978) - Paul Dagboek van een herdershond (tf-searje) - Johannes de Hertog (Ofl. ûnbekend, 1978-1980) Zeg 'ns Aaa (tf-searje, 1981-1993) - Dokter Hans Lansberg Twee vorstinnen en een vorst (1981) - Learaar Ik ben Joep Meloen (1981) - Kurt De ware Jacob (Klucht, 1983) - Bob De Lift (1983) - Makeler Spekkinga Moordspel (1987) Ton van Straalen Goede tijden, slechte tijden (tf-searje) - Martin Helmink (1996, 1996-1997) Intensive Care Tf-searje - Dokter Reijnders (2002) Het Glazen Huis Tf-searje - Pieter Balk (2004)

Keppelingen om utens IMDb-profyl Manfred de Graaf yn de teäterensyklopedy

Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Persoan berne yn 1939 Kategory:Persoan stoarn yn 2018