Kolding is in Deenske gemeente yn it easten fan Jutlân. De hjoeddeiske gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2007 troch de gemeentlike weryndieling yn Denemark. De âlde gemeente Kolding waard mei de doedestiidske gemeenten Lunderskov, Vamdrup, in part fan Christiansfeld en it kerspel Vester Nebel fan de eardere gemeente Egtved gearfoege.

De gemeente Kolding hat in befolking fan 92.515 ynwenners (01.01.2018) en in oerflak fan 604,40 km². De gemeente makket diel út fan de regio Syddanmark. It bestjoerlik sintrum is Kolding. De gemeente wurket yn de regio Trekantområdet tegearre mei fiif oanbuorjende gemeenten.

Plakken Grutste plakken yn de gemeenteDanmarks Statistikbank Nr Plaknamme Ynwenners (2012) 1 Kolding 57.540 2 Vamdrup 5.064 3 Lunderskov 3.010 4 Christiansfeld 2.863 5 Sønder Bjert 2.000 6 Almind 1.687 7 Vester Nebel 1.642 8 Sønder Stenderup 582 9 Jordrup 553 10 Viuf 551

Kategory:Gemeente yn Súd-Denemark Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2007