De Mongol Derby is in hynstesportevenemint dat sûnt 2009 elts jier yn Mongoalje holden wurdt. It is in úthâldingsrace fan 1.000 km oer it Mongoalsk-Mantsjoerijske Greidlân, in ûnderdiel fan 'e Jeraziatyske Steppe, wêrby't de dielnimmers om 'e 36 oant 40 km fan hynder wikselje moatte. De ryddieren wurde beskikber steld troch nomadyske Mongoalske feehâlders. De race beart it systeem fan boadskippers te pearde nei dat de Mongoalske hearsker Djengis Khan yn 1224 ûntwikkele. Yn 2010 waard de Mongol Derby yn it Guinness Book of World Records opnommen as langste race op mear as ien hynder yn 'e wrâld.
Ferrin It krekte trajekt fan 'e Mongol Derby ferskilt elts jier, en wurdt oant de start fan 'e race geheim holden. De dielnimmers moatte in lânskip trochkruse dat net inkeld út flakten bestiet, mar ek út berchpassen, dellingen, gloaiende en mei bosken begroeide heuvels, sompen, sândunen, furden troch rivieren en drûge streambêden.
Om mei dwaan te meien, moatte de dielnimmers oantoane dat se witte hoe't se mei hynders omgean moatte en dêrnei de tagongspriis fan $13.000 betelje. Dêrfoar meie se 30 Mongoalske hynders brûke, en krije se in team dat harren ûnderstipet, in trije dagen duorjende trening foarôfgeande oan 'e wedstryd en tagong ta de fasiliteiten op 'e halteplakken dêr't fan hynder ferwiksele wurdt, lykas iten en drinken en in pear oeren sliep op in bêd.
By de halteplakken wurde de ynruile hynders ek ûndersocht troch bistedokters, dy't tiidstraffen útdiele meie as der net goed genôch foar de bisten soarge is. De tiidslimyt foar it ôflizzen fan it hiele trajekt fan 1.000 km is tsien dagen. De ruters bringe trochinoar 13 oant 14 oeren deis yn it seal troch. De hynders binne noch heal-wyld, en wegerje soms om te dwaan wat de ruter wol, wat in ekstra útdaging oan 'e race tafoeget.
Dielnimmers Yn (it represintative jier) 2016 diene 21 manlju en 23 froulju mei oan 'e Mongol Derby, dy't út 13 ferskillende lannen kamen. Om 'e westryd út te riden is op himsels al in hiele prestaasje, mei't dat elts jier mar de helte fan 'e dielnimmers slagget. Yn 2017 kaam de dokumintêre All the Wild Horses út, dy't de Mongol Derby as ûnderwerp hat. De makker, Ivo Marloh, naam dêrfoar tusken 2012 en 2016 trije kear sels diel oan 'e race.
Yn 2018 ried de 28-jierrige Friezinne Hinke van der Werf út Dearsum, in dosinte ferpleechkunde oan 'e Hânzehegeskoalle yn Grins, de Mongol Derby yn sân dagen út, trije dagen foar de tiidslimyt. Fan it 44e en lêste plak op 'e earste dei ried hja nei in finish op it 7e plak ta. Boppedat waard har de Vets' Choice Award takend, in priis dy't útrikt wurdt troch de oan it evenemint ferbûne bistedokters, om't se fan alle dielnimmers it bêst om har hynders tocht hie. Mei har dielname oan 'e Mongol Derby helle Van der Werf €3.300 oan sponsorjild op foar it goede doel Dokters sûnder Grinzen (MSF).
Winners jier lân winner(s)2009 Súd-Afrika Mongoalje Charles van Wyk Sjiravsamboo Gabadrach2010 Feriene Steaten Justin Nelzen2011 Súd-Afrika Craig Egberink2012 Ierlân Donal Fahy2013 Ingelân Lara Prior-Palmer2014 Austraalje Sam Jones2015 Súd-Afrika Byeronie Epstein2016 Austraalje Meksiko Kanada William Comiskey Marcia Hefker Miles Heidi Telstad2017 Súd-Afrika Austraalje Barry Armitage Ed Fernon2018 Austraalje Adrian Corboy2019 Feriene Steaten Bob Long
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Mongol Derby
Kategory:Hynstesport yn Mongoalje Kategory:Hurddraverij Kategory:Sportevenemint yn Mongoalje Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 2009