Erik Seerden (Frjentsjer, 24 desimber 1971) is in earder Frysk keatser fan Frjentsjer, in telch út it geslacht Seerden, dy't winner is fan 'e PC en yn it besit is fan it Klaverke Fjouwer. Hy keatste fan 1990 oant 2017.

Prizen Seerdens meast oansprekkende resultaten yn it keatsen binne de folgjende:Kaatshistorie.nl, besjoen op 30 aug 2018:

1987 - Freule 1e priis 1989 - Jong Nederlân 4e priis 1991 - Jong Nederlân 1e priis 1991 - de Bond 1e priis 1991 - PC 1e priis 1992 - de bond 5e priis 1992 - PC 1e priis 1993 - de bond 1e priis 1993 - PC 1e priis 1993 - Jong Nederlân 5e priis 1994 - de bond 2e priis 1995 - de bond 2e priis 2002 - de bond 3e priis 2004 - de bond 2e priis 2017 - de bond 4e priis

Seerden hat 295 punten yn it Ivich Keatsklassemint en hat yn syn keatskarrière 18 keningskippen behelle. Hy is mei syn maten Rinse Bleeker en Thomas van der Meer it iennichste partoer wêrfan't de leden trije kear op rige de PC wûnen en dêrby elts ien kear kening wiene.LC.nl 28 july 2018, besjoen op 30 aug 2018

Wenplakken Seerden wenne yn Frjentsjer, Huzum en Ljouwert en kaam op de Bûnspartij foar Senioren út foar alle trije.

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn 1971