De Sint-Kristoffelkatedraal oan 'e Grote Kerkstraat yn Roermond is de biskopstsjerke fan it bisdom Roermond, dat de katolike provinsje Limburch omfiemet.
Skiednis thumb|left|Grûnplan fan 'e katedraal. Troch de oanlis fan nije ferdigeningswâlen om 'e stêd hinne kaam de âlde parochytsjerke dêrbûten te lizzen. Dat makke om likernôch 1410 de bou fan in nije tsjerke binne de omwâling needsaaklik, de hjoeddeiske Sint-Kristoffelkatedraal. Noch yn 'e 15e iuw feroaren se it plan fan 'e tsjerke, dat yn 'e foarm fan in Gryksk krús boud wie: it koer waard as in trijeskippige hal foltôge en de tsjerke waard fiifskippich útfierd.
Yn 'e rin fan 'e 16e iuw kaam it bouwurk ree. It oarsprinklik as parochytsjerke boude godshûs krige yn 1661 de status fan katedraal foar it yn 1559 stifte bisdom Roermond.
De Kristoffelkatedraal rekke yn 'e Twadde Wrâldkriich slim skeind, doe't Dútske troepen de deis foar de befrijing fan 'e stêd de 78 meter hege, yn it westlike diel fan it tsjerkeskip ynboude toer opblaasden. Nei de kriich waard de toer yn 'e âlde styl wer opboud. Nije skea rûn de tsjerke yn 1992 op, doe't Roermond troch in ierdskodding troffen waard.
Fan 2005 oant 2007 ûndergyng de katedraal in grutte renovaasje.
Ynrjochting thumb|left|It 13e iuwske Dalheimer Krús. De ynrjochting fan 'e tsjerke datearret út ferskate tiidrekken. Ut de 13e iuw datearret it saneamde Dalheimer Krús, dat nei de sekularisaasje fan it sistjersjinzerke kleaster yn Dalheim (Noardryn-Westfalen) yn 1804 yn 'e hannen fan 'e katedraal oergyng. It renêssânse Sakramintsalter (1593) en de koerbanken binne 16e iuwsk, wylst de rokoko preekstoel en de bychtstuollen(Petrus Vinck) 18e iuwsk binne. Dêrnjonken hingje der in tal skilderijen fan kultuerhistoaryske wearde.
Yn 'e mei in 3,57 meter heech byld fan 'e patroanhillige bekroande toer hingje fiif klokken.
Oargel It haadoargel waard yn 1957 troch de oargelboufirma L. Verschueren út Heythuysen boud en ferfong it yn 'e kriich ferneatige ynstrumint. Dit is it grutte oargel dat boppe de yngong hinget. It koeroargel is ek boud troch Verschueren en wurdt brûkt by de tsjinsten troch de wike en de begelieding fan it koar.
Toerbyld Sint-Kristoffel It oarspronklike toerbyld fan Kristoffel waard troch Theodorus Cox getten en yn 1894 op de spits set. In stoarm ferneatige it byld yn 1921 en it moast dêrnei ferskate ferfongen wurde troch stoarmen, brannen en kriichgeweld. It hjoeddeiske byld waard makke troch Jac Claessens, dy't it byld ek makke hie dat yn 'e Twadde Wrâldkriich fan 'e toer sketten waard.
Keppeling om utens Disposysje oargel
Kategory:Katedraal yn Nederlân Kategory:Tsjerkegebou yn Limburch (Nederlân) Kategory:Ryksmonumint yn Limburch (Nederlân) Kategory:Bouwurk út de 16e iuw Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Roermond