Michiel de Ruyter is in Nederlânske histoaryske aventoerefilm út 2015 ûnder rezjy fan Roel Reiné. De film spilet yn 'e twadde helte fan 'e santjinde iuw en lit in romantisearre ferzje sjen fan 'e wapenfeiten fan 'e histoaryske Steatske admiraal en seeheld Michiel de Ruyter. De titelrol waard fertolke troch Frank Lammers en de oare haadrollen waarden spile troch Barry Atsma, Charles Dance, Sanne Langelaar en Egbert-Jan Weeber. Michiel de Ruyter waard produsearre troch Klaas de Jong foar syn eigen filmstudio Farmhouse TV & Film. Yn it bûtenlân (útsein Flaanderen) waard de film útbrocht ûnder de titel Admiral, mei as reklameslachsin: Wars are fought by many, history is made by few. De film krige tuskenbeiden kritiken en waard nei Nederlânske mjitstêven in grut bioskoopsúkses.
Plot De film folget it libben fan 'e histoaryske Steatske admiraal en seeheld Michiel de Ruyter oer in perioade fan likernôch in fearnsiuw, fan 1653 oant syn dea yn 1676. Michiel de Ruyter set útein as ûnder de Earste Ingelske Oarloch de âlde Steatske luitenant-admiraal Maarten Harpertszoon Tromp omkomt yn 'e Slach by Ter Heijde. Dêrnei wurdt in fernederjende frede mei Ingelân sletten. Neitiid docht De Ruyter, dy't dan ien fan 'e opkommende stjerren fan 'e Steatske marine is, der alles oan om 'e float wer op te bouwen en fuort te sterkjen.
Under de Twadde Ingelske Oarloch wurdt er troch riedpinsjonaris Johan de Witt oansteld as de nije luitenant-admiraal. Hy ferslacht de Ingelsen yn 'e Fjouwerdeiske Seeslach en fernederet harren mei syn weage Tocht nei Chatham. Diskear is it Ingelân dat in fernederjende frede slute moat. Dêrmei makket De Ruyter de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen ta in grutmacht op see. Underwilens berikt lykwols de ynterne machtstriid yn 'e Republyk, tusken de steatsksinnigen, oanfierd troch Johan de Witt, en de oranjesinnigen, laat troch Willem III fan Oranje-Nassau, stadichoan in hichtepunt.
Yn it Rampjier 1672, wylst de Tredde Ingelske Oarloch útbrekt mei it Keninkryk Ingelân, en tagelyk de Frânske Oarloch mei Frankryk, Keulen en Múnster, wurde Johan en syn broer Cornelis de Witt lyncht troch in oranjesinnige kliber dy't it steedhâlderskip yn Hollân wer ynstelle wol. As Willem III neitiid yndie it amt fan steedhâlder wit te bemachtigjen, wurdt De Ruyter op in ûnmooglike missy stjoerd om Frankryk yn it Middellânske-Seegebiet oan te fallen. Hy komt dan yn 1676 te sneuveljen yn 'e Slach by Agosta.
Rolferdieling haadrollen personaazje akteur/aktrise Michiel de Ruyter Frank Lammers Johan de Witt Barry Atsma Anna de Ruyter-Van Gelder Sanne Langelaar kening Karel II fan Ingelân Charles Dance Willem III fan Oranje-Nassau Egbert-Jan Weeber
byrollen personaazje akteur/aktrise Maarten Harpertszoon Tromp Rutger Hauer Cornelis de Witt Roeland Fernhout Wendela de Witt-Bicker Lieke van Lexmond Marije Stuart Ella-June Henrard Willem Joseph van Ghent Tygo Gernandt Johan Kievit Derek de Lint Hans Willem Bentinck Jelle de Jong Cornelis Maartenszoon Tromp Hajo Bruins Klaartje Pip Pellens De Waerd Victor Löw Cornelis de Graeff Jules Croiset Engel de Ruyter Nils Verkooijen rjochter Van Buuren René van Asten Van Ginneken Gene Bervoets Van Messem Rein Hofman Abraham Duquesne Filip Peeters prins Ruprecht fan de Palts Will Bowden Jan van Brakel Lucas Dijkema Louise de Kérouaille Aurélie Meriel Gijs Bas van Prooijen Kees Joost Koning Neeltje de Ruyter Jada Borsato Maerten Rouke Pouw lulke prinseman Robbert Blokland Greetje de Ruyter Isa Lammers masterkeapman fan de VOC Mike Weerts de Lord Chancellor Daniel Brocklebank George Monck Colin Mace Lord Baron David Corbett Frânsk ofsier ûnder Duquesne Colin Linnekamp Steatsk konstabel Axel Daeseleire Steatsk sjirurgyn Tim de Zwart Steatsk boatsman Dries Vanhegen skipspredikant Fred Omvlee Jacob van Wassenaer Obdam Ids van der Krieken Berend Jack Vlecht konstabel fan Tromp Jenne Decleir Hendrik Dimme Treurniet Hein Klaas van der Eerden dûmny yn 'e tsjerke Reinier Bulder frou njonken Anna #1 Veronieke Schrikx frou njonken Anna #2 Marguerite de Blauw seeman Max van den Burg prinseman yn Fryslân Rense Westra dochters fan Johan de Witt Anne en Iris de Rooij
Produksje Cast en crew Michiel de Ruyter waard regissearre troch Roel Reiné, dy't foartiid benammen karriêre makke hie yn 'e Feriene Steaten. De produsint wie Klaas de Jong foar dy syn eigen filmstudio Farmhouse TV & Film. De distribúsje waard dien troch A-Film. It senario wie skreaun troch Lars Boom, Alex van Galen en Michael Loumeau, wylst Reiné sels ferantwurdlike wie foar de kamerarezjy. De muzyk by de film waard fersoarge troch de Kanadeeske komponist Trevor Morris.
