Miehlen is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It makket diel út fan 'e Rhein-Lahn-Kreis.

Bestjoer Miehlen is in saneamde Ortsgemeinde yn 'e ferbânsgemeente Nastätten.

Johannes Bückler De ferneamste ynwenner fan Miehlen hat nei alle gedachten Johannes Bückler west (berne yn 'e hjerst fan 1779 yn Miehlen en ferstoarn op 21 novimber 1803 yn Mainz). Bückler hie de bynamme Schinnerhannes of Schinderhannes en wie in krimineel, dy't yn alle gefallen 211 misdieden op syn namme stean hie. Hy makke him fral skuldich oan stellerij, sjantaazje en rôfoerfallen, mar ek rôfmoard en moardzjen waarden bewiisd. Nei syn feroardieling waard Bückler ûnder grutte belangstelling fan it folk op 20 novimber 1803 mei 19 fan syn helpers troch de falbile yn Mainz eksekutearre. Yn it bertehûs fan Bückler oan 'e Hauptstraße 60 is in bibleteek ûnderbrocht, dat besocht wurde kin.

Kategory:Plak yn Rynlân-Palts Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts