Foarfallen 1973 - In militêre gûnta oanfierd troch generaal Augusto Pinochet grypt mei stipe fan 'e Amerikaanske feilichheidstsjinst CIA de macht yn Sily. Salvador Allende, de demokratysk keazen presidint, komt om. 1960 - Ofsluting fan 'e Olympyske Simmerspullen yn Rome. 1972 - Ofsluting fan 'e Olympyske Simmerspullen yn München. 1997 - By in referindum yn Skotlân stimt de mearderheid fan 'e befolking foar de ynfiering fan selsbestjoer. 2001 - Yn 'e Feriene Steaten wurde by koördinearre terroristyske oanslaggen twa kaapte ferkearsfleantugen yn it World Trade Center yn New York flein, en ien yn it Pentagon by Washington, D.C. In fjirde fleantúch stoart del yn in fjild by Shanksville (Pennsylvania) as de passazjiers lucht krije fan 'e bedoelings fan 'e kapers en yn opstân komme. Dizze foarfallen komme neitiid bekend te stean ûnder de oerkoepeljende term 9/11, dy't ferwiist nei de datum.

Berne 1729 - Petrus Wierdsma, Frysk jurist en rjochtsgelearde († 1811) 1829 - Thomas Hill, Ingelsk-Amerikaansk keunstskilder († 1908) 1881 - Asta Nielsen ('De Stille Muze'), Deensk aktrise († 1972) 1906 - James Quinn, Amerikaansk sprinter († 2004) 1917 - Ferdinand Marcos, presidint fan 'e Filipinen († 1989) 1917 - Bob Spaak, Nederlânsk sportsjoernalist en presintator († 2011) 1919 - Daphne Odjig, Kanadeeske keunstskilderesse († 2016) 1940 - Brian De Palma, Amerikaansk regisseur 1945 - Franz Beckenbauer, Dútsk fuotballer en fuotbaltrener († 2024) 1948 - Hilbrand Hartlief, Nederlânsk follyballer en sportferslachjouwer († 2006) 1964 - Corinne Staal, Frysk pianiste en komponiste 1967 - Sung Jae-ki, Súdkoreaansk manljusrjochte-aktivist († 2013) 1973 - Tanya Hansen, Noarsk pornoaktrise 1982 - Lieuwe Westra, Frysk hurdfytser († 2023) 1990 - Welmoed Sijtsma, Frysk nijslêzeresse en ferslachjouster

Ferstoarn 1606 - Karel van Mander, Flaamsk keunstskilder en skriuwer (* 1548) 1946 - Arthur van Schendel, Nederlânsk skriuwer (* 1874) 1971 - Nikita Chrûsjtsjov, Russysk politikus en lieder fan 'e Sovjet-Uny (* 1894) 1973 - Salvador Allende, presidint fan Sily (* 1908) 1987 - Lorne Greene, Kanadeesk akteur (* 1915) 1990 - Dirk van der Duim, Frysk maratonrider en alvestêdetochtwinner (* 1908) 2003 - Anna Lindh, Sweedsk politikus (* 1957) 2006 - Lolle Nauta, Nederlânsk filosoof en partij-ideolooch fan de PvdA (* 1929) 2026 - Astrid fan Noarwegen, Noarsk prinsesse (* 1932)

Kategory:Datum 11