Vejle is in Deenske gemeente yn it easten fan Jutlân.
De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2007 troch de lanlike gemeentlike weryndieling. De folgjende gebieten binne doe by de gemeente Vejle foege:
de âlde gemeente Velje de eardere gemeente Børkop de eardere gemeente Egtved (mei útsûndering fan de parochy Vester Nebel, dy't by de gemeente Kolding foege waard) de eardere gemeente Give (mei útsûndering fan in diel fan it fleanfjild Billund, dat by de gemeente Billund foege waard) de eardere gemeente Jelling it kerspel Grejs fan de eardere gemeente Tørring-Uldum
De gemeente hat in ynwennertal fan 114.140 (01.01.2018) en in oerflak fan 1.062,00 km². Velje makket diel út fan de regio Syddanmark en wurket mei fiif oanbuorjende gemeente gear yn de regio Trekantområdet (Triangel regio).
De haadstêd fan de gemeente is Vejle. Plakken Grutste plakken fan de gemeente Nr Plaknamme Ynwenners (2017) 1 Vejle 55.876 2 Børkop 5.435 3 Give 4.603 4 Jelling 3.443 5 Brejning 3.016 6 Egtved 2.329 7 Skibet 2.085 8 Bredsten 1.694 9 Ødsted 1.462 10 Thyregod 1.384
Kategory:Gemeente yn Súd-Denemark Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2007