Ærø is in Deenske gemeente yn de regio Súd-Denemark, dy't op 1 jannewaris 2006 ûntstie troch de gearfoeging fan de gemeenten Ærøskøbing en Marstal.
De gemeente beslacht it súdlik fan Fún lizzende eilân Ærø en noch in pear lytsere eilannen.
De gemeente Ærø telt 6.178 ynwenners (1 jannewaris 2018), en hat in oerflak fan 90,10 km².
It riedshûs fan de gemeente Ærø stiet yn Ærøskøbing.
Plakken De grutste plakken fan de gemeenteDanmarks Statistikbank Nr Plak ynwenners (2016) 1 Marstal 2.285 2 Ærøskøbing 937 3 Søby 462 4 Ommel 295 5 Vindeballe 201 6 Bregninge < 200
Kategory:Gemeente yn Súd-Denemark Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2006