Ein 2011 makke Klaas de Jong bekend dat er dwaande wie mei in nije filmprojekt oer it libben fan Michiel de Ruyter. Yn febrewaris 2012 liet er witte dat er dêrfoar gearwurkje soe mei regisseur Roel Reiné. Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn makken dy beiden harren konkrete plannen foar de film buorkundich. As skriuwer fan it senario waard yn earste ynstânsje Lars Boom oanlutsen, dy't mei De Jong en Reiné in earste kladferzje makke. Dy waard letter útwurke troch Van Galen en Loumeau.――, Roel Reiné maakt speelfim over Michiel de Ruyter, yn: Het Parool, 5 febrewaris 2012.
Foar de film waard in ynternasjonale cast oanlutsen, dy't foar it meastepart bestie út Nederlanners en Belgen.――, Volledige cast Michiel de Ruyter bekend, yn: De Telegraaf, 9 maaie 2014. Foar de titelrol hiene Reiné en De Jong yn earste ynstânsje Yorick van Wageningen op it each, mar om't der mei him gjin oerstimming oer syn salaris berikt wurde koe, waard doe Frank Lammers frege, dy't foar de rol fan De Ruyter syn hier lang groeie liet., Hoofdrol Frank Lammers in Michiel de Ruyter, op: NU.nl, 5 maaie 2014. Aktrise Lieke van Lexmond, dy't Wendela de Witt-Bicker, de frou fan Johan de Witt, spile, fertelde yn in fraachpetear dat de film "in prachtich kostúmdrama" waard en dat har kesjet "flink ynsnuorre" en har "boarsten flink opsnuorre" waarden.――, Lieke van Lexmond "flink ingesnoerd" voor film Michiel de Ruyter, yn: it Algemeen Dagblad, 9 maaie 2014. Distributeur A-Film kundige op 5 juny 2014 oan dat de Britske akteur Charles Dance, bekend fan syn rol as Tywin Lannister yn 'e hitsearje Game of Thrones, de rol fan kening Karel II fan Ingelân op him nimme soe., Game of Thrones-acteur Dance in Michiel de Ruyter, op: NU.nl, 5 juny 2014. Yn Michiel de Ruyter wurdt it meast Nederlânsk praat, mar de Ingelske personaazjes sprekke Ingelsk en de Frânske personaazjes Frânsk.
Opnamen De opnamen fûnen û.m. plak yn Flissingen en op oare plakken yn Seelân, lykas by Feare en by de Alde Haven fan Sieriksee. Oare opnamelokaasjes wiene Amsterdam, op Teksel en it Waad, yn 'e Ridderseal yn De Haach, op it Markizehof yn Bergen op Soom, en op 'e Bataviawerf yn Lelystêd.――, Frank Lammers speelt Michiel de Ruyter in biopic, yn: De Telegraaf, 5 maaie 2014. Yn totaal wiene der mear as fyftich opnamelokaasjes, allegear yn Nederlân. De sênes op 'e Zeven Provinciën, it flaggeskip fan De Ruyter, waarden opnommen op 'e rekonstruksje fan it VOC-skip de Batavia.
Ferskate seeslaggen waarden filme op 'e Markermar, mei mar trije echte skippen; de rest waard letter mei special effects tafoege. Seis fan dy letter tafoege skippen, wêrûnder de Zeven Provinciën, waarden op basis fan tekenings fan It Skipfeartmuseum yn Amsterdam oant yn 'e details neimakke op 'e kompjûter, wylst it foar de rest wat mei de grutte kwaste gie. Ta argewaasje fan regisseur Reiné koene de opnamen op it Binnenhof yn De Haach op it lêste momint net trochgean om't it plein beskikber bliuwe moast foar eventuële aktiviteiten yn it ramt fan 'e fleanramp mei it Malaysia Airlines-tastel boppe de Oekraïne.――, De Ruyter film na MH17 niet welkom in Hofstad, yn: it Algemeen Dagblad, 19 july 2015. It loftbyld fan it Binnenhof dêr't Reiné ferlet fan hie, filme er dêrom fan needs yn Madurodam.――, Michiel de Ruyter moest rollercoaster worden, yn: De Telegraaf, 26 jannewaris 2015. De opnamen namen 46 dagen yn beslach. Der wurken mear as 5.000 figuranten oan 'e film mei.
