De Nijjiersrevu fan Koatstertille is in revu fan Koatstertille. De opfiering bart sûnt 1997 yn MFA Tillehûs oan de Goudsjeblomstrjitte yn Koatstertille.

Fan ein augustus ôf binne spilers en rezjy fan de revuploech dwaande mei de tariedings foar de nijjiersrevu. Mei sketskes, lietsjes en dûns wurdt it foarôfgeande jier besjoen en bekommentariearre. Der binne net folle Nijjiersrevu’s yn Fryslân mear oer. Anno 2018 is der neist de revu fan Koatstertille noch de Nijjiersrevu fan De Jouwer.

Under de Tilster Toer Mei de titel Under de Tilster Toer waard troch de nijjiersploech it spits ôfbiten fan Kuturele Haadstêd 2018. Foar dizze 21e nijjiersrevu waarden fan ein desimber 2017 ôf seis foarstellings jûn. Neist santjin folwoeksenen spilen dat jier foar it earst in seistal jongere bern mei. De revu spilet him ôf yn de Kulturele Haadstâd, mar ek Tilster situaasjes as de bio-fergister en de oanbesteding troch Taksy Waaksma krigen omtinken. Yn it skoft en nei ôfrin wie der muzyk.Wâldnet, 31 desimber 2017

Programmatitels (noch net folslein) 2018 - Wannear, wêrom, wêrhinne 2017 - Under de Tilster Toer 2016 - Deryn 2015 - Nij! 2014 - gjin revu troch ferbouwing fan it Tillehûs 2013 - It doarp, de delgong en de dream 2012 - Tolerant nei Trettjin 2011 - De Tille, dêr is't te dwaan 2010 - It is tiid 2009 - Trettjin 2008 - Klokslach Tolve 2007 - Al wer in jier foarby 2006 - Tsien

Kategory:Koatstertille Kategory:Teaterfoarstelling yn Fryslân Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1997 Kategory:Ald en nij