thumb|150px|Paniel mei de opstanning fan Kristus op de preekstoel fan de tsjerke yn Longerhou, om 1757 Gerben Jelles Nauta (Wâldsein, 1694 - Snits, 1757) wie in Fryske houtfiker en byldhouwer.

Nauta wie master stien- en byldhouwer yn Snits en waard bekend troch de rynsk fersierde preekstoel fan De Lemmer, dy ’t hy yn 1744-1745 makke. Hy boaske yn 1743 op 49-jierrige leeftyd yn Snits mei Trijntje Clases Oldendorp, dochter fan in Snitser seemleartouwer. Ut dit houlik binne gjin bern bekend.

Yn, nei alle gedachten, 1757 is Nauta yn Snits ferstoarn, syn wurkplak waard oernomd troch de ferneamde byldhouwer Jan fan Nijs.

Inkelde wurken Ek it yn rokoko útfierde sânstiennen bordes fan it Stedhûs fan Snits is fan syn hân.

Koartlyn waard bekend dat ek de prachtige panielen fan de preekstoel fan de tsjerke fan Longerhou troch him makke binne.bled Alde Fryske Tsjerken, juny 2018 Yn 1752 levere hy in wapenpaniel foar de preekstoel fan Aldegea yn de gemeente Súdwest-Fryslân

Kategory:Frysk byldhouwer Kategory:Frysk houtfiker Kategory:Persoan berne yn Wâldsein Kategory:Persoan stoarn yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1694 Kategory:Persoan stoarn yn 1757