Budget Reiné en De Jong fûnen foar it bekostjen fan harren filmplannen ferskate partners, wêrûnder de Provinsje Seelân, de Keninklike Marine en de omrop AVROTROS. Ek krigen se €1,8 miljoen subsydzje út 'e saneamde Tilleskoop-seleksje fan 'e NPO, fan it CoBO en fan it Nederlânsk Filmfûns. Dy subsydzje moast wol dield wurde mei de film Publieke Werken, fan Joram Lürsen., Telescoopfilms 2013: Publieke Werken en Michiel de Ruyter, yn: De Filmkrant, 19 april 2013. Yn totaal beskikten de makkers foar Michiel de Ruyter oer in budget fan likernôch €8 miljoen., Michiel de Ruyter-race gaat van start!, yn: De Telegraaf, 25 jannewaris 2015. Dêrmei wiene yn 'e Nederlânske filmskiednis allinnich Zwartboek, The Discovery of Heaven en Kruistocht in Spijkerbroek djoerder., De 5 duurste Nederlandse films ooit, op Algemeen.info, 2 april 2012.
Premiêre en distribúsje Michiel de Ruyter gie op 26 jannewaris 2015 yn It Skipfeartmuseum yn Amsterdam yn premiêre. Fan 29 jannewaris ôf draaide de film yn 'e Nederlânske bioskopen en fan 3 maart ôf yn 'e Belgyske., Tweede trailer Nederlands epos "Michiel de Ruyter", op: FilmTotaal, 24 desimber 2014. Dêr wie behalven de orizjinele film ek in sinsurearre ferzje te sjen foar bern tusken de tolve en sechstjin jier, dêr't in stikmannich grouwélige en bluodderige sênes út weilitten wiene.
Foarôfgeande oan 'e premiêre kaam der út guon fermiddens in protte krityk op Michiel de Ruyter, om't de film it Nederlânske slavernijferline ferhearlikje soe. In aksjegroep mei as namme 'Michiel de Rover' naam it foartou by de protesten. De leden fan dy groep holden út dat De Ruyter in beskermer fan 'e slavehannel wie oer wa't men gjin film meitsje moatte soe. De film bliek trouwens op ien lytse ferwizing nei de VOC nei hielendal net oer it koloniale ferline te gean, mar oer de ynterne polityk fan 'e Republyk en de yngewikkelde relaasje mei Ingelân. Yn NRC Handelsblad nuansearre histoarikus en De Ruyter-biograaf Prud'homme van Reine ek it byld oer de histoaryske figuer fan 'e admiraal: "De Ruyter sa mei klam yn ferbân bringe mei de slavernij is swier oerdreaun. Hy hat yn West-Afrika in pear forten werovere op 'e Ingelsen, dy't troch de Nederlânske Westyndyske Kompanjy foar slavehannel brûkt waarden. Sels hat er him nea direkt mei de slavehannel ynlitten." Doe't Michiel de Rover oankundige om 'e premiêre fersteure te sillen mei in demonstraasje,――, Lawaaiprotest bij première Michiel de Ruyter, op: NOS.nl, 26 jannewaris 2015. drigen guon âld-mariniers, fan wa't der 150 foar de premiêre útnûge wiene, de demonstranten yn 'e haven smite te sillen. Uteinlik wist de plysje in konfrontaasje foar te kommen en ferrûn de jûn sa't foarôf de bedoeling west hie.――, Oud-Mariniers willen Michiel de Ruyter-demonstranten het water in gooien, op: Nieuws.nl, 26 jannewaris 2015
Yn it bûtenlân (útsein Flaanderen) waard de film útbrocht ûnder de titel Admiral, mei as reklameslachsin: Wars are fought by many, history is made by few ("Oarloggen wurde útfochten troch withoefolle lju, mar skiednis wurdt mar makke troch in pear").Yntro fan 'e ynternasjonale ferzje fan Michiel de Ruyter, 30 jannewaris 2016. De film waard al rillegau ferkocht om yn bioskopen fertoand te wurden yn û.m. Dútslân, it Feriene Keninkryk, Fjetnam, Japan, Koeweit en Turkije.――, Michiel de Ruyter naar het buitenland, yn: De Telegraaf, 19 maart 2015. Op 12 maart 2015 wie der in Amerikaanske premiêre yn Hollywood,――, Amerikaanse première voor Michiel de Ruyter, yn: Het Parool, 13 maart 2015. wêrnei't de film ek op guon plakken yn 'e Feriene Steaten yn 'e bioskoop kaam.――, Michiel de Ruyter verkocht aan Verenigde Staten, op: MOVIEnewz, 24 april 2015. Yn april folge in presintaasje fan 'e film op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Peking.――, Film Michiel de Ruyter naar China, yn: De Telegraaf, 1 april 2015.
Histoarisiteit