Under de Toer (de offisjele namme is Frysktalich) wie in evenemint dat fan febrewaris oant novimber 2018 yn 'e Nederlânske provinsje Fryslân holden waard yn it ramt fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018. Dêrby waarden 31 pleatslike folksferhalen (oarspronklik 32, sjoch hjir) yn 'e foarm fan teäter ta libben brocht yn foarstellings dy't oer de hiele provinsje ferspraat plakfûnen, fan Hylpen oant Wetsens en fan Hoarn op Skylge oant Aldeberkeap. Mienskiplik hiene al dy ferhalen dat se wat mei in pleatslike toer te krijen hiene: se giene bgl. oer persoanen dy't in bân mei in toer hiene, oer ferneamde foarfallen by in toer of oer foarwerpen yn in toer.

Organisaasje Under de Toer waard organisearre troch de Stichting Under de Toer yn nauwe gearwurking mei de organisaasje fan Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018. It projekt waard mei mooglik makke troch finansjele stipe troch LF 2018 en fan it Prins Bernhard Kultuerfûns. De artistike lieding wie yn 'e hannen fan in projektgroep, besteande út inisjatyfnimmers Jos Thie en Bouke Oldenhof, en fierders Tamara Schoppert, Freek van Duijn en Sjoeke-Marije Wallendal.

Underdielen (op folchoarder fan datum) De Frijtinker 1 o/m 6 jannewaris yn 'e Mauritsiustsjerke yn Drylts De flechtling Tesfalem rekket yn 'e stedsherberge fan Drylts oan 'e praat mei de weardinne Gearte. Hja nimt him mei op in omgong by de tsjerken fan it stedsje lâns en bringt mei har ferhalen de skiednis ta libben. Marijke-Muoi 24 jannewaris o/m 17 maart yn 'e Grutte of Jakobinertsjerke yn Ljouwert Yn augustus 1795 falle radikale Patriotten de Grutte Tsjerke fan Ljouwert binnen, dêr't se de prealgrêven fan 'e steedhâlders fan Fryslân koart en klyn slane. Se stelle weardefolle metalen út 'e grêven en fuotbalje mei de skedel fan Marije Louise fan Hessen-Kassel, byneamd Marijke-muoi, de mem fan steedhâlder Willem IV. Dat histoaryske gegeven wurdt yn 'e foarstelling ferbûn mei de polityk fan 2018, wêryn't populisten oproppe ta de ferdriuwing fan 'e fêstige politike en maatskiplike elite. De Man Dy't Hout Dûnsje Liet 21 o/m 28 febrewaris yn 'e Marijetsjerke yn Mantgum Om 1781 fear houtfiker Hermannus Berkenbijl eltse wike fan Ljouwert nei Mantgum om te wurkjen oan it houtfykwurk yn 'e Marijetsjerke, dêr't er in wier masterwurk ôflevere. Yn 'e foarstelling wurdt libben en wurk fan 'e masterhoutfiker ferbylde. (Dêrnjonken waard yn deselde wike yn Mantgum in houtfykfestival holden, mei útstallings, demonstraasjes en workshops.) Anna Maria 7 o/m 28 april yn 'e Nikolaastsjerke yn Wiuwert Foarstelling oer de bekendste froulike ynwenner fan Wiuwert, de santjinde-iuwske wittenskipster Anna Maria van Schurman, dy't har yn it doarp oansleat by de strange kristlike sekte om Jean de Labadie hinne. Hja die doe ôfstân fan har wurk, en loek har werom op Van Waltastate. In foar in part histoaryske en foar in part fiktive foarstelling oer har libben. Haren in de Wind 13 april o/m 21 oktober yn 'e Mattéustsjerke yn Langsweagen As sneins