It Munster fan Bern (Berner Münster) is de grutste tsjerke út de lette midsiuwen fan Switserlân. De toer fan 'e grifformearde tsjerke is sûnt de foltôging yn 'e jierren 1889-1893 mei 100,6 meter de heegste fan it lân. Mei de bou fan it oan 'e hillige Finsintius wijde munster waard yn 1421 útein set. Sûnt de reformaasje is de goatyske tsjerke in protestantsk gebou.

Skiednis It wurk oan 'e bou sette op 11 maart 1421 útein ûnder de beskerming fan 'e hillige Finsintius fan Saragossa. Op it plak bestie earder al in tsjerke, de saneamde Leutkirche, in yn 1190 mei de stifting fan 'e stêd boude en yn 1276 op 'e nij boude romaanske tsjerke.

It munster waard mei de klok mei om de âlde Leutkirche hinne boud. Bouhearen fan 'e tsjerke wiene de steat Bern en de Dútske Oarder. De bou fan 'e kapellen en koerramen waarden troch rike famyljes út de stêd, bruorskippen en gilden mooglik makke. thumb|left|It munster foar de foltôging fan 'e toer yn 'e 19e iuw. De earste boumaster by de bou fan it nije munster wie Matthäus Ensinger. Neffens de súd-Dútske tradysje begûn er mei ien westlike toer yn 'e breedte fan it hiele skip. Wylst syn foarbylden (de munstertsjerken fan Ulm en Freiburg en de katedraal fan Fribourg) mar ien sintrale middenpoarte hiene, brocht Ensinger by it Berner munster alle trije westlike portalen ûnder yn in trijedielige, ryk fersierde foarbou. Tusken 1460 en 1480 makke de byldhouwer Erhart Küng de bylden fan 'e foarhal en it portaal. Yn 1517 waard it goatyske koer mei it ferwulft foltôge en yn 1573 waard ek it netferwulft fan it middenskip oanbrocht. De fierdere bou fan 'e toer waard fanwegen swakke fûneminten op de hichte fan 60 meter (oant de ûnderste achthoek) yn 1521 ôfbrutsen. Politike en godstsjintige feroarings makken dat it wurk ek letter net mear ôfmakke waard. Pas yn 1893 waard de toer op 'e folle hichte fan 100,6 meter brocht.

Yn 1529 waarden yn it ramt fan 'e reformaasje alle alters, bylden en bygebouwen ferwidere. Dêrby sneuvele ek it grêf fan Rudolf fan Bern. It likernôch fjouwer jier âlde jonkje waard yn 1294 yn Bern dea fûn. Al gau gyng it geroft dat it jonkje slachtoffer wie fan in rituele moard, itjinge in pogrom ta gefolch hie. Rudolf waard yn Bern as in martler beskôge en dêr as in hillige fereare.

Beskriuwing Haadportaal thumb|left|Haadportaal. De 234 sânstiennen bylden fan it portaal stelle it Jongste Gerjocht foar en binne oer de hiele wrâld ferneamd. Fanwegen de loftsmoargens moasten de 47 libbensgrutte bylden yn 'e 20e iuw troch replika's ferfongen wurde. De orizjinele bylden steane yn it Bernisches Historisches Museum.

Ynterieur Ferwulft thumb|260px|Ferwulft middenskip. It ferwulft yn it koer waard yn 1517 ûnder lieding fan Peter Pfister yn 'e jierren 1505-1520 ynbrocht. It besit 86 slútstiennen mei byldhouwurk, dy't neffens in hierarchysk programma oardene binne. De kleuren fan 'e reliëfs op 'e slútstiennen binne sûnt 1517 nea feroare. By de ferbouwing fan it koer binne se allinne skjinfage. Ek by de restauraasje fan 'e jierren 2014-2018 die bliken dat de slútstiennen yn in tige goede steat wiene. De beskildering op 'e fjilden tusken de ribben waarden troch Niklaus Manuel en syn feinten oanbrocht. In nije oanset nei de reformaasje om it munster te foltôgjen makke it foar Daniel Heintz mooglik om it netferwulft yn it middenskip oan te bringen. De slútstiennen dêre binne minder pronkfol as yn it koer en mei wapens fersierd.

Koerramen It koer fan it munster hat seis grutte letgoatyske maaswurkfinsters mei brânskildere glês. De belangrykste ramen stamme út de jierren 1441-1451 en binne troch de adel en notabelen skonken. De trije meast loftse ramen (it saneamde Hostienmühlenfenster, it Trijekeningenraam en it finster fan 'e Beam fan Jesse) binne hast hielendal orizjineel. Twa ramen op 'e súdlike kant, it Passy- en it Tsientûzen Ridders-raam, ferlearen mear as de helte fan 'e oarspronklike glêsskiven by twa heilstoarmen yn 'e 16e iuw. In oar raam waard fuort by de earste heilstoarm hielendal ferneatige. Yn 1868 waarden oan 'e súdlike kant fan it koer twa nije ramen ynbrocht. De 19e-iuwske ramen lykje op 'e midsiuwske, mar wike ôf troch mear krêft yn 'e kleurstelling en it hege realisme fan 'e foarstelde figueren.

