Ringkøbing-Skjern is in gemeente yn de regio Midden-Jutlân (Deensk: Midjylland) yn Denemark. De gemeente ûntstie by de weryndieling fan 2007 troch gearfoeging fan de gemeentes Egvad, Ringkøbing, Skjern, Videbæk en Holmsland. Holmsland woe leaver selsstannich bliuwe, mar it die bliken dat de gemeente dêrfoar te lyts wie.

Ringkøbing-Skjern is wat oerflak oanbelanget de grutste gemeente fan Denemark en de gemeente mei de measte doarpen.

Plakken De tsien grutste plakken fan de gemeenteDanmarks Statistikbank Nr Plaknamme Ynwenners (2012) 1 Ringkøbing 9.705 2 Skjern 7.764 3 Videbæk 4.336 4 Tarm 4.136 5 Hvide Sande 3.059 6 Lem 1.422 7 Spjald 1.271 8 Vorgod-Barde 1.012 9 Tim 868 10 Borris 837

Kategory:Gemeente yn Midden-Jutlân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2007