Anton M.J. (Tom) Gehrels (Haarlimmermar, 21 febrewaris 1925 – Tucson, 11 july 2011) wie in Amerikaansk astronoom fan Nederlânsk komôf.
Yn 'e mande mei Kees van Houten en dy syn frou Ingrid van Houten-Groeneveld hat er tûzenen planetoïden en kometen ûntdutsen. Boppedat hat er in soad boeken skreaun en hat er tegearre mei de Amerikaanske astronoom Bob McMillan it projekt Spacewatch opset. Yn 2007 krige er de Masursky Award. Gehrels joech ienris yn it jier les yn Yndia dêr't er ferbûn wie oan it Physical Research Laboratory yn Ahmedabad.
Gehrels groeide op yn Halfweg en wie yn de Twadde Wrâldoarloch aktyf yn it ferset. Nei't er nei Ingelân ûntkommen wie, waard er per parasjute weromstjoerd as organisator foar Special Operations Executive (SOE) dy't sabotaazjeaksjes tsjin de Dútske striidkrêften útfierde. Nei de oarloch studearre er stjerrekunde oan de Ryksuniversiteit Leien. Yn it begjin fan de jierren '50 emigrearre Gehrels nei de Feriene Steaten. Dêr studearre er oan de Universiteit fan Chicago fierder. Op it lêst ferbûn er him oan it Lunar and Planetary Laboratory yn Tucson, Arizona. Fanwegen de groei fan de stêd en de dêrmei mank geande ljochtfersmoarging, waard yn de jierren '60 in nije lokaasje foar waarnimmingen socht. De Steward Observatory waard boud op Kitt Peak. Op Gehrels' inisjatyf wie it de earste stjerrewacht dy't útrist waard mei in CCD.
De lêste jierren fan syn libben hâlde Gehrels him benammen dwaande mei teoretyske fraachstikken.
Syn soan Neil Gehrels (1952) is astrofysikus.
Boeken Physical Studies of Minor Planets, red. Tom Gehrels (1971), NASA SP-267 Planets Stars and Nebulae Studied With Photopolarimetry, red. Tom Gehrels (1974) Tucson: University of Arizona Press Jupiter: Studies of the Interior, Atmosphere, Magnetosphere, and Satellites, red. Tom Gehrels en Mildred Shapley Matthews (1976) Tucson: University of Arizona Press Protostars & Planets: Studies of Star Formation and of the Origin of the Solar System, red. Tom Gehrels en Mildred Shapley Matthews (1978) Tucson: University of Arizona Press Asteroids, red. Tom Gehrels en Mildred Shapley Matthews (1979), Saturn, red. Tom Gehrels en Mildred Shapley Matthews (1984) Tucson: University of Arizona Press Asteroids II, red. Richard P. Binzel, Tom Gehrels en Mildred Shapely Matthews (1989)Tucson: University of Arizona Press Hazards Due to Comets and Asteroids, red. Tom Gehrels, Mildred Shapley Matthews en A. M. Schumann (1994) Tucson: University of Arizona Press On the Glassy Sea, in Search of a Worldview, Tom Gehrels (2007, oarspronklik publisearre yn 1988), Survival Through Evolution: From Multiverse to Modern Society, Tom Gehrels (2007),
Keppelingen om utenss Tom Gehrels - Astronomy Tree Gehrels – universiteitsside Nekrology – Universiteit fan Arizona Betinking – universiteitsside
Kategory:Amerikaansk astronoom Kategory:Nederlânsk astronoom Kategory:Amerikaansk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Ingelânfarder Kategory:Persoan berne yn 1925 Kategory:Persoan stoarn yn 2011