Koerstuolte thumb|left|Ynterieur. thumb|Koerstuolte. It renêssânse koerstuolte waard tusken 1522 en 1525 troch Jacob Ruess út Schaffhausen en syn learling Heini Seewagen boud. De ûntwerpen dêrfoar waarden troch Niklaus Manuel tekene. Op 'e rêgen fan it stuolte wurde de apostels (noardlike kant) en de profeten (súdlike kant) útbylde. Op 'e bûtenwangen steane bibelske foarstellings, wylst de figueren op 'e stuollen minsken út it deistige libben toane.

Kapellen Oant de Reformaasje wiene de kapellen mei hekken fan 'e sydskepen ôfsûndere. De partikulieren, bruorskippen en gilden holden yn harren kapellen privee-missen. De kapellen wiene mei alters, wapens, brânskildere glês en keunswurken fersierd. It munster hie tolve kapellen.

Aldersielenalter Yn 1505 joech de stedsskriuwer fan Bern in Aldersielenalter foar de earme sielen fan 'e stêd, dat tsjintwurdich yn it Keunstmuseum fan Bern stiet.

Liturgyske boeken thumb|left|De letter V ("Vincentem mundum adoremus ...") mei in miniatuer fan 'e hillige Finsintius yn in goatysk gebou mei op 'e eftergrûn it wapen fan Bern yn in liturgysk boek fan it munster. Yn 'e tiid fan it koarhearestift fan 1484 oant 1528 waarden prachtige, grutte liturgyske koarboeken makke, dy't foar de deistige liturgy brûkt waarden. Twa skriuwers binne mei namme bekend, in sekere master Michel en Konrad Blochinger, wylst de yllustraasjes troch ûnbekenden oanbrocht waarden. Nei de Reformaasje binne de boeken nei Estavayer (fjouwer bannen) en Vevey (twa bannen) brocht.

Tsjerklik tekstyl It tsjerklik tekstyl dat de Reformaasje oerlibbe wurdt tsjintwurdich bewarre yn it Bernisches Historisches Museum. Dêrûnder binne û.o. koerkleden mei katolike foarstellings.

Oargels thumb|Oargel. Oant de Reformaasje hie it munster twa grutte en trije lytse oargels. De twa grutte oargels wiene swellenêstoargels yn it koer en it noardlike middenskip. Oan 'e tichtmitsele iepenings yn 'e muorren is noch te sjen wêr't se earder hongen. Troch de Reformaasje moasten de oargels ferdwine, Zwingli neamde de oargels nammentlik "dúvelske doedelsekken", dy't de earnst fan 'e prakkesaasjes slommerich makken.

Alhoewol't it oargel ynearsten ferbean wie, krige it munster yn 'e rin fan 'e tiid dochs wer oargels. Tsjintwurdich hat it munster fjouwer ynstruminten: it grutte oargel op 'e westlike kreake, in swellenêstoargel oan 'e súdlike muorre fan it koer en twa lytsere oargels.

It grutte oargel waard yn 1729 troch Gottlieb Leuw út Bremgarten boud. Oarspronklik telde it ynstrumint 38 registers, mar yn 'e rin fan 'e tiid waard it grutte oargel ferboud en fergrutte. Sûnt de lêste ferbouwing yn 'e jierren 1998-2000 troch Orgelbou Kuhn hat it oargel 71 klinkende registers (mear as 5.400 pipen) op fjouwer manualen en pedaal. It front fan it oargel is makke troch Johann Jakob Langhans, Michael Langhans makke de bekroaning (1730) en Johann August Nahl de Aldere die it fykwurk (1750).

Yn 1982 krige it munster oan 'e súdlike muorre fan it koer in nij swellenêstoargel fan 'e firma Metzler. Op itselde plak hong yn 1450 it alderearste oargel fan it munster. De eardere tagong is yn 'e muorre noch sichtber. It hjoeddeiske swellenêstoargel is wat grutte en foarm oanbelanget en yn tal fan details in reproduksje fan it âlde oargel. It ynstrumint hat 14 registers op twa manualen en pedaal.

Kategory:Bern (stêd) Kategory:Katedraal yn Switserlân Kategory:Bouwurk út 1421 Kategory:Bouwurk út 1893