Frederik Sigfred Franck (Maastricht, 12 april 1909 - Warwick, New York, 5 juny 2006) wie in keunstskilder, byldhouwer en auteur fan goed 30 boeken oer it bûdisme en oare ûnderwerpen. Hy wie bekend om syn ynteresse yn de spiritualiteit fan de minske. Yn 1945 waard er Amerikaansk steatsboarger. Hy wie tsjeaksjirurch fan berop en wurke fan 1958 oant 1961 yn West-Afrika op mei dr. Albert Schweitzer.
Syn skulptueren binne te finen yn de kolleksjes fan it Museum of Modern Art (New York), it Whitney Museum of American Art (New York), it Fogg Art Museum (Universiteit fan Harvard), it Nasjonaal museum fan Tokio en de Katedraal Saint John the Divine (New York).
Franck syn wichtichste skepping wie lykwols in byldetún en park grinzgjend oan syn hiem yn Warwick, New York, dat er Pacem in Terris neamde, "Frede op Ierde". Yn 1959 kochten Franck en syn oarehelte, Claske Berndes Franck, it terrein mei in âlde nôtmûne, dat yn de rin fan de jierren in soarte fan stoart wurden wie, foar $800. Sy iepenen Pacem in Terris yn 1966 foar it publyk. Dr. Franck wijde it oan Albert Schweitzer, mar ek oan paus Johannes XXIII en de bûdistyske learaar D.T. Suzuki. It pân hat goed 70 bylden en wurdt beheard troch in stichting.
Bibliografy Messenger of the Heart: The Book of Angelus Silesius, with observations by the ancient Zen masters, (World Wisdom, 2005) The Buddha Eye: An Anthology of the Kyoto School and its Contemporaries, (World Wisdom, 2004) What Matters: Spiritual Nourishment for Head and Heart, (Skylight Paths Publishing, 2004) Ode to the Human Face: Seeing/Molding the Human Face As Meditation, (Codhill Press, 2004) A Passion for Seeing: On Being an Image Maker, (Codhill Press, 2003) A Zen Book of Hours, (Codhill Press, 2003) Seeing Venice: An Eye in Love : An Inner Travelogue With 94 Drawings, (Codhill Press, 2002) What Does It Mean to Be Human?, (St. Martin's Griffin, 2001) Pacem in Terris: A Love Story, (Codhill Press, 2000) Fingers Pointing Toward the Sacred: A Twentieth Century Pilgrimage on the Eastern and Western Way, (Beacon Point Press, 1994) Zen Seeing, Zen Drawing: Meditation in Action, (Bantam Books, 1993) A Little Compendium on That Which Matters, (St Martins Press, 1993) To Be Human Against All Odds: On the Reptile Still Active in Our Brain (Nanzan Studies in Religion and Culture), (Asian Humanities Pr, 1991) Life Drawing Life: On Seeing/Drawing the Human, (Great River Books, 1989) Echoes from the Bottomless Well, (Vintage, 1985) Art As a Way: A Return to the Spiritual Roots, (Crossroad Publishing Company, 1981) EveryOne: the timeless Myth of "Everyman" reborn, (Wildwood House Ltd, 1979) The Awakened Eye, (Vintage, 1979) An encounter with Oomoto "The great origin": A faith rooted in the ancient mysticism and the traditional arts of Japan, (Cross Currents, 1975) Christ Equals Buddha, (Wildwood Ho, 1974) Zen of Seeing: Seeing/Drawing as Meditation, (Vintage, 1973) Simenon's Paris, (Dial Press, 1970) Exploding church;: From Catholicism to Catholicism, (Delacorte Press, 1968) My Eye is in Love: Revelations on the Act of Seeing by Drawing, (Macmillan, 1963) African Sketchbok, (Peter Davies, 1962) Days with Albert Schweitzer, (Peter Davies, 1959)
Keppelingen om utens Webside Pacem in Terris Oersjoch, Frederick Frank en syn wurk fan SpiritualityandPractice.com's "Remembering Spiritual Masters" Project. oer syn wurk en ôfbylden fan de krúswei en it ferhaal fan de okse Studintetsjerke Nymwegen
Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk sjirurch Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Amerikaansk byldhouwer Kategory:Amerikaansk keunstskilder Kategory:Amerikaansk sjirurch Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Limburchsk persoan Kategory:Boedisme Kategory:Persoan berne yn 1909 Kategory:Persoan stoarn yn 2006