thumb|Frjemde fûgels (2014) De Nijjiersrevu fan De Jouwer is in revu dy't alle jierren yn jannewaris troch in ploech Jousters op de planken brocht wurdt.
Skiednis De earste revu waard yn 1987 organisearre troch de Fryske Krite De Jouwer. Dy Krite wie doe al ien fan de grutste amateurtoanielferienings yn Fryslân. Der binne net folle nijjiersrevu's mear. Yn 2014 wie dy fan De Jouwer de iennige Nijjiersrevu fan Fryslân, mar dat kaam trochdat de ploech fan de Nijjiersrevu fan Koatstertille dat jier net optrede koe fanwegen de ferbou fan harren akkommodaasje, it MFS It Tillehûs.Jouster krante, 29 desimber 2013Webside revu Koatstertille
Ta de minsken fan it earste oere hearden Aukje Steeman en Lammie Toering. Aukje wie neist spylster, de earste 16 revu’s (oant 2002) muzikaal lieder. Dêrnei is sij stoppe. Doe’t yn 2013 de nije stichting oprjochte waard, is Aukje Steeman 5 jier regisseur west. Lammie Toering hat oant en mei 2003 as spylster meidien. De earste revu yn 1987 wie eins in bûnte jûn, letter waard it alle jierren profesjoneler. Doe’t der mear en mear talint fan soms fier bûten de Jouwer kaam, waarden de kosten heger en rûn de bining mei it publyk werom. Troch de hege kosten moast de Fryske Krite him yn 2013 weromlûke. De Stichting Nijjiersrevu de Jouwer waard oprjochte yn 2013 en koe yn 2014 har earste revu foar it fuotljocht bringe. Sûnt dy tiid waard it wer in revu foar en troch Jousters, mei allinnich Jousters yn de haadrol.
De revuploech bestiet út spilers mei ûnderfining en foar in part nije jonge spilers. Yn de revu wurdt mei sankjes en sketskes weromsjoen op it foarôfgeande jier. Elke Nijjiersrevu hat in tema. Der wurdt besocht om markante doarpsbewenners of situaasjes yn de sketskes te ferwurkjen. Ek it nijs út en om De Jouwer is ynspiraasje foar in nije akt.Ljouwerter Krante, 10 desimber 2014 De revu waard yn it begjin trije foarstellingen, letter waard oergien op fjouwer foarstellingen, dy't opfierd wurde yn de earste twa wiken fan it nije jier. De foarstellings binne yn party- en sealesintrum ’t Haske, nei ôfrin is der dûnsjen.
Ferskaat Troch de revu ûntstie om 2002 hinne de band Keatling.Webstee fan Keatling List mei tema's fan de revu thumb|De Beam (2010) thumb|1991 Jier Titel RegyMuzikaal liederBysûnderheden2025(T)SJOCHAnneke van den AkkerHans Wempe2024(Op ’e) Hichte Anneke van den Akker Marcin Rachula 2022Keallepoten, Sturtklokken en oare kofjeAnneke v/d AkkerLeon SmitsUtfieringen yn oktober2020Grut, grutter, grutskAnneke v/d AkkerLeon Smits2019Hulten en BultenAnneke v/d AkkerLeon Smits2018Wy dogge noch in rûntsjeAukje SteemanLeon Smits2017Fjoer en FlamAukje SteemanLeon Smits2016Út en ThúsAukje SteemanLeon Smits2015In Wiete BoelAukje SteemanLeon Smits2014Frjemde FûgelsAukje SteemanLeon Smits Fan 2014 ôf organisearre troch de 'Stichting Nijjiersrevu de Jouwer'2013KrisisRieneke de HaanAtsje Lettinga2012HichtepuntRieneke de HaanAtsje Lettinga201180.000 Kopkes kofjeHerman EmmelkampDurk Brouwer2010De Beam Herman EmmelkampDurk Brouwer2009Kommunikaasje Piet ZeilstraLeon Smits2008Heechste tiid (hoareka) Piet ZeilstraLeon Smits2007Op 'e strjitte Piet Zeilstra Wim Boersma2006Tweintich ! Herman Emmelkamp Leon Smits2005Lêst Herman Emmelkamp Leon Smits2004Famylje Afke Toren Leon SmitsFanôf dit jier is der (nei lange tiid) wer in live band foar de muzikale begelieding.2003Targets Rieneke de Haan2002It Doarp Rieneke de Haan Aukje Steeman2001Nacht Rieneke de Haan Aukje Steeman2000In reis troch de ieu Rieneke de Haan Aukje Steeman1999Media Foppe Kielstra/ Rieneke de Haan/ Lammy Toering Aukje Steeman1998Jild, jild en nochris jild Foppe Kielstra Aukje Steeman1997Gek Foppe KielstraAukje Steeman199610 Jier (feest) Foppe KielstraAukje Steeman1995Toeristen Foppe Kielstra Aukje Steeman1994Wolwêzen Foppe Kielstra Aukje Steeman1993 Plysje Foppe KielstraAukje Steeman1992Toeristen Foppe KielstraAukje SteemanMei muzyk fan Yska de Leeuw en ballet fan de Skarsterlândûnsers ûnder lieding fan Mirim Velthuis. Skriuwers en oersetters, Lammy Toering, Aukje Steeman, Johan Veenstra, Anne van der Mark en Foppe Kielstra. Underwerpen wiene ûnder oare it ôfketsen fan it hoteleilân yn de Tsjûkemar, de mooglike komst fan in MacDrive en it stoart yn De Dolten.1991 Foppe Kielstra Aukje Steeman1990 De Tiid Siebren Sigtema Aukje SteemanDe trettjin spilers brochten tema's as 'Hoe komt it mei it ôffal?' en 'komt der al of net in museum foar moderne keunst?'.<ref>Fjirde Nijjiersrevu op de Jouwer', yn: Jouster Krante</ref>
|1989 |Iepenbier ferfier| Fedde Bergsma |Aukje Steeman
|1988 | | Fedde Bergsma |Aukje Steeman |Skriuwers en oersetters Japke Kornelis, Aukje Steeman, Lammy Toering, Fedde Bergsma. De muzyk wie fan Arend Piersma. Neist de bigband fan Frits Hazeberg wie der ek in optreden fan gymnastykferiening SHELL fan Aldehaske. Tema’s yn de tweintich nûmers tellende programma wiene ûnder oaren: wetteroerlêst en omrop Oskar.Jouster Nijjiersrevu kin besjen lije yn: Jouster Krante
|1987 |De wyn yn ‘e seilen'' Fedde Bergsma Aukje Steeman Fan dit jier ôf organisearre troch Toanielferiening Fryske Krite De Jouwer
Kategory:De Jouwer Kategory:Teaterfoarstelling yn Fryslân Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 2002 Kategory:Ald en nij