De Oker is in sydrivier fan de Aller yn de Dútske dielstaat Nedersaksen. De Oker hat in lingte fan 128 km en it streamgebiet omfiemet goed 1800 km2.
De boarne fan de Oker leit op de westkant fan de Bruchberch, de op twa nei heechste berch fan de Harz. Streamôf fan Altenau leit in keardaam yn de Oker, de Okertalsperre. De rivier rint troch Schladen, Wolfenbüttel en Braunschweig, krúst mei in dûker it Mittellandkanal en mûnet by Müden út yn de Aller.
Sydrivieren Fan boarne oant mûning Linker sydrivieren: Lange Abzucht Ohebach Weddebach Warne Brückenbach ThiedebachRjochter sydrivieren: Radau Ecker Ilse Großer Graben Altenau Schunter Bickgraben Keppelingen om utens
Fersmoarging mei swiere metalen fan de Oker Beskriuwing fan it part tusken Kraftwerk en Nachstaubecken mei in soad foto's
Kategory:Rivier yn Nedersaksen