De 1970-er jierren, ek oantsjut as de santiger jierren en de jierren ’70, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1971 en duorre it oant en mei 31 desimber 1980, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1970 oant en mei 31 desimber 1979. Yn dit desennium gie de Kâlde Oarloch troch, mar kaam der in ein oan 'e Fjetnamoarloch. De Feriene Steaten rekken yn opskuor troch it Watergate-skandaal, dêr't presidint Richard Nixon úteinlings troch twongen waard om ôf te treden. Yn it Midden-Easten waard frede sletten tusken Egypte en Israel, wylst by de Islamityske Revolúsje yn Iraan de sjah ôfset en ferdreaun waard. Yn Kambodja rjochten de Reade Kmer de Kambodjaanske Genoside oan. De wrâldekonomy rekke ûnderwilens, foar in part troch de Oaljekrisis fan 1973, yn 'e nederklits, mei oanboazjende wurkleazens ta gefolch. __TOC__ Oersjoch De 1970-er jierren wiene it fjirde desennium fan 'e Kâlde Oarloch tusken de kapitalistyske Feriene Steaten en de kommunistyske Sovjet-Uny. Hoewol't it gefaar fan in direkte militêre konfrontaasje tusken dy beide supermachten geandewei it desennium ôfnaam, giene de yndirekte konfrontaasjes sûnder skoftsjen troch. Foar de Feriene Steaten waard it begjin 'e santiger jierren behearske troch de slepende Fjetnamoarloch, wêrfan't hieltyd dúdliker waard dat dy net te winnen wie. Begjin 1973 waard mei it kommunistyske Noard-Fjetnam it Ferdrach fan Parys sletten, ûnder de kêsten wêrfan't de Amerikanen har út 'e oarloch weromloeken. Sûnder Amerikaanske stipe koe Súd-Fjetnam it net bolwurkje, en nei de Fal fan Saigon, yn 1975, folge de ienwurding fan Fjetnam ûnder in kommunistysk regear. Oan 'e ein fan 'e santiger jierren stoarte de Sovjet-Uny him yn syn eigen 'Fjetnam' doe't it mei de ynfal yn Afganistan de Russysk-Afgaanske Oarloch begûn.

Foar de Feriene Steaten stiene de santiger jierren fierders benammen yn it teken fan it Watergate-skandaal, wêrby't oan it ljocht kaam dat de Amerikaanske presidint Richard Nixon guon trewanten ynbrekke litten hie yn it haadkantoar fan 'e Demokratyske Partij, mei as doel om 'e ferkiezingskampanje fan syn tsjinstanner te ûndermynjen. Nixon besocht út alle macht it ûndersyk nei it skandaal tsjin te hâlden, wat late ta it ferneamde Sneontejûnsbloedbad, wêrby't er ferskate hege regearingsfunksjonarissen efterinoar ûntsloech om't dy wegeren en fier syn opdracht út om 'e spesjale oanklager Archibald Cox út syn funksje te setten. Dêrmei makke Nixon syn eigen posysje ûnhâldber, en nei't it Amerikaanske Kongres in ôfsettingsproseduere tsjin him yn gong set hie, hold er yn 1974 de ear oan himsels en stapte er op.

Yn Sily kaam yn 1970 Salvador Allende oan 'e macht as de earste demokratysk keazen sosjalistyske presidint fan Latynsk-Amearika. Yn 1973 kaam hy lykwols om by in troch de Amerikaanske feilichheidstsjinst CIA stipe steatsgreep, dy't de faksistyske diktatuer fan generaal Augusto Pinochet oan 'e macht brocht.

Yn it Midden-Easten fûn yn 1973 de Jom Kippoeroarloch plak, de fjirde oarloch tusken Israel en de Arabyske steaten sûnt de oprjochting fan 'e steat Israel yn 1948. Dat wie de iennichste kear dat de Arabyske lannen de oarloch begûnen, mar nettsjinsteande it feit dat se it ferrassingselemint oan harren kant hiene, waarden Egypte en Syrje en harren bûnsgenoaten op oertsjûgjende wize troch Israel ferslein. Tsjin 'e ein fan it desennium wiene alteast tusken Israel en Egypte de relaasjes safierhinne opbettere dat de Egyptyske presidint Anwar Sadat en de Israelyske premier Menachem Begin yn 1978 ûnder bemiddeling fan 'e Amerikaanske presidint Jimmy Carter it Akkoart fan Camp David slute koene, dat de grûnslach lei foar frede tusken harren beide lannen.

Fierder eastlik rekken de Feriene Steaten yn 1979 in trouwe bûnsgenoat kwyt, doe't yn Iraan sjah Mohammed Reza Pahlavi ôfset waard. Nei de Islamityske Revolúsje kaam dêr ajatolla Rûholla Chomeiny oan 'e macht, dy't neat fan 'e Amerikanen hawwe moast en it folk tsjin harren ophyste. Ein 1979 krongen radikale oanhingers fan Chomeiny de Amerikaanske ambassade yn Teheran binnen, en gizelen dêr 52 Amerikaanske diplomaten. Dat ynsidint ûntpopte him ta de slepende Iraanske Gizelderskrisis, dy't oant 1981 ta duorje soe en dy't in swier stimpel drukte op it presidintskip fan Jimmy Carter.

Yn Aazje ûntstie yn 'e 1970-er jierren in hiel nije sitewaasje nei de erkenning fan 'e Folksrepublyk Sina troch de Feriene Naasjes, de dea fan 'e Sineeske 'grutte roerman' Mao Zedong en it begjin fan 'e ienfiering fan kapitalistyske eleminten yn 'e Sineeske ekonomy troch syn opfolgers. Yn Kambodja kamen yn 1975 de kommunistyske Reade Kmer oan 'e macht, dy't ûnder lieding fan Pol Pot tusken 1975 en 1979 de Kambodjaanske Genoside begiene op 'e ynwenners fan harren lân, wêrby't sa'n 2 miljoen minsken omkamen. Yn Súd-Aazje makke East-Pakistan him yn 1971 ûnder de namme Bangladesj los fan 'e rest fan Pakistan. Dêr wie de bloedige Bingaalske Befrijingsoarloch foar nedich, dêr't ek Yndia (oan 'e kant fan Bangladesj) yn behelle rekke.

Underwilens gie yn Afrika, Oseaanje en it Karibysk Gebiet it proses fan dekolonisaasje fierder. Doe't nei de Anjerrevolúsje fan 1974 yn Portegal de demokrasy ynfierd waard, joech ek dat lân syn koloanjes op, en koene lannen as Angoala, Mozambyk, Guinee-Bissau en Kaapverdje einlings selsstannich wurde. In oare Portegeeske koloanje, East-Timor, waard lykwols koart nei de ûnôfhinklikheid anneksearre troch Yndoneezje, wat late ta de Besetting fan East-Timor, dy't hast tritich jier duorje soe. Nettsjinsteande it feit dat hast hiel Afrika oan 'e ein fan 'e jierren santich dekolonisearre wie, waard it wrâlddiel it hiele desennium troch pleage troch hongersneden, oarloggen en boargeroarloggen. Ek steatsgrepen kamen rûnom foar, lykas dy yn Etioopje wêrby't keizer Haile Selassie yn 1974 nei in lang regear ôfset en fermoarde waard. Boppedat waarden frijwol alle Afrikaanske lannen regearre troch diktators, lykas de beruchte Idi Amin, dy't 1971 yn Uganda oan 'e macht kaam.

Kultureel sette de Westerske maatskippij yn 'e 1970-er jierren de fernijings troch dy't yn 'e 1960-er jierren begûn wiene, lykas in tanimmend polityk bewustwêzen by gewoane boargers, in oanwaaksende frijheid fan 'e jongerein en foarútgong op it mêd fan feminisme en emansipaasje fan froulju. Itselde gou foar de Seksuële Revolúsje, wat û.m. late ta it Gouden Tiidrek fan de Pornografy.

Op it mêd fan 'e ekonomy wurde de 1970-er jierren faak sjoen as in draaipunt yn 'e skiednis fan 'e tweintichste iuw. It wie nammentlik de perioade wêryn't in ein kaam oan 'e nei-oarlochske ekonomyske groei, mei as gefolch it sluten fan fabriken, it yn it neigean reitsjen fan hiele tûken fan yndustry (benammen mynbou en de stielyndustry) en tanimmende wurkleazens. Dat proses waard noch frijwat oanboaze troch de Oaljekrisis fan 1973, dy't feroarsake waard troch in embargo fan 'e troch de Arabyske lannen behearske Organisaasje fan Oaljeprodusearjende en -eksportearjende Lannen (OPEC) tsjin bûnsgenoaten fan harren fijân Israel. Alles mei-inoar stoarte dat de Westerske wrâld yn in djippe resesje, dy't sels wer late ta it ferfangen fan 'e Keynesiaanske krisisbestriding, dy't yn 'e 1930-er jierren effektyf bleken wie, troch de opkommende neoliberale ekonomyske teoryen. De ekonomy fan Japan rûn troch alle krises net folle skea op en it lân helle yn 'e santiger jierren West-Dútslân yn om 'e twadde ekonomy fan 'e wrâld te wurden (nei dy fan 'e Feriene Steaten).