de minsken nei tsjerke gean, leit de koster in kaam klear foar it ûnderweis ferwaaide hier fan 'e froulju. Nei eltse tsjinst wurdt de toppe hier dy't yn 'e kaam efterbliuwt troch de wyn oer it tsjerkhôf meifierd. Oan 'e hân dêrfan in rige portretten ferweve mei de skiednis fan 'e Mattéustsjerke sels. Bakzeuntjes 21 en 22 april yn 'e Lambertustsjerke yn Arum Foarstelling oer de Fryske seelju út Harns dy't yn earder tiden op 'e Eastsee fearen en sa harren húshâldings ûnderholden. By werkomst wurde de mannen as helden ûnthelle; de bakzeuntjes sjogge dêrnei en dreame derfan dat sy skielk dy seelju wêze sille, mar Gesina har grutte leafde, Claas Doedens, is nea fan see weromkommen. Eltse kear as in skip de haven ynrint, freget se nei him, mar altyd wurdt der skodholle. Oant op in kear in skipper knikt en har meinimt nei in wrâld ûnder wetter. De Klokken fan Berltsum 2 o/m 18 maaie yn 'e Koepeltsjerke yn Berltsum Sûnt 1593 hinget yn 'e Berltsumer Koepeltsjerke in klok, dy't yn 1663 selskip krige fan in swierderen-ien. Tegearre wiene se yn 'e wide omkriten te hearren. De foarstelling ferbyldet de leafde tusken de beide klokken, dy't yn 'e Frânske Tiid faninoar skaat waarden, doe't de swierdere 'manljusklok' út jildneed ferkocht waard nei Mannheim. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waarden beide klokken út harren toer helle om omsmolten te wurden. Dat barde net: beide klokken oerlibben it, mar kamen net wer byinoar. Sint-Vitus Passie 18 o/m 27 maaie yn 'e Sint-Fitustsjerke yn Wetsens Yn 1842 stoart de toer fan Wetsens yn, wylst yn 'e tsjerke de foargonger it ferhaal fan Simson fertelt, dy't op it lêst fan syn libben blyn en tramtearre de Filistynske timpel fan Dagon ynstoarte liet troch twa pylders om te triuwen. Is it tafal, in wjerljochtynslach of de wraak fan Sint Fitus? De 7 fan Sânfurd 24 o/m 16 maaie yn 'e tsjerke fan Sânfurd yn Sânfurd In kompilaasje fan sênes út 'e skiednis fan Sânfurd, dy't yngeane op û.m. it besyk fan Albrecht fan Beieren, de sarkofaach dy't yn 'e tsjerke fûn is, de kij dy't yn 1825 yn 'e tsjerke stiene en de persoan fan 'e molkrider Grutte Meine, in markant figuer út it doarp. Het Fluitschip 25 maaie o/m 3 juny yn 'e Grutte Tsjerke en oare lokaasjes yn Hylpen In ferhaal yn it Hylpersk oer de hannel op 'e Eastsee, dêr't yn 'e santjinde iuw saneamde fluitskippen foar brûkt waarden. Sintraal stiet de leafde tusken de seeman Wibe Aukes en syn ferloofde Jildou, dy't thús yn Hylpen op him wachtet. Oer dy beiden wurdt tagelyk ferteld yn twa aparte ferhaallinen dy't oanhâldend mei-inoar ferbûn wurde. Yn it Skaad fan 'e Toer 25 o/m 27 maaie en 5 o/m 20 oktober yn 'e protestantske tsjerke yn Ryptsjerk Yn Ryptsjerk is ynienen grutte belangstelling foar de tsjerke, mar om in oplibbing fan religiositeit giet it net: der giet in ferhaal om dat der in skat ûnder de tsjerkeflier ferburgen leit. De foarstelling lit sjen wat dat geroft yn it doarp tewei bringt as foar- en tsjinstanners fan it iepenbrekken fan 'e flier mei-inoar deilis