Langeland is in Deenske gemeente yn de regio Súd-Denemark, besteande út it eilân Langeland en de lytsere eilannen Strynø en Siø.
De gemeente ûntstie as gefolch fan de gemeentlike weryndieling fan 2007 troch in gearfoeging fan de gemeenten Rudkøbing, Sydlangeland en Tranekær. De gemeente Langeland wurket yn in gearwurkingsferbân mei de gemeente Svendborg.
De Langelandsbrêge (Langelandsbroen) ferbynt it eilân mei it eilân Fún. In feartsjinst fersoarget regelmjittige tsjinsten tusken Spodsbjerg op Langeland en Tårs yn de gemeente Lolland. Plakken Grutste plakken fan de gemeenteDanmarks Statistikbank Nr Plak Ynwenners (2011) 1 Rudkøbing 4.697 2 Tullebølle 797 3 Humble 628 4 Bagenkop 519 5 Lohals 518 6 Snøde 343 7 Lindelse 335 8 Spodsbjerg 216
Kategory:Gemeente yn Súd-Denemark Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2007