De Sionskerk yn Aldskoat is in tsjerke fan de protestanske gemeente It Hearrenfean.

De tsjerke waard yn 'e jierren 1964-1965 neffens tekeningen fan it Amsterdamske arsjitektenburo C. van der Bom & W. Ingwersen as grifformearde tsjerke boud, om't it âlde grifformearde tsjerkje út it ein fan de 19e iuw te lyts woarn wie. Yn 'e eastlike gevel binne brânskildere ramen fan Frits Klein ynbrocht.

De namme fan de tsjerke ferwiisd nei Jesaja 1:27: Yn it rjocht leit Sions behâld en yn gerjochtichheid dat fan dy't har bekeare.

Oargel It oargel fan de Sionstsjerke waard yn 1966 troch de firma Reil út Heerde boud.

Ofbylden

Sjoch ek Trinitas Skoattertsjerke

Keppeling om utens Disposysje oargel

Kategory:Tsjerkegebou op It Hearrenfean Kategory:Bouwurk út 1965 Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân