Corri Antoni Boonstra (Buinen, 16 febrewaris 1938) is in rêstend Nederlânsk aktrise.

Cocki Boonstra is in dochter fan in Fryske heit en in mem fan Tsjechysk komôf. Sy folge it gymnasium yn Rotterdam. Goed in jier letter gie se nei de Toanielskoalle yn Arnhim oant har slagjen yn 1960. Op 28 july 1960 debutearre hja mei de rol fan Martine yn it stik mei deselde namme fan Jean-Jacques Bernard by Toanielgroep Studio. Sûnt die hja ek telefyzje- en radiowurk (harkspullen ûnder regy fan Johan Wolder); de lêste jierren op freelance-basis.

Cocki Boonstra waard bekend fan har rollen yn The Family (1973), de Dútske ZDF-telefyzjerige Die drei Klumberger (1977) en Een zonnige morgen (1962). Yn 1975 siet se ek yn de film Keetje Tippel.

Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk harkspulakteur Kategory:Drintsk persoan Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Tsjechysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1938