thumb|Simon Stijl Simon Stijl (Harns, 25 febrewaris 1731 - dêre, 4 maaie 1804), wie in Harnzer dokter, politikus en skriuwer.
As tolvejierrige begûn hy oan in stúdzje oan de Frjentsjerter hegeskoalle. Hy promovearre yn 1745 ta Dokter yn de Genêskunde, wêrnei't hy him yn Harns ta wenjen sette en him festige as dokter. Hy skreaun ferskate fersen, gedichten en toanielstikken. Yn 1795 waard hy lid fan de Nasjonale Gearkomste om mei te helpen oan it stiftsjen fan de Bataafske Republyk.
Literatuer De toerbou fan de flekke Brikkekiks yn it lânskip Batrachia. De frijer nei de keunst. Krispyn filosoof, (1768) De opkomst en bloei fan de Feriene Nederlannen, (1774) It libben fan Jan Punt, (1781)
Postúm Op 29 desimber 1860 waard yn Harns in boarstbyld fan him ûntbleate, spesjaal ûntwurpen troch byldhouwer Louis Royer en bekostige út in legaat fan in omke fan him, de Ljouwerter doktor Jan van der Plaats. Dr. J.G. Ottema hâlde yn de Doopsgesinde Fermanje in feestrede.
Keppeling om utens
Simon Stijl in de Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren (DBNL)
Kategory:Frysk dokter Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Frysk politikus Kategory:Patriot Kategory:Persoan berne yn Harns Kategory:Persoan stoarn yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1731 Kategory:Persoan stoarn yn 1804