De Sibearyske tsjilling (Anas formosa) is in fûgel út it monotypyske skaai fan de Sibearyske tsjillingen.
Foarkommen De Sibearyske tsjilling is in lytse Aziatyske ein. Mei in 40-43 sm lingte is der krekt wat grutter as de piiptsjilling, hy waacht in 500 gram. De jerke hat in tige opfallende kop mei grien, giel en swarte flakken.
Fersprieding De Sibearyske tsjilling briedt meast by de grutte rivieren fan East-Sibearje lykas de Jenisej. De ein oerwinteret op marren yn Sina en Japan.
Fuortplanting De Sibearyske tsjilling begjint meast ein maaie te brieden. De nêsten wurde yn it gers op de kant fan it wetter makke, it nêst wurdt mei dûns beklaaid. De 6 oant 10 aaien wurde yn 26 dagen útbret.
Sjoch ek List fan fûgels
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Einfûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje