Foarfallen 1491 - It Dokkumer Ferbûn wurdt sletten tusken geastliken, eallju, stêden en gritenijen fan Eastergoa en de sted Grins. 1851 - It earste Ferdrach fan Fort Laramie wurdt sletten tusken it regear fan 'e Feriene Steaten en in stikmannich Yndiaanske folken fan 'e Grutte Flakten. 1868 - Yn it ramt fan 'e Komantsjekampanje begjint yn Kolorado de acht dagen duorjende Slach by Beecher Island, tusken in ôfdieling blanke ferkenners fan it Amerikaanske Leger en krigers fan 'e Sjajinnen, Lakota en Arapaho. 1922 - Yn Berlyn wurdt foar de earste kear in film mei lûd fertoand. 1944 - Yn Nederlân fynt de Spoarstaking plak tsjin 'e Dútske besetters. 1944 - Yn 'e Nederlânske provinsjes Noard-Brabân en Gelderlân set de operaasje Market Garden útein. Dêrmei besykje de Alliëarden yn ien kear oer de Grutte Rivieren te kommen en dêrta wurde loftlâningstroepen ynset om 'e brêgen by Nimwegen en Arnhim yn te nimmen ear't dy troch de Dútsers opblazen wurde kinne. 1959 - De earste ôflevering fan 'e bernesearje Pipo de Clown komt op 'e Nederlânske tillefyzje. 1988 - Iepening fan 'e Olympyske Simmerspullen yn Seoel. 1978 - Egypte en Israel slute frede by de Camp David-Akkoarten.
Berne 879 - kening Karel III fan Frankryk († 929) 1795 - Maarten Douwes Teenstra, Frysk skriuwer († 1864) 1819 - Marthinus Wessel Pretorius, presidint fan 'e Súdafrikaanske Republyk († 1901) 1827 - Albert Martin, Nederlânsk keunstskilder en tekener († 1900) 1842 - Algernon Smith, Amerikaansk militêr († 1876) 1883 - William Carlos Williams, Amerikaansk dichter en skriuwer († 1963) 1902 - Sergie Sovoroff, Amerikaansk kajakbouwer († 1989) 1909 - Gerard van Hulst, Nederlânsk keunstner († 1990) 1909 - Piet Worm, Nederlânsk keunstner († 1996) 1917 - Jan Wybenga, Frysk skriuwer († 1994) 1921 - Teade Kingma, Frysk fersetsman († 2011) 1926 - Andrea Kékesy, Hongaarsk keunstrider († 2024) 1938 - H.H. ter Balkt, Nederlânsk dichter († 2015) 1951 - Piet Kleine, Nederlânsk maratonrider 1968 - Anastacia, Amerikaansk sjongster 1991 - Sanne Wevers, Frysk turnster 1991 - Lieke Wevers, Frysk turnster 1996 - Esteban Ocon, Frânsk koereur
Ferstoarn 1609 - Judah Löw ben Bezalel, Tsjechysk rabbyn en filosoof (* tusken 1512 en 1526) 1665 - kening Filips IV fan Spanje (* 1605) 1863 - Albartus Telting, Frysk jurist, taalkundige en politikus (* 1803) 1868 - Kromme Noas (Roman Nose), oarlochslieder fan 'e Súdlike Sjajinnen (* 1823) 1908 - Thomas Selfridge, Amerikaansk militêr en earste minske dy't ferûngelokke mei in fleantúch (* 1882) 1928 - Baptiste Pourier (Big Bat), Amerikaansk ferkenner, tolk en gids (* 1843) 1943 - Stella Agsteribbe, Nederlânsk turnster (* 1909) 1980 - Rex Norris, Ingelsk hockeyer (* 1899) 1980 - Anastasio Somoza, presidint fan Nikaragûa (* 1925) 1985 - Carmen Barth, Amerikaansk bokser (* 1912) 1992 - Ralph Schwarz, Nederlânsk roeier (* 1976) 1996 - Spiro Agnew, fise-presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1918)
Kategory:Datum 17