Wichtichste foarfallen 1970 5 jannewaris - By de swiere ierdbeving fan Tonghai komme yn súdlik Sina 10.000 oant 15.000 minsken om. 12 jannewaris - Der komt in ein oan 'e bloedige Biafraanske Oarloch yn Nigearia. 11 maart - Yn Irak komt in ein oan 'e Fjirde Koerdysk-Arabyske Oarloch dy't al sûnt 1961 oan 'e gong is, troch it sluten fan 'e Iraaksk-Koerdyske Autonomy-oerienkomst fan 1970. 4 maaie - By anty-oarlochsprotesten op 'e Steatsuniversiteit fan Kent, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, wurde 4 studinten deasketten troch de Nasjonale Garde. 31 maaie - De ierdbeving fan Ancash feroarsaket yn Perû in ierdferskowing wêrby't it stedsje Yungay bedobbe rekket: 47.000 minsken komme om. 4 juny - Tonga wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 22 july - Yn Egypte komt de Aswandaam ree. 10 oktober - Fidzjy wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 24 oktober - De sosjalist Salvador Allende wint de presidintsferkiezings yn Sily. Hy wurdt de earste demokratysk keazen sosjalistyske presidint yn Latynsk-Amearika. 12-13 novimber - De Sykloan fan Bhola treft de tichtbefolke Gangesdelta fan Bangladesj (doe noch East-Pakistan): 500.000 minsken komme om. Dit is (anno 2018) noch altyd de deadlikste stoarm út 'e skiednis fan 'e wrâld.

1971 25 jannewaris - By in steatsgreep yn Uganda komt legerlieder Idi Amin oan 'e macht. 26 maart - Bangladesj, it eardere East-Pakistan, ropt de ûnôfhinklikheid út. Dit is it begjin fan 'e tige bloedige Bingaalske Befrijingsoarloch tsjin Pakistan, dy't mank giet mei de troch it Pakistaanske leger ûnder de Bingaalske boargerbefolking oanrjochte Bingaalske Genoside. 15 augustus - Bachrein wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 3 septimber - Katar wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 9 septimber - Yn 'e Finzenis fan Attica, yn 'e Amerikaanske steat New York, brekt in finzenisoproer út, dat oan 43 minsken it libben kostet: 33 finzenen en 10 sipiers. 25 oktober - De Feriene Naasjes nimme de Folksrepublyk Sina as nij lid op yn it plak fan 'e Republyk Sina (Taiwan), dy't sadwaande syn lidmaatskip ferliest. 29 oktober - Diktator Mobutu Sese Seko neamt syn lân, de Demokratyske Republyk Kongo, om ta Saïre. 2 desimber - De Feriene Arabyske Emiraten wurde ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 3 desimber - Yndia ynterveniëarret oan 'e kant fan Bangladesj yn 'e Bingaalske Befrijingsoarloch. 16 desimber - De Pakistaanske troepen yn Bangladesj jouwe har oer. Ein fan 'e Bingaalske Befrijingsoarloch. De ûnôfhinklikheid fan Bangladesj wurdt no ynternasjonaal erkend.

1972 21 jannewaris - Joegoslaavje ûnderdrukt in demokratisearringsbeweging yn 'e dielrepublyk Kroaasje, dy't bekend stiet as de Kroätyske Maityd. 30 jannewaris - Bloedige Snein: yn it Noardierske Londonderry iepenet it Britske Leger it fjoer op freedsume roomske demonstranten. Dêrby komme 13 ûnwapene boargers om. 21 febrewaris - De Amerikaanske presidint Richard Nixon bringt in steatsbesyk oan 'e Folksrepublyk Sina. Nettsjinsteande alle ûnderlinge ferskillen wurde de relaasjes tusken de Feriene Steaten en Sina oanhelle, om't se in fijân gemien hawwe yn 'e Sovjet-Uny. 30 maart - It selsbestjoer fan Noard-Ierlân wurdt troch it Britske regear ynlutsen. 15 maaie - Arthur Bremer docht in moardoanslach op 'e rasistyske Amerikaanske gûverneur fan Alabama George Wallace. Dy oerlibbet it, mar rekket bliuwend ynfalide. 26 maaie - De Amerikaanske presidint Richard Nixon en Sovjet-lieder Leonid Brezjnjev ûndertekenje it SALT I-ferdrach, dat it tal atoomwapens fan 'e beide supermachten beheine moat. 17 juny - De Amerikaanske plysje arrestearret 5 ynbrekkers yn it Watergate-gebou, yn Washington, D.C., dêr't it haadkantoar fan 'e Demokratyske Partij fêstige is. Begjin fan it Watergate-skandaal, wêryn't oan it ljocht komt dat de ynbrekkers yn opdracht wurken fan 'e (Republikeinske) presidint Richard Nixon. 5 augustus - De Ugandeeske diktator Idi Amin wiist alle Ynjers yn syn lân út. 5 septimber - By it Bloedbad fan München gizelje en deadzje leden fan 'e ekstremistyske Palestynske groep Swarte Septimber 9 leden fan it Israelysk Olympysk team op 'e Olympyske Spullen yn München. 23 desimber - By de swiere ierdbeving fan Nikaragûa komme yn dat lân 11.000 minsken om.

1973 1 jannewaris - Denemark, Ierlân en Grut-Brittanje wurde lid fan 'e Jeropeeske Mienskip. 27 jannewaris - It Ferdrach fan Parys makket in ein oan 'e Amerikaanske dielname oan 'e Fjetnamoarloch.