reitsje. Een Jammerlijck Klaachlied 1 en 2 juny yn 'e Grutte of Sint-Gertrudistsjerke yn Warkum Op in dei yn 1574 arrivearret skipper Hendrik Spruyt mei syn frou Tryntsje Jâns yn Warkum. Om't fan harren bekend is dat se minnisten binne, wurde se as ketters oppakt, net sasear om't men yn Warkum sa strang yn 'e (roomske) lear is, mar om't minnisten faak begoedige lju binne en harren jild goed brûkt wurde kin foar de oanlis fan seediken. Spruyt wurdt op it merkplein fan besit en klean ûntdien, om dêrnei fêstbûn te wurden op in âlde skûte, dy't yn 'e brân stutsen en nei see ta ôfdriuwe litten wurdt. Wat Zag de Lemster Toer? 2 o/m 3 juny en 27 o/m 30 septimber yn 'e Nederlânsk-herfoarme tsjerke op De Lemmer Yn trijehûndert jier seach de Lemster Toer in protte feroarings, lykas de wichtichste ynkomsteboarne fan it doarp: fan fiskerij nei rekreaasje. De gefolgen dy't de oanlis fan 'e Ofslútdyk op it doarp hie, de teloargong fan 'e fiskerij yn 'e Sudersee en de opkomst fan 'e wettersport komme oan bod, krekt as libben en wurkjen fan ferneamde Lemsters, lykas dichter Fedde Schurer, hurdrider Rintsje Ritsma en turner Epke Zonderland. De Klok en het Meisje 3 o/m 5 juny yn 'e Tomastsjerke yn Ketlik In âldere frou kuieret troch Ketlik, dêr't se al mear as sechstich jier net west hat. Dochs ken in famke dat omhinget by de klokkestoel har wer. Dat fanke wit in bjusterbaarlike protte oer it ferline, en nimt de âlde frou mei op in tocht by oantinkens lâns dy't de frou har miskien wol leaver net tebinnenbringe soe. Het Heilige Hert van Cambuur 13 o/m 24 juny yn 'e Agnestsjerke yn Goutum In jonkje dat mei syn âlden in rûnlieding troch de Goutumer Agnestsjerke kriget, sjocht dêr it wapen fan it aadlike laach fan 'e Camminga's hingjen, de stifters fan Ljouwert, en ken dêr fuort it logo fan fuotbalklub Cambuur yn werom. Syn útrop: "Binne jim ek fan?" foarmet it begjinpunt fan in teätrale syktocht nei de bân tusken de Agnestsjerke en Cambuur. It Paad fan de Wûnderdokter 23 juny yn 'e Sint-Petrustsjerke fan Jistrum It libbensferhaal fan 'e wûnderdokter Joast Wiersma, dy't op it tsjerkhôf fan Jistrum begroeven leit, ferteld yn skilderijen, muzyk, ferhalen en gedichten. Oeds fan Fierwei 27 juny o/m 15 july yn 'e tsjerke fan Friens yn Friens, de Gertrudistsjerke yn Idaerd, de toer fan Eagum yn Eagum en de Finsintiustsjerke yn Reduzum Ynspirearre troch de Odyssee fan Homêros. Under de tuorren fan Friens, Idaerd, Eagum en Reduzum (FIER) wurdt de thúskomst fan 'e oarlochsheld Oeds (Odysseus) spile, mar de feestkommisjes fan 'e doarpen binne drok mei it organisearjen fan festiviteiten yn it ramt fan it projekt Kultureel Haaddoarp 2018. Hja hawwe gjin tiid foar Oeds, mar hâlde har leaver dwaande mei de bou fan in nije fontein. Ienris thús kin Oeds syn draai net fine: hy hâldt en draacht him nuver en berokkenet wiif en bern dêrmei grut fertriet. Fertellendeweis 23 july o/m 6 augustus yn 'e protestantske tsjerke yn Tytsjerk Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waarden