Oppenheim is in stêd oan 'e lofter igge fan de Ryn yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts, likernôch tusken Mainz yn it noarden en Worms yn it suden. De stêd is bekend as wynstêd fanwegen de winen fan it grutte areaal Oppenheimer Krötenbrunnen. Yn 'e stêd is it Deutsches Weinbaumuseum fêstige

Bestjoer Oppenheim is it haadplak fan de ferbânsgemeente Rhein-Selz. Rhein-Selz makket diel út fan 'e lânkring Mainz-Bingen.

It besjen wurdich De fan reade sânstien boude Katarinatsjerke mei oan de noardlike kant de Michaelkapell. De ruïne fan de boarch Landskron. It Oppenheimer Kellerlabyrinth, in likernôch 40 km. lang systeem fan kelders, gongen en treppen fan fiif ferdjippings ûnder de stêd It nasjonale Wynbou Museum De binnenstêd mei fakwurkhûzen en dielen fan 'e âlde stêdsbefêstiging

Ofbylden

Kategory:Oppenheim