yn Tytsjerk 170 roomske flechtlingen út Tyl, yn 'e Betuwe, opfongen. Hja brochten in útlânske taal mei en beliden in oar leauwe, mar waarden gastfrij troch de Tytsjerksters yn harren huzen opnommen. Op 'e ferhalen út dy snuorje wurdt fuortborduerre troch it ferhaleprojekt International ArtCamp Tytsjerk, dat yn 2018 25 keunstners út hiel Jeropa nei it doarp ta brocht hat. De Verdwenen Peerden 3 augustus en 4 augustus yn 'e Bonifatiustsjerke yn Aldeberkeap In foarstelling basearre op it wier barde ferhaal dat twa losrekke hynders ea beskûl sochten yn it yn ferfal rekke tsjerkje fan Aldeberkeap. Nei lang sykjen waarden se dêr allebeide dea oantroffen. Slauerhoff: In Memoriam Patris 4 augustus o/m 6 oktober yn 'e Doarpstsjerke yn Huzum Skriuwer en dichter J.J. Slauerhoff (1898-1936) waard berne yn Ljouwert en befear letter as folwoeksene de wrâldseeën. Hy rekke ynternasjonaal ferneamd en syn wurk waard oerset yn 26 talen. Syn langste gedicht In Memoriam Patris, giet oer de begraffenis fan syn heit op it tsjerkhôf fan Huzum. Yn 'e foarstelling keart Slauerhoff yn 2018 werom nei Huzum op 'e siik nei syn heit. Een Nacht in de Sint-Janskerk 13 o/m 31 augustus yn 'e Sint-Janstsjerke yn Hoarn (Skylge) As in groepke jongerein út nijsgjirrichheid by nacht ynbrekt yn 'e tsjerke, komme se dêr each yn each te stean mei in âldman. Dyselde nimt harren mei op in tocht troch syn oantinkens, dy't nuver genôch weromgeane oant it jier 1230. It liket wol as is de man like âld as de tsjerke. Is er gewoan in beflein ferteller, of is hjir wat boppenatuerliks oan 'e hân? Dodo fan Haska 19 o/m 23 septimber by de kapel fan Haskerdiken yn Haskerdiken In opera yn 'e iepen loft oer it libben fan 'e sillige Dodo fan Haska. Dat wie in geastlike dy't him yn 'e 13e iuw yn Haskerlân fêstige en bekend stie om syn grutte pastorale jeften. De opera lit sjen hoe't er meihelpt by it bewurkjen fan it lân en de oanlis fan seediken. Foar himsels siket er syn heil yn askeze, mar krekt by de kapel fan Haskerdiken wurdt er besocht troch de duvel. Skeltemania 20 o/m 23 septimber yn 'e protestantske tsjerke yn Skettens De helm dy't yn 'e pei fan 'e tsjerke fan Skettens al sûnt minskewitten oan 'e muorre hinget, blykt de helm fan Skelte fan Aysma te wêzen, in Frysk ofsier dy't yn 'e Tachtichjierrige Oarloch fochten hat. In foarwerp dat nea ienige oandacht lutsen hat, wurdt ynienen lanlik nijs, want it giet om in unyk eksimplaar. Dêrby komt de ûntdekking fan in grêfkelder ûnder it grêf fan Skelte fan Aysma, sadat der yn Skettens in soarte fan Skelte-many ûntstiet. De Profylfoto fan Klaas 26 o/m 29 septimber en 3 o/m 6 oktober yn 'e protestantske tsjerke yn Wommels Klaas is boer yn Sweden, mar syn profylfoto op sosjale media is de Fryske flagge op 'e tsjerketoer fan Wommels. Dat is nammentlik syn bertedoarp, dêr't er syn jonkheid trochbrocht hat. Syn ferhaal en de ferhalen fan oare ynwenners en âld-ynwenners fan Wommels foarmje in reade tried troch de foarstelling oer dit doarp yn it hert fan 'e Greidhoeke.